Alwer Tus!

Heee!

Nog ien lest, lyts ferhaaltsje, want we ha fannewieke wer heel wat dien.

Sneon 9 augustus binne we die junes dus nog op stap west, nei Musikpark. Uteindelijk wienen we mar mei syn 5en omdat iederien fjiste let kaam, en se dertroch net mear gratis nei binnen koenen. Musikpark wie in best wol grutte discotheek mei allegear ferskillende rumtes, werunder in duts volksmuziek hok. Der wienen allegear aldere minsken, wol grappig om mei safolle leeftiiden yn ien discotheek te wesen.

Snein 10 augustus hienen we dus frij! It wie de hele moarne super warm dus we hienen besluten yn de middei te gean swemmen. Sadra we by it (buten)swembad oan kwamen waar it bewolkt, en even letter begon it te reinen. Tot safier. We ha mar in restaurant opsocht, en de junes binne we yn in dikke onwaarsbui nei hus ta ron. Fanof dat moment hat it net echt mear moai waar west yn Dutslan.

Mandei 11 augustus ha we wer gewoan nei skoalle west en dernei us salsa les han. De junes hienen we film june, ik wit nog steeds net welke film ik no mar foar de helft sjoen ha. Healweis binne we fuort gien nei Meamea en der ha we wer tot it einde oan it salsa dansjen west!

Tiisdei 12 augustus ha we tegearre mei in oare klas musyk therapie han, sadat hun even sjin koenen wat we altiid dienen tiidens de les. Dernei wer Duts, en de middeis/junes hienen we even niks.

Wansdei 13 augustus hienen we les tot 14.15, en toen binne we nei Point Alpha west. Dit wie froeger in controle post tusken east en west Europa. In man die der froeger wurke hat, hat us rond leidt, dat makke it nog folle interessanter! Der stie ek nog in origineel stikje fan it ijzeren gordijn, en we ha nog nei in museum west dat er by hearde. Wer heelfolle leart!

Tongersdei 14 augustus wie us leste skoalle dei alwer. We ha de moarnes wer nei Antoniusheim west, om nog in kear wat musyk te meitsjen en te dansjen mei de gehandicapten. De middeis by Duts hienen we us examen! Erg spannend. De middeis en junes bin ik begon mei skjinmeitsjen en ynpakken, want dat moest ek alwer gebeure.

Freed 15 augustus kamen de moarnes de tutoren by iederien langs om te sjin at de keamer wol skjin genoch wie, en nog even wat dingen foar it fertrek beprate. Dernei ha Alina, Latika en ik de sted nog even ien west, nog ien leste kear tegearre Döner ite. Dit ha we perongeluk in bytsje overmatig dien de oarinde wieken haha. Om 16.00 begon de closing ceremony! We ha us rapport kriegen, sommigen ha nog even in ferhaaltsje halden, of in stikje musyk spiele. Dernei ha we der wat iten kriegen, en selfs in ijsje. We ha honderden foto’s mei iederien makke, en toen wie it al tiid om doei te sesen tsjin de earste minsken. Dernei ha we nei in bar west, en de junes ha we mei iederien die nog oer wie en de oare deis net om 4 oere fuort hoefde wer nei Musikpark west! Der ha we ien foar ien doei tsjin elkoar sein, echt heel apart. We ha elkoar in hele maand elke dei sjoen en ast doei seist is it besef der net echt dat die minsken der de oare dei net wer gewoan binne.

Sneon 16 augustus wie it alsnog wat betiid wekker wurden, om al it leste nog yn te pakken en op te rumjen. Om 9 oere bin ik mei in fjiste swiere koffer en tas nei it station ron, gelukkig wie it berg oa! Run 10 oere binne we uteindelijk wer richting Dokkum riiden, en om 17 oere wie ik wer tus!

Disse fjouwer wieken gienen super snel foarby, echt onbegrijpelijk! Mar se wienen echt super leuk! Dus, ald Dockinga leerlingen, at jim folgend jier de kans krije, skriuw foaral in brief nei Vriendschapscomité Dokkum, want it is in geweeeeldige erfaring!

Laughing

Reacties

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!