Palm Harbor
Wauw, ik wit bijna seker dat jim nog noait safolle op ien snein en mandei dien ha,
mar earst sneon.
Sneon 13 augustus
We moesten om 5 oere opstean, snel even douche, en toen mei de hele koffer boel nei beneden. Dat wie best in gesjouw, sjoen it feit dat se yn it hotel flierbedekking hienen, en dat wol fan gjin meter riide mei die koffers, mar goed, we binne der kaam. We binne nei it fleanfjilt riiden, en om 8 oere gie usfleantug. OpChicago moesten we in hele tiid wachte foarit fleantug nei Tampa. Gelukkig wie ik mei Phylicia, sei fleag ek neiTampa.We hienen hast in oere fertraging fanwege it minne waar.Bij Tampa moesten we oan de achterkant it fleantug ut, mei in trapke nei buten. We kamen buten, en oooh, it is jir SA waarm. Echt net normaal. We moesten mei in treintsje nei de bagage, sa grut wie it der. Toen mei de roltrap nei beneden, en der stie myn gastgesin! Se hienen allegear ballonnen en blommen en tekeningen,echt super leuk. We ha underweis even ergens ieten, en toen snel nei hus. En waauw, dat is moai! Echt indikke villawijk jir. Ik sil snel even in blokje om om wat foto's te meitsjen, dansnappe jim wat ik bedoel. Ik ha myn eigen keamer, super grut. Fanut myn keamer kinst ynMYN badkeamer komme, en fanut der wer yn de inloopkast. Yn de tun rinneeekhoorns run, en fan die lytse gekko's.Soms, waar my heel normaal ferteld, kin der ek wolris in slang krupe, en ooja, in alligator is ek net onmogelijk. Ooh, okee!
Snein 14 augustus
Ik waar betiid wekker makke troch Jacob, hij wachtet elke moarne foar myn doar tot ik kom. Even iten, en dernei ha we in wandeling makke. Der is jir in swembad ticht bij, wer ik sa even yn kin, dat is gewoan gratis. Der is ek hast noait ien, dus dat is wol lekker. Dernei ha ik even mei Jacob boarte (jaa mem en baukje, jim lese it goed!). Toen binne we nei Clearwater gien, underweis even wat iten, en derneinei it stran! Waah dat wie sa moai, it wetter is ek gewoan super waarm! Toen binne we wer werom riiden, en ha we wer even boarte. Dernei binne we nei de supermarkt gien. Ik ha mar safolle mogelijk grjinte yn it karke smieten. Toen ha we spaghetti ieten, en die joenes binne we nog nei de boekwinkel west. Oohja, se hienen in film huurt. Best grappig, hast in automaat mei touchscreen. Kist yntype welke film ast wolst, dan betellest in dollar, en dan komt te film der ut, krekt as in blikje cola ofsa xd En ast em dan wer werom bringe wolst, dan dochst em yn in gleufke, krekt as de pinpas, en dan iet de automaat em op. xd hahaa.
Mandei 15 augustus
Alwer in lange dei. De wekker betiit, want ik moest nei de health centre ofsa. Ik ha in prik kriegen (gratis??) want oas mocht ik net nei skoalle. Se seinen dat ik die prik al 5 kear hearder han hie, dus dat moest wol goed komme. Nou okee dan mar. Dernei binne we nei Tarpon Springs High gien, waah wat moai! Echt super grut. Se hienen gewoan in gebouw apart foar de administratie, wer we hinne moesten. De minksen der wienen super aardig. Toen ik ynskreaun wie, moest ik even wachtsje, en toen kaam ik Victoria tsjin, se is in exchange student ut België! Sa leuk, allinich praat se gjin Nederlands, mar Frans. Mar yn ieder gefal. Toen moest ik nei in mefrouw ta foar de fakken. Wie sa grappig, ik mocht sitten gean, en se seit: Wat wolst? Niks wie ferplicht! En no sille jim wol tinke, wat hat se wer belachelijke fakken utkosen foar al it leuks dat der wie. Ik ha earst in oere Spaans, dernei twa oeren les mei in band, mei klarinet. Ik kom dus yn twa bands. De iene gjit faak op wedstriid en makket hele shows ensa, en de oare band spielet elke freed bij de football games. Haah, leuk he. Dernei ha ik wiskunde! Dan ha ik psychologie, mar dat ha ik allinich it earste semester. De oare helft fan it jier gean ik die frouw helpen op kantoor ofsa. Ik wit net precies, mar sei foen it wol in goed idee, dus it sil wol goed komme. Nei psychologie ha ik nog frans en engels! En dat in heel jier lang, elke dei wer. Skoalle begjint om 07:00 (!), ik mat om ketier oer 6 mei de bus. Maar, it duorret mar tot 1:30, en dernei bin ik gewoan frij, dus dat is dan ek wol wer leuk. Skoalle is fet ticht bij stran, in heale mile ofsa, dus ik kin der sa even hinne rinne. Nei de skoalle binne we even nei hus gien om te boartsjen natuurlijk. Toen wer mei de auto fuort nei Jacob syn dokteroaspraak. underweis wer iten helle, ik bin bliid dat we faak nei franse broodjes saken gji, dan hoef ik teminste gjin sandwich mei tsiiste ieten. Toen nei de dokter ta, en dernei binne we nei in natuurparkje riiden, der koest kuierje. Der wienen krabben! Echt cooel. Toen wer nei it stran west. It is der sa geweldig. En no komt it jonges: De junes ha ik ierappels mei woartels makke, en se foenen it ek nog súper lekker!! No mat ik elke mandei ieten siere;p Haha ik bin beneid hoelang se grjinte nog lekker fiene. Justerjune ha ik Jacob foarlesen (jaja) ut Jip en Janneke. Se sese jirre allegear Dzjip and Dzjenneke, mar goed.
Tiisdei 16 augustus
Fannemoarn utsljipt, en dernei binne we nei in winkel gien (ik bin de namme ferjitten) it wie in soart supermarché ut Frankryk, se ha der echt alles! Ik ha in mobiel kocht! Jaa jonges, foar 30 dollar de LG500G. Nou komt it, it soe bij mij ek werris yn ien kear wurkje. Ik hie der minuten bij kocht. Foar die code moestest in stripke oaskuorre. Dat die ik, mar hij hat trije numerkes mij skuort, dus die kin ik net mear lese. Sucht, no kin ik dus nog niks mei dat ding. No bin ik wer even oan it niks dwaan. Lekker. Ik wie snein even bij de buurfrouw, om har te bedanken foar de blomkes. Seit se; jaa ik kin die wol in kear meinimme nei it tsjerke, en dan geane we dernei in picknick halde, en dan kinne we dernei wol kajakke! En at myn nichtjes jir in kear binne rop ik die even, dan kinne jim wol even swemme yn myn (binnen!) swembad. Hoe leuk is dat. Wansdei te joene ha ik introductie fan skoalle, mei alle neie leerlingen. Sneon ha se in picknick foar mij organiseert! Nou en dan mandei nei skoalle, yeahh. Ik ha der echt sin yn!
De minsken yn de US bin echt super aardig. Ast iets freegest, dan jouwe se gjin boos gesicht;p en iederien fient it leuk dat ik ut Holland kom, se witte allinich fanalles oer de fiets;p
Ik bin er ek achterkaam dat ik super faak HO sees. Dat wurd kinne se jir net, en at ik dat sees sjoche se my raar oan.
Jim leitsje my fast ut at ik fertel dat se jir fan bin fan Justin Bieber, dat hearre we altiid yn de auto, en iederien sjongt it mei. Mar ik sil stopje, ik skriuw snel wer!
New York
New York, is super.
Waauw, alles is sa grut!
Ik sil even net al te utgebreid fertelle wat we dien ha,
dan koe it wol ris oninteressant wurde..
10 augustus binne we roen healwei 8 landt op New Ark, eindelijk.
De flucht fan Amsterdam nei Chicago wie lang, 8,5 oere.
Maar we koenen film sjin, RIO! Haha.
Op Chicago in skoftsje wachte, en dernei fan Chicago nei New Ark flein.
We ha nog ongefear in oere op de bus wachte, om nei in hotel te gean.
It hotel, Sheraton hotel, wie super moai! In grut swembad.
We sljipten mei sien fjouweren op in keamer, dat wie wol gesellig.
It probleem wie even dat we gjin internet krije koenen.
Om healwei 12 gienen we dan eindelijk sliepe,
Yn jim tiid dus healwei 6, haha it wie in lange dei, nei in nacht 'NET' sliepe,
fjouwer oere der oa om nei skiphol te gean.. maar okee, it is goed kaam.
11 augustus
We moesten 7 oere der oa, we ha ontbijt hoan, en toen koe it begjinne!
We ha earst mei de bus us guide ophelle, Gideon, haha die wie sa stoer.
Central Park wie us earste bestemming. Dernei in stukje runriide, oer Times Square en Broadway ron, mei de bus nei de Pier, der koenen we iete. Dernei binne we oer Brooklyn Brigde ron, en ha we yn Brooklyn in ijsje helle. Toen binne we werom riiden nei China Town, der mochten we twa oerkes winkelje. We ha iten bij Pasta Lovers. Dernei gienen we nei Top of the Rock, foar echt in super moai utsicht oer New York! It wie earst nog ljocht, mar it waar al snel donker. We hienen oapraat wer de bus stean soe. Mar it wie ontsettend ingewikkeld om wer ut it gebouw te kommen. Sa wienen ek Chayanne en ik ferdwaald. We wienen in heel runtsje om it gebouw ron, mar we koenen dat hele plakje net mear fiene. Dus wij nei binnen om te freegjen wer Christie's wie, seit die man; jaa die is er oan twa kanten. Zucht. Maar we hienen gelukkig yn ien kear de goeie, hehe.
12 augustus
Wer 7 oere der oa, wer ontbijte, en toen koe it wer begjinne! We bin earst nei it frijheidsbeeld west, mei de boat. Dat wie echt moai! Toen we op Brooklyn Bridge stienen lieke it frijheidsbeeld super lyts;p Mar ast er foar stiist is it toch best wol grut. RELEASE, ik ha foar jim even myn ‘vakantiefoto' makke, mei de trui! Ja, mei de trui. It wie san 35 graden, dus minsken seachen my al wat raar oan, mar goed. De foto is er! Dernei ha we iten bij in pizza restaurant, en ha we 9/11 Ground Zero besjoen. Der matte we yn 2015 wer hinne, want dan ha se alles wer klear der, it wurd echt moai! Nei 9/11 binne we nei Coney Island gien. Dat is ien grutte kermis mei stran, echt sa leuk! We binne mei syn allen nei de Freak Show west, en dernei wat roen ron oer it stran en de attracties besjoen. Toen mei de metro wer werom, nei Times Square. We ha iten yn it hardrockcafé! Dernei mochten we winkelje op Times Square. We bin nei de Toys R'us west, ja want die ha we yn Nederlan net sjoch, mar der hienen se in reuzenrad yn de winkel;p en in barbiehuis! Dat wie leuk jong! ;o Nou de joenes ha we allegear us koffer ynpakt, en binne we net al te let sliepen gien, we moesten fiif oere wer op...
Oant folgend jier!
Moarn is it dan eindelijk sa fier, op wei nei Amearika!
Om fiif oere fannacht sille we fuort,en om ketier oer olfen moarn giet it fleantug.
At alles goed giet, binne we run ien oere (pleatselijke tiid)op it fleanfjild fan Chicago.
Fanof der fleane we run fjouwer oere nei New York. Der ferbliuwe we fan wansdei tot sneon. We geane tongersdei en freed heel New York besjin!
Sneon flean ik dan wer nei Chicago, om fanút der nei Tampa te fleanen.
Nei mear as in healjier foarbereidingen, stapels papierenen natuurlijk itoftellen,bin ik ek wol bliid dat it moarn eindelijk sa fier is. Hjoed dus alles foar it lest,ek al ha ik it eins nog net echt troch. Krekt as gean ik neie wike gewoan wer op it fietske nei Dokkum mei rein, wyn en 13 graden (wat triest is it jir net), yn pleats fan mei it buske nei Tarpon Springs mei warmte en sinneskyn.We ha jir tús ek dei en nacht (letterlijk) Omrop Fryslan oan te stean. Wat sil ik die moaie musyk misse... (of net natuurlijk) Kinst it der ek wol krije, seit heit. Jawis, sille Eric en Diane fast moai fiene. De bôle mei hagelslag, de stroopwafels en natuurlijk de sukerbôle sil ik wol misse. Mar der foar yn'e plak krije we op snein te moarne muffins en pancakes, heart al lekker, betiit op de moarne. Mar alles went.
Ik bin snein al begon mei it koffer ynpakken. (jaa, toen al!)Doe wede koffer hjoed klear hiene wie der eins nog wat te swier. We ha alles der mar wer ut helle, om te sjin wat der nou eins sa swier wie. We ha myn badlekken, in spiekerbroek, bodylotion en sjippe uthelle, doe wie it klear.
Myn gastgesin sjocht der erg nei út at ik kom. Foaral Jacob, hij freeget elke dei hoelang it nog duorret foar at ik kom, en it lieket him geweldig om in 'big sis' te hawwen.
Ik woe iederien betankje foar alle kaartsjes en kadootsjes die ik kriegen ha,
ik hald jim fia disse blog (blok, foar omme wynzen) op'e hichte,
en dansjoch jim folgend jier wol wer!
Hilda
Florida!
Heeehoi!
Jaaaa, slagge foar de Havo! Dus no is it seker: op nei Amerika!!

Freed18 februari is myn oanmeldingspakket, mei wit ik hoefolle papieren der yn, opstjoerd nei Amerika. Toen koe it wachtsjen begjinne op in acceptatie en in gastgesin. As foarkeursregio hie ik bij it interview de regio Southwest opjoen, mei Texas, New Mexico en Arizona. Ik hie er wol bij sein dat de Gulf States (Florida, Georgia, Alabama, Mississippi en Lousiana) my stiekem natuurlijk super liekje soenen, mar der wienen mear die jir wol ergens terjocht komme woenen. Fandear dat ik Southwest opjoen hie.
Op tongersdei 3 maart krieg ik in mailtsje. Ik wie accepteerd! Net yn de regio Southwest, mar yn de Gulf States! Ik wie echt super bliid, toch nog der terjocht kaam! 4 maart krieg ik alwer in mailtsje, de AYUSA hie in 'mogelijke skoalle' foar my foen! Disse skoalle frege om ingeboortecertificaat, oas koenen se mie net ynskriuwe. Disse ha we dus sa snel mogelijk oanfrege, en opstjoerd.
Tiisdei 8 maart gie de tillefoan. Derwie in gastgezin foen,en ik wie oannaam op de skoalle! Ik hie echt net ferwachte dat is sa snel soe gean! Ik bin plaatst yn Florida. Myn gastgesin wennet yn Palm Harbor, wat oan de Golf fan Mexico leit. Myn hostheit hiet Eric, en myn hostmem hiet Diane. Se ha in soan fan seis jier, Jacob. Se skreaunen in ontsettend leave brief. Op it moment ha ik al folle contact mei se, it liekje echt leuke minsken! Ik soe nei skoalle gean yn Dunedin, wat in stikje ten suden leit fan Palm Harbor.
31 maaie krieg ik in e-mail fan myn gastgesin. Seskriuenen dat ik no officieel oannaam wie op skoalle! Allinich hienen se it oer inheel oare skoalle as Dunedin. Ik ha Travel Active mailt, die bij de AYUSA informeert ha. Fanwege schooldistricts yn Amearika gean ik no nei in oare skoalle. Disse skoalle is yn Tarpon Springs, Tarpon Springs High school. Tarpon Springs leit in stikje ten noarden fan Palm Harbor. 22 augustus begjint skoalle al!
Wansdei 10 augustus matte we us om acht oere melde op Skiphol, en dan fertrekke we nei Amearika! We fleane earst nei Chicago, om fanut dear fjirder te fleanen nei New York. Jir ha we earst twa dagen oriëntatie. Op sneon fleane we dan troch nei use gastgesinnen.
Sneon ha we de leaste foarbereidingsbijienkomst han yn Hilversum. It wie erg leuk omalle oare studenten ek even te sjin. We koenen ek even mei ald studenten prate oer hun erfaringen yn Amearika. Neie wike mat ik myn visum oanfreegje, en dan is it ienige wat nog gebeure mat de koffer ynpakke. Hoe mat ik alles yn in koffer krije die mar 21 kilo mei wege?
Yn ieder fagel, nog mar san en in heale wike, en dan 'giet it oan'!
Leafs,
Hilda