Pindakaas en ferdwaalde buschauffeur

Goed nijs, foar iederien die myn Frysk net lese kin, ik typ myn blogs no ek yn it Nederlans!
Fander dat alles der no twa kear opstiit. Ik wol myn Fryske blo'k's wol oanhalde, want ek al wit ik dat der in soart flaters yn sitte, it is gewoan sa dat ik myn ferhaal dan better dwaan kin.

Foarige wike sneon binne we op jierdeis visite west, myn earste echte jierdei fisite yn Amearika. It wie in bytsje jammer dat de gemiddelde leeftiid run de 80 lei, mar ik ha mie best fermakke.
Die nachts ha we bij de pake en beppe sljipt. De junes seach ik dolfijnen troch it rut!
De oare moarne ha ik de pake en beppe holpen mei wer in oare powerpoint. It is altiid heel grappig, ik bin der de oarinde sneinen elke kear west, en it earste wat we dwaan moesten wie de powerpoint opsiekje want it stiit op de ien oft oare manier noait yn de map wer ik it de wieke der foar yn litten ha, haha. De middeis binne we nei in pumpkin fair west, dat wie sa coel! Der wie in circus (‘Do you know what a circus is?') en fan die huskes ut Barnyard, allegear striepakjes, cowboys op quads, pony's, pompoenen natuurlijk, een maïsdoolhof, allegear kraamkes, ieten, drinken... Echt heel leuk! Ik ha in liter lemonade kocht xd Ik wit ek eindelijk wer dat wurd wei komt, want se ha jir allinich mar lemon ranja ;p Opwei nei hus binne we oer de skyway riiden, wat se jir ek wol de French Fries brege njimme. Jim mat mar even bij de foto's sjin!

Mandei, de dei fan myn Frans presentatie. It gie heel goed, ik ha perongeluk twa minuten praat. It wie oplest erg ferwarrend, al de talen troch elkoar, mar ik ha 300 van de 300 punten kriegen, dus der wie ik wol wer bliid mei. Toen kamen we ut skoalle, buske opsiekje, en der gienen we. We riiden oer Alderman, en bij de stopljochten jerre we rjochts te gean, Omaha op. Mar de buschauffeur riide opiens rjochttroch! Dus wij heel rustig freegje wer we hinne gienen. De buschauffeur skrikt op. Toen riiden we in communitie yn. (Hast jir allegear hoofddiiken, en der tusken yn hast allegear communities mei lytse diekjes.) Riidt der san grutte bus troch de communitie;p Nouja we riiden allegear runtsjes. Oplest sei in jonge dat hij it paat wol wist. Dus hij sa it paat wiise. Oplest kamen we dan wer bij Omaha, mar koest allinich mar rjochts terwijl wij links moesten. Hihii. Dus riiden we de ferkearde kant wer op. Kamen we oplest wer op Alderman, wer in oare communitie yn, en toen hat we der keart. Nei in hele omwei kamen we dan eindelijk bij de busstop oan. De junes nei de youthgroup. Wie wer erg leuk. Ik gie mei Hanna en Andrew oeral runbringe foar use Trunk or Treat neie wike. En der wie in hus die de fersiering foar Halloween al ut hie. Ik skrok mie dea, fleant der opiens in skelet de loft ien. Echt, ik gji sa bang wesen neie wike mandei!

Tiisdei hie ik yn de break myn tos fast nei wiskunde brocht, en ik gie even nei de wc (ja heel interessant). Mar toen siet ik op de wc, gie opiens it bran alarm oa! Iederien wie yn paniek, want der wie namelijk gjin Firedrill plant. Dus ik flucht snel nei it lokaal want ik woe myn tos mei myn paspoort en alles ha, foar at de hele boel yn flammen op gie. Mar die man wie natuurlijk al lang fuort, dus mar snel nei it fersamelplak rinne. Iederien stie der paniekerig te dwaan. Gelukkig blykt it uteindelijk niks te wesen, in lyts famke fan de kleuterskoalle (Die sit yn us skoalle, foar leerlingen die kleuterjuf wurde wolle) hie it alarm oa gean litten... Fjirder wie der in erge stoarm op komst, dus we moesten us foarbereide op in frije dei.

Wansdei wie de loft uteindelijk strak blauw, wienen we foar niks bangpraat. Disse dei ha ik myn klaaiproject oa kriegen. It sjocht der net echt moai ut, maar it gjit om it idee. Ek myn earste 10 op engels helle, yes! De middeis hele middei oan it beljen west, haha. Earst mei Barbara en Lynann, om in tiid foar de sneones oa te praten, om mei myn twirling te begjinnen! Dernei mei Katie, foar it twirlen foar de footballgames. Se soe de oare deis mei skoalle belje om it te regeljen, ik soe in physicaltest dwaan (wat ik ek nog wer bebelle hie;p) en dan koe it freed mar oan gean! Tusken troch ek nog mei Riannon, want sei wist wol in pear dokters die die testen dienen. It lieke it perfecte wiekein te wurden, en ik wie ek echt super enthousiast! Maar natuurlijk kin it dan allinich mar mis gean...

Tongersdeis ut skoalle belle Katie. De freedtes wie de leste homegame, dus it soe ien kear twirlen wurde. Op us skoalle lieket it krekt op Glee, haha. Net in aardige cheerleaderscoach. Se hat speciaal iets tsjin twirlers, omdat har cheerleaders dan net mear safolle liekje. Toen Katie belle foen se it direct al net leuk dus. Se sei dat we de freedtes nei har lusterje moesten. Ik wist echt net mear wat ik dwaan moest. In physical test foar 3 minuten, of miskien wol helemaal niks, en dan foar $65. Mar oan de oare kant, it soe wol echt ge-wel-dig wese at ik gewoan der midden op it football fjilt stie te twirlen! Uteindelijk ha ik de test net dien, en soenen Katie en ik gewoan der hinne gean, en probearje it fjilt op te stoarmjen at de cheerleadercoach even net seach. Maar ja, hoe grut wie die kans. Dat wie teleurstelling numer ien. Dernei lyke it der ek nog op dat ik de sneones net yn Tampa komme koe foar myn twirlen. Der gie myn hele wiekein. Echt in ferskrikkelijke dei. (Ja ik mat mar earlik tsjin jim wese, want it is dus net altiid coel en leuk, al die beslissingen foar die self meitsje...)

De freedtes wie in bijsondere dei, it wie die moarnes foar it earst noadich om in trui oan te dwaan nei de busstop! De middeis iets better nijs, dat ik toch wol nei Tampa koe. De junes hat Katie my ophelle, en binne we nei de footballgame gien. Se ha mie net mear twirle litten. Erg jammer, maar desondanks wol echt een hele leuke jun han! Tarpon stie heel goed foar, mar uteindelijk ha se ferlen mei 25-22, onoasel:p En jammer ek, want se hienen oan freed ta nog mar twa kear ferlen! Nog twa wedstriiden te gean liuw ik, en dan is it seisoen al wer oaron foar de rest fan it jier. Tiidens halftime hat de skoalleband hun show sjin litten, fan Alice in Wonderland. Yn ien wurd; WAUW. Ik ha nog noait san moaie show fan in band sjoen!

Sneon te moarnes betiit op, en nei Tampa! Ik wie der om 9:30 al, want it koe net letter. Tot en mei 1 oere nei teams, solisten en njim mar op sjoen. Ik hie it echt sa mist, ik ha my dus gjin moment ferfeelt! It wie ek leuk om iederien die ik mei de majoretteday kinnen leart hie wer werom te sjin! Smse Joukje Baukje en Fardau (mei syn trijen jer) heel leuk dat it showteam promotie hie, echt goed! Ik ha even in freugdedansje foar jim makke. Om 1 oere hie ik in oere mei Lynann, waaah it wurd echt sa leuk. Ik ha safolle neie dingen leart alwer. De flipserie en fingertwirls ha we klear, werbij Lynann mij filme hat foar it onthalden. Foar de rolls ha ik har mar filme want bij mij fleach it alle kanten ut. Rint se op it einde heel ticht yn myn beeld; seit se: PRACTICE! Haha;p 11 februari ha ik myn earste wedstriid! MEM: wol mem asjeblieft in pakje meitsje? =)
Yn de neimiddei wienen we yn Publix, in mega supermarkt, en se ha jir gewoan in hele pindakaas oadeling. Ik snap de minsken jir net jer. Se stopje oeral pindakaas yn. Hele folle producten die ast gewoan kinst keapje, kinst ek mei pindakaas krije. En at it der net ien sit dan smarre se it der wol op. Se iete jir soms ek gewoan in hele leppel fol mei pindakaas! Jakkie. Ik wacht wol tot dat ik de calvé wer op normale bole mei normale buter kin smarre;p
De junes binne de yn Palm Harbor nei in Halloween festival west. Bedriuwen mochten jir hun bedriuw promote, en wij mochten yn us kostuum run rinne foar snoep;p Jaja, wie echt leuk, no dus myn hele kost fol mei chocola =) Toen it donker wie binne we mei in hayride west. Op in karre mei allegear strie, en der kwamen underweis allegear spoken op us oarun. Prachtig...

Fannemoarn wer betiit ut bed. Ik bin nei it tsjerke west! Ik fun it best eng, yn myn ientsje der hinne, want it gjit jir natuurlijk heel oas as yn Reitsum. Mar okee, even trochsette, ik bin der mar gewoan hinne ron. En uteindelijk blykt it natuurlijk allegear heel erg mei te follen. Hanna Andrew Kaylin en Jenny wienen der ek, dus siet ik net allinich. En it wie nog leuk ek! :D Dernei wer nei hus ron, snel even wat ieten, en toen wer werom, want we hienen oktoberfest! Toen ik der kaam hienen se echt in wereld oan ieten, hie ik foar niks san goeie lunch han;p Hamburgers en hotdogs en salades en pasta's en wast die mar betinke kist. Dus nóg mear ieten;p Der wie in popcorn en in sukerspin machine, wer we ek iets te folle fan ieten ha. In mefrouw wie oan it facepainten, dus ik ha no echt in súper moaie blom oan de sietkant fan myn holle, die ik der net oawoskje wol! Op it einde ha we nog softbal spiele, wie echt leuk. Iederien fan us youthgroup die mei, en selfs de pastor wie oan it softballen! Echt super gesellig.

Nou, it einde fan in moeilijk mar uteindelijk leuke wike.
Ik sil jun mar betiit op bed. Ik bin echt ta oan fekansje, der binne tink ik nog mar fiif of seis nachten west dat ik myn serieuse acht oeren oan sliep kriegen ha, dus it wurd moarns steeds moeilijker om ut bed te kommen.

Ooh, nog even iets wat ik elke kear al soe fertelle. Ik ha echt al super folle fan die Coca-Cola frachtauto's sjoen, die ut de krystreclame. Se binne echt grut, en moai!

Yn myn folgende blog komt it ferhaal oer Halloween, en it antwurd op de fraag at myn klaai it hellet yn de oven. (Of natuurlijk dat iemand oas sien klaai ontploft sadat it die fan mij ek fenielt;p)

Daag!

Alwer twa moanne fan hus!

Ooh jonges, ik kin wol gule!
Disse wieke wie Channing Tatum (Jaa, fan Step up en Dear John) oan it filmjen foar sien neie film yn Tarpon Springs! Mar ik koe der net komme! Op skoalle allegear famkes die mei hem op de foto west wienen... Echt, ik wie heel jaloers.

Fjirder gjit it echt heel goed jer, haha! Soms matte je even ergens in drama fan meitsje no;p 10 oktober wie ik al wer twa moanne fan hus, alwer op 1/5 dus. De tiid fleant echt om.

It majoretterjen rint oant no ta allegear wat yn de soep, wer ik erg fan baal, mar it is net oas. Ik ha wol tastemming kriegen fan skoalle om te twirlen tiidens de footballgames! Maar no mat ik fan skoalle earst in physical test dwaan. Se fertrouwe it net at ik gewoan sees dat my écht niks mankeert. At der namelijk wol wat mis blykt te wesen wol de skoalle namelijk net ferantwoordelijk wese. It probleem is, is dat it bij de dokter jir $145 dollar kost, om san test te dwaan. Dus no mat ik earst in goedkeaperen ien fiene. Waarskijnlijk lukt it ek foar $20 namelik. Wol stie ik yn de krante, jaja!

Hjoed wer in dei frij, numer trije al wer fan de frije dagen. It probleem is dat we der yn dit jier mar fjouwer ha, ergens yn april ha we numer fjouwer. Derneist nog 4 wieken fekansje. Oer fiif wieken eindelijk de earste wieke, foar Thanksgiving. Dan mei kryst twa wieken, en mei springbreak yn maart nog in wieke. Ja, sa moeilijk heinen we it yn Nederlan nog net, dat we mar acht wieken achterelkoar nei skoalle hoefden foar in fekansje. Op skoalle gjit it steeds better. It ritme sit der no helemaal yn, en ik krij ek wat better troch hoe it jir allegear wurket. De leraren jirre binne echt heel leuk! It ienige wat nog steeds net wol is die wekker elke moarne om fiif oere.
Ik ha disse wike myn earste Amearikaanse High School rapport kriegen, en dat sjocht der toch wol moai ut jer. Hie ik earder mar sulke ciifers! Ik ha seis kear in A, dus tusken de njoggen en de tsien. Foar engels ha ik dan in B, tusken de acht en de njoggen. Hast dan ek nog allegear ciifers en die steane foar commentaar. Ik hie 01 en 03; Exellent Performance en Exellent Study Habits! Stiekem bin ik toch wol trots, hihi.

It begjint jir eindelik in bytsje oa te koaljen. Net dat it tiid is foar in jos jer, die ha ik nog steeds net brukt. Maar it is wat ‘frisser'. San 20 tot 25 graden. Ik fyn it heerlijk, mar de measten ha jir moarns al wer in dikke trui oan. It waar is jir wol wat onfoarspelbaar. Twa wieke lyn gie de bel op skoalle, en precies op dat moment begon it te spielen. It reint jir noait in bytsje, it mat altiid oedreaun. Dus ik snel nei de bus. Toen moest ik nei hus rinne. Natuurlijk hie ik myn pease parapluutsje bij mie. Allinich, bij it earste beste stikje wyn gie dat ding binnentse buten. Noh jer, der ron ik, dat ding heeltiid wer omtere. Toen ik tus wie wie it wer droeg natuurlijk!
Wat soms gewoan mis is de kalde noarderwyn mei frisse lucht.

Ik moest disse wike meidwaan oan de FCAT retake. Dat is in test foar de leerlingen op skoalle, die se helje matte foar at se slagje meie op skoalle. Omdat ik dat dus ‘nog net helle hie' moest ik dat ek mar meidwaan. Nouja, ik tocht, dat mat mar even, dat sil ik wol noait helje. Mandei om 7 oere begonnen we. Reading part I wie earst oan de beurt. Ik skrok echt. It wienen fjouwer teksten mei yn totaal 27 fragen, en it wie nog makkelijk dan myn engelse eind examen! Selfs ik hie net iens in wurdenboek noadich. En ast dan sjochst hoefolle minsken it foarig jier net helle hienen, echt net normaal. De tiisdeis siet ik moai yn Spaans, toen wie it acht oere, nei de folgende les, wie it opiens; Hee Hilda, hearsto net yn FCAT te sitten? Oeps;p Wist ik veel dat it twa dagen wienen. Dus Reading part II dien, it selfde idee. Tongersdei moest ik dan wiskunde dwaan. Der ha ik fan 7 tot 12 oere oer dien, dat duorre echt sa lang. Mar derbij wienen it wol wer de makkelijkste fragen die ast die foar stelle kinst. Tsjonge jonge. Maar ja, dat ha ik ek mar wer han.
Fjirder de hele wike mei in Belgisch project foar Frans besig west, mandei mat ik presentere. It mat wol in hele minuut duorje! Yn it frans! Goh dat wurdt wol moeilijk, in minuut fol prate... Enn, ik bin no ek bij de Franse Honor Society! Dat is in soart Fransclub, erg leuk.

Bij art binne we no mei klaai besig. We matte in soart letterbeeld meitsje, wurd natuurlijk wer prachtig hi. Ik wit net wat der fan komt, ik bin ferjitten it wiet te meitsjen wansdei, ik hoop dat ik der mandei nog wat mei kin. At we luchtbellen yn it beeld sitte litte gjit it ontploffen yn de oven, en dan krije we in F, en tegelikertiid ferprutse we de beelden fan de oaren. Dat sil wer krekt wat foar mij wese, ik ha der no al nachtmerries oer. Hoe mat ik no witte at der lucht yn sit of net?
Bij wiskunde ha we wansdei in film sjoen;p The Joy of Mathematics. Echt helemaal geweldig natuurlijk. xd

Fjirder ha ik de oarinde wiken natuurlijk wer heel wat dien.
We binne nei Dolphin Tale de film west. Die sil asen ek wol yn Nederlan komme, hij is echt sá moai! En, hij is yn Clearwater opnaam! Haha, echt leuk jer, allegear beroemde minsken jir om die hinne. Jammer genoch ha ik dus nog net ien spot.

Oaah it neie seisoen fan Glee is jir dus al folop oan de gong, en it is saa leuk! Se ha sulke leuke feskes! Oarinde tiisdei soe ik der natuurlijk wer foar, mar it kaam mar noait. Foenen se basketball belangryker. Jawis! Ik folg ek Pan-Am, dat gjit oer stewardessen, ek leuk.

7 oktober hienen we in toneelstuk mei indinner fan it tsjerke, en wij as youthgroup wienen de obers. Dat wie echt grappig. Mei allegear drinken en iten roen fleane. Tusken troch self heel snel iete. Oarinde mandei binne we nei honeymoon island west, om in auditie filmke foar Hanna op te njimmen. Der wie in man yn in kano die heeltiid hin en wer troch it beeld oan it kano'en wie. Der ha we ek de sinsundergong sjoen, echt sa moai! 23 oktober ha we in OktoberFest. Tiid foar mei om waarskijnlijk baseball en football te spieljen, dat sil wat wurde. Fjirder ha we allegear kraamkes en popcornmachines en sa, der ha ik echt sin yn.

Disse wike bin ik trije kear nei it postkantoor ron, ek wer sa iets. Mandei, ik der fol goeie moed hinne, wienen se ticht omdat it Columbus dei wie. Wat is dat no wer;p Tiisdei mar wer, toen hie ik mear geluk. Mailt mem die middeis dat se de papieren foar de kinderbijslag yn it origineel ha moest, dus ik der juster mar wer hinne rinne. Tsjonge jonge. Mar ja, ha ik myn beweging ek wer han, it is namelijk twintig minuten rinnen fan de bus nei it postkantoor, en dan nog trij ketier nei hus. Toen ron ik der juster, en ik hie moai niks troch. Opiens jer ik allegear wetter, krekt in soart rivierke. Dus ik sjoch even nei rjochst, stiit der hele dyk underwetter! It wie krekt san stroomke ast yn Belgie allegear hast. Ik wit net wer dat uteindelijk no wei kaam, mar ik ha as in echte ramptoerist wol even op de foto set natuurlijk.

Halloween is ek al bijna, En iederien is jir helemaal gek. De buren ha de hele tun fol mei grafstjinnen, en in heks die tsjin de beam oan flein is. En de lerares fan spaans hat de hele klos fol mei allegear enge maskers en geesten. Ik fyn it mar dea eng, want se sitte mie allegear oan te staren. Alle winkels hingje ek fol mei it spul. Juster even costuums besjoen, se ha selfs hunecostuums. Kinst dien hun ferklaaie as eekhoorn of hotdog, it is mar krekt wast leuk fienst

Myn leste ferhaaltsje foar hjoed; wansdei kaam der in frouw mei in fotocamera en in mjitlot oan de doar. Se hat it hele hus op de foto set, en dernei hat se de hele boel opmjitten. Ik lake my slop!Myn keamer wie yn grutte soai, maar gjinien hie mij ek ferteld dat die frouw lans kaam! Gelukkig hie ik myn kost wol goed oproeme;p

Hjoed ha ik dan eindelijk myn earste alligator sjoen! Hij wie heel mini, hihi.

De leste wiken ha ik ek wer wat leuke opmerkingen kriegen, en dit wie toch echt wol ien fan de besten;
Klosgenoat: Wait, are you from Holland or from Polland? Ik: Holland! . Hij: Ooh, thats why! Ik: What? Hij: I was always pretending I was speaking Pollish, but you never reacted!

Fjirder ha ik net sa folle grut nijs, mar no witte jimwer even hoe it der foar stiit.It gjit allegear syn gong wat. Toen ik lesten mei mem oan it skypen wie hie ik der al allegear engelse wurden troch, sonder dat ik dat troch hie. Ja, dat gjit ek goed!

Ik winskje jim allegearin leuke herfstfekansje!

Homecoming

Disse wike wie it Homecoming wike op skoalle!
Sjoen it feit ik eigenlijk nog steeds net wit wat it is, sil ik it even opsiekje. (jaa, goed foarbereid. Ik ha de hele wike feestje fiert, en ik wit nog steeds net werom. )
Oooh wacht, ik snap it! Homecoming is in alde traditie, wer bij ald studenten wer welkom binne op de skoalle. (At ik it goed fertaal fan ut it engels) Mar der giet it net om, it wie in geweldige wike!

Elke dei wie der in oar thema om te ferklaaien. Mandeis, dat wie dus 19 september, wie it colorday. Elke grade hie sien eigen kleur. Juniors wienen blauw, dus ik ek. De moarnes kaam ik bij N&W, en toen helle us leraar syn bureau stoel ut it woskhok. Dus wij allegear heel ferbaast sjin werom dat ding yn it woskhok stie. It wie namelijk sa, freed hienen we in ynfal leraar, en die wie nogal... dik. Echt de breedste man die ik tot no ta sjoen ha (yn it echt) eigenlijk. Wat blykt, de foarige kear dat die man les joen hie yn N&W, wie hij op de bureaustoel fan use leraar sitten gien, en die wie krakt! Haha, tsja, dan mar ferstopje yn it woskhok. Mandei te joenes gean ik nei de youth group fan it tsjerke. We geane earst mei sien allen iten. Disse wike wie it tiid foar spaghetti. Dernei prate we oer in thema, en dan is it tiid foar spultsjes, echt leuk!

Tiisdeis wie it Tourist day. Toch leuk dat ik in I<3NY tshirt ha en in Je t'aime Paris trui, ek nog allebei peas;p Hele folle wienen helemaal yn Disney, mei fan die earen en in dikke trui;p Of natuurlijk Hawaii bloeskes.

Wansdei wie it de dei fan de 1900's, dus koest as de 50's, 80's, wast mar woest. Der ronnen ek leuke figuren tusken. De middeis kaam ik tus, en toen stie der eindelijk it langferwachte knalroase pakketsje foar de doar! Myn twirlskuontsjes (!!) stroopwafels en dropkes. In moai kaartsje ut Bodrum, en Baukje hie de IKEA potleadsjes op stjoert;p Tenks jong;p

Tongersdei wie it schoolcolor day. Dat idee hie ik in bytsje mist;p De kleur fan de skoalle is maroon, in soart read. Ik kaam er tongersdei ek achter dat eigenlijk alle skoalle stuoltsjes, kluskes, doarren en peallen yn die kleur binne. =) Ut skoalle wei hat Rianan my ophelle op myn wei nei hus. Rianan twirlt, en se gie mie meinimmen nei hun training! Wauw.. It begon sa: Okay, let's start with four spins. Okee...! Haha ik mocht in bij trije halde. Dernei begonnen se mei it oefenjen fan hun show. Ik mat eerlijk sese dat hun les in bytsje in rotsooitsje is. De instructie wie de mem mei har dochter, en die sieten constant te praten oer fanalles, en die mem wie gewoan oan it beljen tiidens de les. De fammen wienen heeltiid oan it praten en hun hier oan it dwaan, en ek under de show wienen se gewoan oan it praten of dienen se de helft net! Mar, ik kin niks raars sese, die instructrice hat echt it perfecte team foar har. Se doche allegear echt alles. Allinich gjit it fan gjin meter gelyk, hihi.
Ik soe earst keihurd mei Rianan traine om yn it team te kinnen, maar dat wurd em jammer genoch net want ik bin nog krekt net oan fiif spins ta. Ik hoop wol dat ik elke wike mei Rianan mei komme mei, want oan de kant sil ik genoch leare. Dernei moest Rianan nog les jaan oan in jongere groep, en ha ik mei Katie wat oan it trainen west. Se blykt har diploma helle te hawwen op Tarpon High, dus we hienen genoch te bepraten haha.

De freedtes hienen we frij! Freegje net werom, mar ik foen it wol leuk. We binne nei Honeymoon Island west, der is it echt best wol moai! (ek al;p ik ha asen miljoenen foto's fan allegear stranen, en jim fiene dat allegear op elkoar liekjen, en ik sil se ek wol net mear ut elkoar kinne) De middeis nog even te swemmen west, jaja, yn it butenswembad. Dernei kamen Katie en Taylor mie opheljen. We binne nei Downtown Tarpon Springs gien, en der ha we de Homecoming Parade fan skoalle sjoen! Se hienen glitterspray bij sich, dus we ha us self earst helemaal under glittert;p Dernei nei de Sponge Docks. Yn Tarpon Springs binne se hele folle oan it Sponge Diven. Derom njimt men iederien die nei Tarpon High gjit in sponger xd Best grappig. Wie wol leuk, even wat souvernir winkeltsjes besjoen, en in hele protte sponzen;p Toen binne we nei skoalle gien, nei it football fjilt. Echt sa leuk, iederien wie yn de maroon kleur. We ha allegear kettingen kriegen yn de kleur;p Ik ha in I(L)TS Homecoming t-shirt, jaja. Die krieg ik bij myn homecoming kaartsje. Hij is jammer genoch wiet, dus ik mat nog mar al even in reade ha! Echt apart dat iederien jir yn de skoalle kleuren omrint. Op gewoane skoalle dagen ha ek hele folle gewoan sa'n t-shirt oan, fan Go Spongers ofsa. Ik sjoch dat op it dockinga al gebeuren, dat iederien yn in blauw t-shirt mei I(L)Dockinga oan komt. Hahaa.
De game wie echt heel leuk, we ha won! Ik snap nog steeds niks fan Football, mar at iederien begon te juichen die ik dat ek mar. Katie kaam op in geweldig idee. Sei twirlde namelijk foarig jier foar de football games, en dit jier is der gjin ien mear. Se foen it dus in geniaal idee fan har self om mij dat dwaan te litten. Dus binne we nei allegear minsken ron, en uteindelijk ha we de goeie foen! No mat ik mandei op skoalle die man even opsiekje en dan soe hij dat wol even foar my regelje! Ooh help, sjoche jim mie al, midden op it fjilt foar al die minsken... Maar wol super! Ik wie net sa under de yndruk fan use cheerleaders, haha. Se dienen allinich mar spring paskes, der waar net iens iemand yn de loft smieten!
Bij halftime waren de homecoming queens bekent makke. Twa wike lien koenen alle seniors stemme op ien fan alle senior famkes fan de hele skoalle, die folgens hun homecoming queen wurde moesten. Der fan waren der seis kosen, en die ha de hele wike mei san sjerp om ron, mei Homecoming Court der op. We ha moarns altiid Tarpon News, in soart skoalle journaal, en der yn hienen die fammen allegear promo videos ensa, echt sa leuk! De tongersdeis mocht de hele skoalle op twa famkes stemme. Se ha jir gjin homecoming king, maar twa queens. Echt raar. Se ha trouwens wol in mister Sponger, haha. Nouja dernei de oare helft fan de game sjoen, mar it wie eigenlijk al bekend wa gie winnen, dus dat hie net sa folle nut mear. Maar al bij al dus echt in super leuke dei!

Sneonte jun wie it dan sa fier; de homecoming dance! Ik wist earst net at ik wol hinne soe, mar ik koe wol mei Brittnie (der sit ik neist bij engels) en har friendsje mei. Ik woe it eigenlijk ek net misse, dus ha ik dat mar dien. Okee, it giet jir dus sa. It begon om acht oere. En jonges, it eindige PAS om 12 oere! Wooow. Echt grappig hoe se der jir oer tinke. It wie echt saa leuk, alle, mar dan ek echt alle famkes hienen in jurkje oan. De jurkjes binne jir saa moai, foar prom wol ik echt ien ha! En alle jongens en moai yn pak, geweldig. It wie yn de gymsaal fan skoalle, se hienen alles moai fersiert. Ik ha der jammer genoch gjin foto fan makke, mar echt de hele kant lei fól mei skuon, haha. Gelukkig bin ik heel goed op myn hakken, myn skuon leinen der net tusken. En sa wie ik natuurlijk nog langer. Buten hienen se it ek super moai fersiert, allegear tafeltsjes mei boskjes blommen, leuke ljochtsjes en ballonnen. En ooja, dat wie saa leuk, yn de film hast altiid san tafel mei san bak mei ranja, en dan kist der mei san sleef drinken ut helje. Dat hienen se jir ek!! Waaah! Niemand snapte myn enthousiasme, frjemd genoch. Om 10 oere bin ik wer ophelle, mar it wie wol echt geweldig leuk, ik bin bliid dat ik gien bin!

Fannemoarn ha de pake en beppe my ophelle. Ik moest se namelijk helpe mei de powerpoint, haha. Echt leuk, we binne der sawat oarel oere mei besig west. Dernei ha we mei myn gastgesin yn in restaurant ieten. Haha der geane we foar myn jierdei wer hinne, se ha der sneonte junes namelijk in bandsje, en it is der echt heel gesellig! Ja dat doche se jir mei jierdeis, ut ieten! En dernei nei Downtown, om bij it donker mei ljochtjes in ijsje te ieten. Perfect! Nog mar twa maand wachtsje;p
No sit ik mei Jacob Nemo te sjin, wat is it eigenlijk in geweldige film.

Ooja, ik sil nog even fertelle oer de achtertun buren. Serieus, we witte net wat der gebeurt, mar dat is yn ieder gefal net echt normaal. De earste dei dat ik jir wie wien myn gastgesin erg ferast, want de buren wienen wer tus. Se wienen namelijk san seis moanne fuort west. It rare wie allinich dat it wie de selfde man, allinich mei in oare frouw en bern. Se ha in wieke west, en toen wienen se fuort. Alles wie in heel skoft donker. No kamen se twa wieke lyn wer werom, it hele hus wie beljochte, en se wienen dei en nacht besig mei timmerjen en saagjen en bjimmen hakke. Se riiden ek mei allegear auto's troch de tun, echt raar;p Op in moarne stie der op iens in grutte skutting yn de tun! Toen wie it wer in wieke donker, en no binne se der wer, en no stiit der echt de giganstische barbecue diest oait sjoen hast yn de tun. Se hienen de hele skutting oer hoop helle om die barbecue de tun yn te krijen. Ik fien it best wol grappig.

Nou dit wie it dan, de homecoming wike fan Tarpon Springs High School!

It skilderij

Der bin ik wer!
It waar wol wer ris tiid foar in update tocht ik sa. Dit wurd wer in lang ferhaal, want ik ha wer fanalles belibbe.

Ojee it is alwer twa wieken lyn..

Ik wie bleaun bij mandei 5 september. We hienen laborday, wat betekende dat we frij wienen. Ik wit eigenlijk nog steeds net werom, mar dat makket neat, we hienen frij! We binne earst nei de pake en beppe gien. Se ha mie der fuort achter de computer set, ik moest se helpe mei de foto's organisere. Haha se hienen eigenlijk best folle ferstan fan de computer! We ha nei it stran west, en de junes snert ieten. Sonder hema rookwoarst natuurlijk. :(

De skoalle wike wie net heel spectaculair. Wol begjint it eindelijk wat mear te wennen, de dagen fleane echt om! Ik sit no yn in oare klos foar engels, se foenen de earste te makkelijk foar mij. (Ja ik die gewoan myn best op it huswurk) No ha ik in soart fan engelse Jerney Kaagman as lerares, en we doche serieus niks. Se sit de hele tiid te computerjen, en wij sitte wat te praten. It foardeel is dat ik net mear nei die rare uthoeke fan de skoalle hoef te fleanen.
Bij Spaans moesten we wat dingen fan it boerd oa kopiëre. De dei dernei moest ik mei nog twa oare famkes nei foaren komme, en der kriegen we in grutte mega Twix. Wat blykt, we wienen de ienigen die alles goed kopieert hienen... (Dat jout it niveau in bytsje oan)
De tongersdeis waar ik ut de les helle, ik moest mei spoed nei it hoofdkantoor komme. Ik frege my oa wat ik no wer utfoert hie, it koe net folle raars wese want ik bin natuurlijk heel braaf. Moest ik in engelse test fan hast trije hele lesoeren meitsje, omdat engels myn twadde taal is. Nou jim ha nog noait san onoasele test sjoen. Hiest trije plaatsjes, en dan moest ik oanwiise op welke plaatsje beide skuon op de grun stienen. Tsja, op ien oft oare manier bin ik der foar slagge, dus mei ik jir bliuwe!

De sneones, 10 september, wie ik dus alwer in maand fan hus! De tiid gjit snel.
We binne earst nei Clearwater gien. We wienen der yn in soart Action-winkel, en jim riide noait wat ik dér tsjin kaam:


Haha, de echte! It adres fan Hallum stie der op.
Dernei binne we nei Johnsons Bay west, dat wie in soart pier mei allegear restaurants en souvenirs winkeltsjes, echt mooi. Wie ek wer even grappig, der wie in gigantische brege, en die gie iepen. Dus allegear minsken pakke hun camera's om te filmjen wat foar grutte boat der wol net troch komme soe. En wat komt der oan, in sielboatsje die krekt net nei mei syn sieltsje under de brege troch paste. Al die minsken roemje hurd de camera wer op. Hihi. Dit wie ek de grutte dei, dat ik myn earste USA Donut han ha! Jaja.
De snein te middei gienen we mei de pake en beppe nei in natuurpark. Seinen se, jaa, mast goed utsjin wer ast rinst jer, want it kin wol ris gefaarlijk wese ast in alligator of in slang skrikke list. Oh, okee! Jammer genoch gjin ien fan beide sjoen, maaar, wol in swemmende skildpad! :D

Toen wie it wer tiid foar alwer de fjirde skoalle wike. Ik ha disse wike echt de belachelijkste fraag tot no ta kriegen.
Neist de ‘EUROPE? I thought Holland was in Africa...' en de ‘Holland is a state of Germany. Amsterdam is a city in Holland, en the Netherlands is a town in Amsterdam', krieg ik mandei de fraag: ‘Do you guys have washing machines in Holland?' Eehm...
De man fan wiskunde hie in nei tafeltsje kocht. Hij wist allinich net wat hij der op moest sette, dus stie der mandei in leeg tafeltsje yn it lokaal. Tiisdei hie der de oplossing fun, no stiit der san electrische puntsjeslieper op. It lieket nog steeds in bytsje sneu, mar hij wie der trots op dat it tafeltsje no in functie hie. De wansdeis kriegen we in rapport fan die man. Ja, ik, as grut fan fan wiskunde, ha gewoan in 9.9 gemiddeld;p Wat tinke jim der fan :D

De mode op skoalle is trouwens net om bliid fan te wurden. Se ha jir allegear fan die fjouwerkante berne toskes, fan Dora, Toystory, Spiderman, Hello Kitty, njim mar op. En dan ha se die belachelijk heeg, echt, it sjocht der gewoan net ut! Ik seach lesten selfs in alde beppe mei san toske, wer mat it hinne mei sien allen.

No komt it jer, it oaron wieken, fan 18 en 19 september.
It skilderij.
Yn de planning stie om it wiekein nei Palm Beach, wat oan de Atlantische Oceaan leit, dus de oare kant fan Florida. In tante fan Eric hie namelijk in skilderij makke, en die gienen we opheljen. Dus, der gienen we, fol goeie moed sneon te moarne om acht oere yn de auto. Tiidens de rit ha ik wer in heel oar soart Amerika sjoen, wat jim ek allegear kinne. We namen route 60, en we wienen der echt yn de middle of nowhere. Ien lange rjochte dyk, mei allinich mar plattelan! Ut eindelijk kamen we dan bij in restaurantsje oan, wer ik in heerlijke hamburger ieten ha. Dernei binne we fjirder riiden nei Palm Beach, nei de omme en tante. Eric en ik ferwachten nog al in grut skilderij, om dat we dat op gienen heljen. We komme der binnen, echt it hele hus stie fol mei skilderijen. Ik wie beneid welke foar us soe wese. De tante pakt it skilderij, en ik ha nog noait sa folle moeite dwaan matten om net te leitsjen. Die utdrukking op die gesichten! Hahaa. Se komt der dus oan rinnen mei IT skilderij, wij fol sponning, blykt it in skilderijke fan 15 bij 15 te wesen ;p Binne we derfoar helemaal nei de Atlantische oceaan riiden ;p
Nei de visite binne we nei in playmobil hus west. Dat wie leuk, oeral stienen tafeltsjes mei allegear ferskillende soarten playmobil. Echt alles wat ast die mar betinke kinst. Dernei nei it hotel, in Hilton hotel, mei echt in heel moai utsicht!

De sneines binne we nei it pannekoek restaurant west foar ontbijt. Ik rekje der al hast oan went. Dernei binne we nei Worth Avenue gien. Dat njimme se wol de ‘Rodeo drive' fan Florida. Woow ik ha nog noait sulke moaie husen sjoen! En allegear djoere winkels natuurlijk. We binne der nei hotel Breakers west, en ik ha my nog noait sa onoasel fielt. Ik ron der namelijk yn myn jumpsuit mei myn converse tos, en al die minsken der ronnen yn hun netsjese broek mei fouwen en in louis vuitton tos... Dernei mar wer op de werom reis. We ha dit kear in oare route naam, nog steeds erg onbewoond, mar dit kear mei sa no en dan san typisch amerikaans stedsje lans de route, diest altiid yn de film sjochst.

Nou dat wie it mar wer,
ik sil snel even wat mear foto's der op sette,
dan krije jim der ek nog in bytsje in beeld bij.;p

Ik ha trouwens ek ontdekt wer it wurd 'popcorn' wei komt.
Ja ik hie der nog noait bij nei tocht dat mais yn it engels corn wie;p

Oant de folgende kear mar wer!

UCF Majorette Day!

Disse dei,
wie ge-wel-dig.

ik ha patat ieten!!

Nee grapke, ik sil jim even uitgebreid ferslag jaan.
Jim sille my deels wol compleet foar gek ferklare.

Freedte jun waar ik ophelle troch Barbara en Lynann. Barbara is de foarsitter fan de NBTA west central Florida, en Lynann is har dochter, der hie ik al oer ferteld. We bin nei Barbara's hus riiden, want der gie ik sliepen! En jir komt it compleet foar gek ferklaar gedeelte, want ik hie har dus nog mar ien kear earder sjoen. Mar goed, se wie heel aardig. In echte twirl-beppe. Se hie in baton yn de han, en se die der allegear leuke trucjes mei, jim snappe my wol, trucjes foar ast gewoan stjist te praten. Ik kaam binnen yn hun skuorre, en die stie helemaal fol mei bekers! Net normaal, sommige wienen wol in meter heeg! Nou toen kamen we yn de keuken, en it hele hus stie fol mei majorette dingen, echt saa leuk! Se wiisde mie de keamer wer ik koe sliepe, mei in eigen badkeamer. We ha wat telefisie sjoen. Dat wie echt sa stoer, se wienen oan it worsteljen, en dernei hie die man der in auto race foar, krekt as ien de Cars film! Mar okee, toen soe ik op bed. Der wie it probleem, ik koe myn keamer net mear fiene! Haha dat hus wie echt gigantisch. Dus ik moai wer werom nei de wenkeamer. Barbara, where is my bedroom?(A)

De folgende moarne om healwei sanen der ut, wat eins heerlijk utsliepen wie. Lynann hat my ophelle, en dernei ha we nog trije famkes ophelle. Echt super gezellig yn de auto, Roma hie har ipod op de radio oan sluten, en kei lud set. De hele auto gie op en del, echt geweldig haha. Kei hurd mei sjonge mei fanalles, en natuurlijk ek mei (sorry jongens) Justin Bieber! Ik mat mar myn eigen reallife soap ha, dat heard sa as Amearikaan seinde no. How Hilda became a Bieberfan. Ik beloof dat ik noait wer frolijk sjoch bij in feske fan hem, at ik wer werom kom.


Run tsien oere wienen we yn Orlando. We ha allegear us moaie UCF Majorette Day 2011 t-shirt kriigen. Hij wie better dan dat ‘pease' ding fan Twirl5, dat mat ik der wol even bij sese. Dernei binne we nei it oefen fjilt gien, en toen ron ik opiens tusken allegear staats en us kampioenen yn. Waauw. Lynann stelde even in pear foar oan iederien. En toen foen se it noadich om te sesen dat ik der wie, all the way from Holland. Toen foen iederien dat waauw, yn pleats fan dat Lynann even sei dat ik hun waauw foen. Nouja, toen ha we de routine even oefene, die eigenlijk net it aller moeilijkste wie. Dernei ha we nog in paske oefene foar de parade, en toen wie it oere alwer om! Dat foenen we allegear eins net heel erg, it wie namelijk mear dan 90 degrees Fahrenheit, en ik wit nog steeds net wat dat yn Celsius is. Mar it wie erg warm. Ik bin mei Lynann en nog in pear famkes nei de burger king west, wer ik dus eindelijk myn patat han ha. Oeeh, dat wie lekker!

Om healwei 2 moesten we wer fersamelje op it fjilt. We wienen trouwens mei 95 twirlers yn totaal, best wat. We ha oefene mei de band, die ek nog al grut wie, bijna 300 man! En dan hiest ek nog allegear high school students die der letter bij kamen, die de band bijna ferdulbelden. We ha oarel oere oefene, en dernei moesten we in ontsettend lang ein rinne, om op te stellen foar de parade. Dat lieke sa leuk, iederien hie it t-shirt oan, en we stienen yn trije rijen, dus us optocht wie oneindig lang! Der wienen allegear fersierde weinen en trucks mei musiek en wit ik allegear wat. Echt leuk!

We kamen om fjouwer oere bij in gebouw wer we binnen sitte mochten, yn de airconditioning, heerlijk! We ha even letter dinner kriegen, in sandwich mei in augurk en chips, lekker. It wie mar ‘amazing' dat ik sa folle talen koe prate. Even letter seinen se allegear ouiouii en doei. Dernei ha we allegear omklaait, fan t-shirt nei twirlpakje. Dat lieke sa moai, iederien hie sien eigen oan, dus allegear ferskillende kleuren. De strass stjintsjes en glittersliertsjes binne jir ontsettend ien, want eigenlijk hie echt serieus elk pakje dat. It wienen ek allegear swempakjes! Maar wol moai. Ik hie in swarte, mei wat glitters, dat wie namelijk de ienige die my paste.

Om seis oere binne we achter de band oan run nei it stadion van de UCF Knights ron. Ik hie eigenlijk nog steeds gjin idee wat foar optreden we eigenlijk dwaan gienen, ik tocht namelijk, ‘majoretteday', en allegear bands ensa. Surprise, UCF Knights is in Football Team! We ha dus earst de helft fan it Football game sjoen. Woow, dat wie echt geniaal. Iederien wie knetter gek haha. Ik snapte helemaal niks fan dat hele Football. Iederien gjit ien sien positie stean, dan opiens beginne se allegear op elkoar oa te stoarmjen en elkoar om te smieten, eigenlijk lieke dat best wol leuk. Ik siet my oplest oa te freegjen at Football it selfde wie as rugby. Google seit fan net. Mar it wie sa, dat it oplest 36 tsjin 0 stie. (net dat dat iets mei it feit rugby te meitsjen hat jer, dat ha ik eigenlijk ek nog noait besjoen). Gelukkig stie it goeie team foar! It wie echt krekt in film. Mei cheerleaders, en bands op de tribune, en jongens die hotdogs ferkeapje. En se draaiden allegear leuke feskes. Wij stienen der allegear op de tribune gek te dwaan. Ooh, hie ik al ferteld dat der miljoenen minksen yn it stadion siiten? Okee, dat is in bytsje oerdreaun, mar wol tusenden minsken. Toen wie it halftime, en toen mochten we optrede! Gewoan, der op it fjilt, foar al die minksen... Dat wie echt, echt super. Nouja dernei ha we nog even nei de game sjoen, mar se hienen eigenlijk al compleet won, dus dat hie net folle sin mear. Roma en ik ha in wc socht en omklaait, dernei Lynann socht, en toen binne we mei har en har man Matt yn de auto gien. Underweis binne we nei de McDonalds west, ooh jongens, ik ha myn neie ijsje utfun jir jer. Hot Sundea Chocolate! En it is mar 1 dollar! Ik wie run 5 foar 12 wer tus, nei echt in geweldige super leuke dei, de beste tot no ta, haha.
De foto's komme sa snel mogelijk, dan snappe jim precies wat ik bedoel mei myn film. Ik liuw dat Matt us optreden filme hat, ik hoop dat ik die fiene kin.

Fannemoarn hie ik in carwash! In echte, werbij we mei in buortsje oan de kant fan de dyk stienen, en mei in spons dweiltrochwiet en under it skoem (sucht) boven op de auto sieten te woskjen. Wat tinke jim der fan.
Fannemiddei binne we nei Tampa west te bowlen! Ien kear riide wa at won hat!:D Tampa is echt in moaie sted, mar ik bin der no al best faak lans riiden, ik rekje hast went oan de wolkenkrabbers, haha. Der lei echt in gigantisch cruise skip tsjinoer de bowling, net normaal, dat wie gewoan in complete flat mei swembad inclusief in gliidsbaan! Se woenen mie de rivier sjin litte, dat wie toch wol sa bijsonder. Ja, erg indrukwekkend, in rivier. Der wie ek in gebouw ut, skrik net, 1920! Se seachen my wat raar oan toen se dat erg enthousiast fertelden, en ik begon te leitsjen... Mar it wie wol moai jer. De werom reis riiden we lans de McDonalds. Ik hie Jacob ferteld dat dat ijsje sa lekker wie, en hij praate der de hele dei oer. Haha, dat wie de dollar mear dan waard! Jacob fient it ijsje no ek helemaal geweldig.

Ik sit even te betinken, ik ha disse wike fjirder net folle bijsonders beleefd. Skoalle wurd al bijna normaal.
Ooh, natuurlijk! Ik hie in A op wiskunde! Haha dat is toch leuk. Die man makket heeltiid grapkes, en ik snap se net want ik ferstji foar de helte net wat die man allegear seit, dus ik leitsje der noait om. Hij frege mie fannewike werom ik net lake. Ik sei; I don't get your jokes. En bliikbaar siet ik der ontsettend serieus bij de sjin, dus toen moest die man om mei leitsje. Echt flauw. Ik ha ek in rekkenmachine, in TI. Hij is knal geel! Ik mis myn Casio, jongens, njim noait san rare TI.
Fjirder ha ik disse wike huswurk makke, ut skoalle wei faak krekt even te swimmen, en ik ha spinazie makke! Wat trouwens ek low-fat wie. Ik ha mar sein dat ik graach yoghurt ha soe wolle wer wól fet yn sit, oas wit ik net hoe ik wer werom kom.

Soms ferjit ik wolris dat ik yn Florida bin. Ik bedoel, it gers is jir ek gewoan grien. Mar at ik dan de wereldkaart hingjen sjoch, bin ik toch écht oan de oare kant fan de oceaan. Dat is moeilijk foar te stellen. Mar it is jir geweldig leuk jer. Midden yn de nacht kinst nog gewoan yn de koarte broek run rinne, heerlijk.

Nog even oer it bowlen, ik wie leste.

Tarpon Springs High School

Ojee, ik ha echt ontsettend folle te fertellen. Miskien mat ik mear skriuwe, of gewoan wat dingen fuort litte.

Litte we begjinne mei de picknick fan foarige wike sneon!
It minpunt wie, dat it al om njoggen oere begon. Mar okee, we ha bij de picknick mar moarns ieten, namelijk bagels. Dernei nog wat muffins ensa han, goh heerlijk sun. Ik ha Miranda ontmoet, se is ek in junior, en we ha alfast oapraat dat we 18 november nei Twilight geane!
Oeh dit mat ik even mededele, ik bin dit jier 30 oeren jierdei! :D
Ik ha gjin idee wat we de sneones nog mear dien ha, myn dagboek ha ik freed ek pas bijwurke, werkelijk ien grutte rotsooi want ik helle alles troch elkoar. Ik wit nog wol dat we de junes bij de griek iten ha, en dernei tus Soul Surfer sjoen ha. (Echt in oanriider!)

Sneinte moarne binne we nei de pier fan St. Petersburg west. Trije kear riide, we ronnen oer de pier, en toen ha ik in dolfijn sjoen! Twa om precies te wesen. Echt sa super! Fjirder wienen der allegear platfisken, fleanende fisken, en oare soarten (ja ik ha eins helemaal gjin ferstan fan fisken) en der wie in blauwe krab, die koe super snel swemme, echt heel grappig, it lieke krekt as wie hij heeltiid oan it swaaien. Nou we ha even op de utsjochtoer stien, en dernei wer nei hus. Die junes ha ik oan it babysitten west foar oarel oere, we ha twa kear (!!) pippi langkous, of better sein longstocking sjoen, en pizza ieten. En toen...

wie it mandei 05:20, tiid om op te stean. Dat is echt betiit jer jongens, ik tink dat it noait wenne sil. Op nei skoalle! Om 06:15 gean ik ien de auto nei Palm Harbor High School, en fan der ut giet de skoallebus nei Tarpon Springs. De earste dei op skoalle wie echt heel erg wenne. It is in bytsje in raar systeem. We ha oer de hele dei san perioden. Tusken de perioden troch hast seis minuten de tiid om nei it folgende lokaal te rinnen. En dan tinkst; woow wat lang, nou, dat is dus bijna te koart.
Earst ha ik spaans. Profesora Valeria ha we, se is echt leuk. We krije foar us jierdei allegear in subway sandwich mei drinken en chips, en we meie nog snoepkes utsiekje om te trakteren yn'e klos. Freed gienen we de boeken kafte yn de klos. Dat hienen myn klosgenoaten nog noait dien... Ik wit net hoefolle ik der wol netdien ha.
Dernei ha ik Nutrition and Wellness, dat gjit oer ieten, we geane yn de rin fan it semester ieten siere! Ik bin beneid.
De tredde periode is Art. Myn ferborgen talent.
Dernei ha we in break fan 15 minuten, mar die tiid hast noadich om de wc te fienen en dernei it lokaal wer.
De fjidde periode ha ik pre-calculus. Dat boek hat 1050 bladsiiden (en dan meitsje ik gjin grapke). Die man giet echt heel snel, en it is best moeilijk, mar gelukkig, sa at jim witte, fien ik wiskunde leuk. We ha selfs use earste test al han! Hij wie net hiel moeilijk, dus ik eindigje net krekt as Timmy Turner mei in F.
De fufde periode is psychologie. Dat is echt super interessant, eigenlijk binne minsken mar rare wesens haha.
De seisde (wow ik wit net iens mear it wurd derfoar! :O segsde sees ik altiid liuw ik) periode ha ik frans 05, myn ienige klas dat net 01 is haha. Ik tink dat dat it leukste fak wurd, die mefrouw die we ha is echt geniaal. Se leit de hele tiid dubel fan it leitsjen. We ha eigenlijk nog helemaal niks dien behalve elkoar foarstelle (wer at we nog steeds net mei klear binne omdat die frouw steeds laket).
Dan, eindelijk, de leste periode, Engels. Dat lokaal sit echt op in frjimde uthoeke fan de skoalle, ik mat hast hurdrinne om die seis minuten te heljen. Engels wurd it dreegste, we doche namelijk literatuur, en sjoen it feit dat ik dat foarig jier allegear al dien ha bij nederlans, is it ontsettend saai.
Dan is it ynmiddels 13:33 (ja, precies dan gjit de bel) en ha we lunchpauze. Mar, der ha ik dus ek totaal gjin tiid foar. Ik kom fan die frjemde uthoeke, ik mat de wc siekje, en ferfolgens is it in kunst om dyn skoalle bus te fienen. Der binne namelijk san 25 bussen, en se sjoche der allegear it selfde ut! Dan bin ik om 20 oer 2 bij de bushalte, en nei in pokke ein rinne bin ik om trije oere tus! (Foaral nei hus rinne mei it wiskunde boek wie nogal dramatisch).
Ooja, op wansdeis binne we om 12:30 al frij! Leuk he, dan duorje de lessen mar 35 minuten.
Ik sil it earlik sese, de earste dagen op skoalle foelen net ta. It wie allegear sa grut en gigantisch. Mar it begon te wennen yn de rin fan de wike, en ik tink dat ik oer santrije wike myn plakje wol wat fun ha.
Wat wol erg jammer is,is datder gjin frije kluskes mearwienen, al bij de orientatie net mear. Dus ik ha gjin locker, wat betekend dat ik super faak mei die swiere boeken hin en wer skoalle mat... Victoria, in Belgische exchange student, hat wol ien, mar die hat har eigen slot der al op set omdat iederien har oare code al wist, die dingen binne echt moeilijk te iepenjen!

Mar genoch oer skoalle, iets wer at jim nog helemaal net oan tinke wolle.
Wansdei te middei bin ik dus mei de buorfrouw te kayakken west. Dat wie echt super moai, allegear fleanende fisken, en se hat my nog oer allegear oare fisken fertelt, mar omdat ik de fertaling net wist ha ik gjin idee wat foar fisken dat eigenlijk wienen. De buorfrouw wol fanalles oer de Franse taal witte, en se probearet it goed ut te sprekken, wat best wol lachwekkend wie. Se gjit yn oktober nei Parijs, ooh wat bin ik jaloers.
(Ik mat stiekem even bekenne dat New York geweldig wie, mar Parijs bliuwt echt better)

Tongersdei june bin ik mei Jacob nei de buurjonge west om te wiien. Hij hat san 50 spultsjes. En wij mochten kiese. Just. We kamen ut op Just Dance 2. (Baukje en Ype dat matte jim foar Sinterklaas freegje, dat is echt super leuk!!)

Sneonte moarne hat Lynann mie ophelle, foar it oefenjen foar de majoretteday. (Meesjoret deej)
De routine foar sneon is net heel erg moeilijk, mar Lynann is goed! Se hat oait de twa baton won yn Frankrijk op it WK. It gie tusken har en in Nederlanse. It is in hele leuke groep, se sitte precies op itselfde niveau as my, behalve de rolls natuurlijk (en de lienighiid;p) Ik tink dat ik heel wat kin lere!
Dernei bin ik mei myn gastgesin nei St. Petersburg west, nei de pake en beppe. Wauw die ha echt in super moai hus. Se wenje yn in flat, in soart bejaarden flat, mar wol echt gy-gan-tisch. En ut hun rut kinst super moai de see sjin, en meastal ek dolfijnen! Juster net, want it wetter wie fjisten te waarm, mar dat komt nog wol. We hienen mar besluten om te gean swemmen, se hienen der san swembad liek oan see, dat wie echt moai.
Hahaha toen we der hinne ronnen (rinnen giet meastal net sa hurd mei us) hearde ik iemand op slippers oan kommen die best snel ron. Dus ik gie even oan de kant, ik tink dat sil wol in man wese mei haast ofsa. En wa kaam der oan skeuren, in beppe mei in rolator! Ik lake mie slop, der gie se;p
De weromreis ha we in pizza helle yn de drivetrough en die yn de auto opieten, dat doche se jir dus ek echt!

En dan komme we eindelijk oan bij hjoed. We hienen in orientatie fan de AYUSA! It wie super leuk, der wienen san oare studenten. Phylicia wie der ek, wer ik mei nei New York west ha, en die mei my nei Tampa flein is. Echt leuk om har wer even te sjin. It wie heel gesellig mei alle studenten. Der wienen trije famkes, ut finland, sweden en ien ut frankryk. Derneist nog trije jongens, ien ut spanje, ien ut japan en ien ut taiwan. Wit jim it even, ik ha no adreskes oer de hele wereld, haha.

Janke, ik woe dyn moaie quote nog even melde, want der kin ik nog steeds om leitsje;
Goh se hoare die wol foar de gek. Op televisie die films sitte oars oltiid leuke amerikaanse jongens en die iete ek patat!
Haha, ik ha dus al twa wieken gjin patat han. (Jim hoe jim net drok te meitsjen dat ik dik wur, se iete jir echt ALLES meilow fat...)En ik ha gewoan nog gjin enkele leuke jonge sjoen! (Jaja Marieke en Selle, ik let der op;p) Dus, foar jim allegear goed (of slecht) nijs; ik kom gewoan wer tus jer yn juni, sonder friendsje dat jir run rint en ferwachtet dat ik wer werom kom;p (Oant no ta!)

It stomme is dat ik myn geweldig leuke mopke jir net fertelle kin.
At ik jir sees: What happens with a cherry when he falls out of the tree, dan snapt niemand de grap at ik sees dat it antwurd cherryconcussion is...

Probleem; ik wur asen echt fan fan Justin Bieber. Help me! Yn de planning stiit it sjin fan Never Say Never.

Se smiete jir echt de krante yn de tun, se ha jir echt drive throughs foar álles, en ik ha hjoed ut in beker dronken wer at se yn films ek altiid ut drinke! Amearika ut de film bestiit echt! Burth and Urnie binne jir klaaipopkes, se gienen hjoed op safari. Se beleve jir folle mear as yn Nederlan.

Nou ik sil mar ophalde, dit ferhaal is echt fjisten te lang en in bytsje langtrjiddig. Ik hear it wol he, at it saai is.
Ik wol jim freegje om my in bytsje op de hichte te halden fan de neiste leuke feskes ensa, en ek fan it nijs. Der wurdt jir dus serieus gjin journaal sjoen, en ek gjin radio lustere! Ik mis Ritske Numan bijna...

Echt bedankt foar alle leuke e-mails, reacties under myn blogs en hyvesberichtsjes die ik krij! Sorry dat ik se net allegear metien beantwurdsje, mar ik doch myn best haha.

Ik soe sese; Geniet nog mar even fan jim leste wike fekansje, en foar iederien die nei it HBO giet, succes mei jim introductie wike!

Twirl!

Hooii!

Juster bin ik nei de skoalleband west, en it wie echt geweldig.
Se binne super goed! Ik ha in bytsje mei oefene, en wat les han yn marching,
echt geweldig. Der sitte san 120 man yn!Allinich, se oefenje op tiisdei, tongersdei, freed nei skoaltiid tot 7 oere, en op sneon fan 10 tot 7. Dat mat ek wol, want se binne super goed. Ik soe it best wol graach dwaan wolle, mar dan mat ik er ek echt foar gean. It jammere is dat ik dan sa folle oare dingen soe misse! Ik ha der de hele nacht oer nei tocht, want it wie wol iets wat ik best graach soe wolle, mar ik ha toch mar besluten om dit net te dwaan.

We ha even op internet socht, en ik kaam bij de NBTA fan Florida terjocht. Hjoed ha ik se opbelle, en se wienen súper enthousiast! De mefrouw wol my selfs ophelje fan hus, en my nei Tampa bringe sa dat ik kin traine! Dat fielt wer even better, want ik wist écht net wat ik dwan moest mei de band.

Fannemoarn binne we nei Safety Harbor west, echt in super gesellig stedsje. Allegear gesellige cafés en restaurants. We bin in ein de pier op run. It wie der super rustig, en echt sa moai! Der wienen allegear fan die fleanende fiskjes. Even letter seachen we in platvis, en even dernei kamen der opiens allegear manatees! Dat binne in soart seekei. Wauw, dat wie echt moai.

Jún is er in soart feest fan it tsjerke, en moarntemoarne is der in welkom picknick foar mij. Der komme wat leeftiidsgenoaten ut de buurt, dat wurd fast leuk =) En dan mandei nei skoalle!

Ooh, en om jim even jaloers te meitsjen, oer twa wike komme de pake en beppe tus. Se geane der faak op fisiete, want se wenje lyk oan it stran, en ut hun rut kinst dolfijnen sjin!!

Skoalle Band

Fannejun hie ik oriëntatie op skoalle,
wauw, jim ha nog noait sán grutte skoalle sjoen.
We moesten earst nei de aula komme,
en ik liuw dat die even grut wie as us hele dockinga bovenbouw.
Ik ha myn schedule kriegen, en dernei koenen we mei in kaart runrinne,
om te sjin wer ast al die fakken hiest.
Sa cooel, der binne liuw ik san 21 gebouwen,
en elk gebouw hat dan wer 4 of meer lokalen.
Se ha gjin gongen, dat bin gewoan fan die gigantische betonnen tegels,
wer se in dakje op peallen boven bouwt ha, echt sa leuk!
Stiist eigenlijk gewoan buten foar it lokaal te wachten.
Se wienen jammer genoch troch de lockers hinne,
ik hoop dat ik nog ien ergens wei krije kin =)

Mar okee, ik bin natuurlijk in held yn kaart lezen,
dus gebouw 10, foar spaans, koenen we al net fiene.
Ik even oan in famke freegje, die fuort hearde dat ik net ut de VS kaam,
der gie myn poging. Se wie súper enthousiast dat ik ut NL kaam,
en se woe wol even mei rinne nei gebouw 10. Toen ik myn schedule liet sjin,
stie se fuort stil en sleurde se my mei de oare kont op.
Se seach namelijk dat ik bij de band spiele, en sespiele self ek bij de band.
Ik moest fuort de band director ontmoete.
It bliekt dat se al trije dagen oan it repeteren binne, en ik kin moarn fuort begjinne om mei te dwaan! No komt it; se repetere fan 1 tot 9. Yn de sinne... Dus ik ha fuort mar wat factor 50 kocht, oas komt dat net goed. Ik ha der san sin yn, se wienen super bliid te hearren dat ik al sa lang spiele, ik hoefde net bang te wesen dat ik net yn koe helje wat ik mist hie. Se geane fjirder op yn it jier optreden yn Georgia, en die oare moesten se nog even betinke. 'Maybe New York City or something..'

Ik ha it nou sa plant dat ik moarn trije dingen op it selfde moment ha,
dus dat is wer helemaal goed. Ik kin bij de youth group fan it tsjerke,
in soart club sees mar. Moarne jun ha se jierlijks feest, earst mei sien allen
nei in baseball game, en dernei de hele nacht films sjin en spultsje dwaan.
Ek koe ik moarne jun mei Jennifer mei, se wurket jir bij de praktijk fan myn hostfamily,
as maatschappelijk werker. Se hie moarne jun in sessie mei teenagers,
wer ik folgens har wol in protte fan lere koe. Nouja dat mat ik dus beide misse.

Ik bin fannemoarn nei de bieb ron, myn neie favoriete bestemming jir.
Echt geweldig, se ha gewoan in heel apart hok foar Teenz, en at der in alder komt wurd die fuort stjoert;p Mar der binne dus super leuke boeken, ik ha der fuort fiif mei naam.
Best wol wer toefal; der kaam in frouw op my oa, en die frege at ik de sus wie fan iemand die der wurke. Se hearde dat ik net ut de VS kaam (goh, alwer mislukt, ik ha bliikbaar toch in accent;p) en toen ik sei dat ik ut Nederlan kaam sei se: Dus je spreekt Nederlands?Haha xd Blyktse ek nederlanste wesen.
Even fjirder op hast in boekwinkel, in soart readshop. Ek echt heel leuk, der sit ek in coffeeshop yn.

Neie wike wansdei gean ik mei Nancy, de buurfrouw, te kayakken nei Honeymoon Island! Ik mat har de Franse utspraak lere, wer ik natuurlijk in held yn bin. Se giet nei Parijs yn oktober, en dan wol se alles wol goed sese kinne. Haha, dat wurd wat, le tour d'eiffel wie al moeilijk! Maar wol super leuk dat se mie meinjimt.

Ooh, oer de mobiel, die man hat my 'yn de sek naait' want no kin ik net internationaal texte.
Jim kin mij wol smskes stjoere, (net te folle dwaan, dat kost my jilt:p) mar ik kin dus net wer werom smse... achja, dat oerleef ik ek wol wer. Ik ha no wol in echt 727 numer, dat fielt wol heel leuk. =) No mat ik em nog ut de holle lere...

Ek nog even oer it ferkear.. Dat is jir sa raar. Se ha gjin stopljocht foar de bocht om. Dus dan kinst gewoan troch it reade ljocht fan de rjochttroch sjese. Echt frjimd.. En de fiets dan, se ha jir gewoan op in trijebaans dyk in streepke oan de sietkant lutsen, en derneist kinne se fietse. Echt super gefaarlijk dus.

Nou, dat wie it dan mar wer!