Oant folgend jier!

Moarn is it dan eindelijk sa fier, op wei nei Amearika!
Om fiif oere fannacht sille we fuort,en om ketier oer olfen moarn giet it fleantug.
At alles goed giet, binne we run ien oere (pleatselijke tiid)op it fleanfjild fan Chicago.
Fanof der fleane we run fjouwer oere nei New York. Der ferbliuwe we fan wansdei tot sneon. We geane tongersdei en freed heel New York besjin!
Sneon flean ik dan wer nei Chicago, om fanút der nei Tampa te fleanen.

Nei mear as in healjier foarbereidingen, stapels papierenen natuurlijk itoftellen,bin ik ek wol bliid dat it moarn eindelijk sa fier is. Hjoed dus alles foar it lest,ek al ha ik it eins nog net echt troch. Krekt as gean ik neie wike gewoan wer op it fietske nei Dokkum mei rein, wyn en 13 graden (wat triest is it jir net), yn pleats fan mei it buske nei Tarpon Springs mei warmte en sinneskyn.We ha jir tús ek dei en nacht (letterlijk) Omrop Fryslan oan te stean. Wat sil ik die moaie musyk misse... (of net natuurlijk) Kinst it der ek wol krije, seit heit. Jawis, sille Eric en Diane fast moai fiene. De bôle mei hagelslag, de stroopwafels en natuurlijk de sukerbôle sil ik wol misse. Mar der foar yn'e plak krije we op snein te moarne muffins en pancakes, heart al lekker, betiit op de moarne. Mar alles went.

Ik bin snein al begon mei it koffer ynpakken. (jaa, toen al!)Doe wede koffer hjoed klear hiene wie der eins nog wat te swier. We ha alles der mar wer ut helle, om te sjin wat der nou eins sa swier wie. We ha myn badlekken, in spiekerbroek, bodylotion en sjippe uthelle, doe wie it klear.

Myn gastgesin sjocht der erg nei út at ik kom. Foaral Jacob, hij freeget elke dei hoelang it nog duorret foar at ik kom, en it lieket him geweldig om in 'big sis' te hawwen.

Ik woe iederien betankje foar alle kaartsjes en kadootsjes die ik kriegen ha,
ik hald jim fia disse blog (blok, foar omme wynzen) op'e hichte,
en dansjoch jim folgend jier wol wer!

Hilda

Reacties

Reacties

korina

have fun Hilda! :D

Anna

Folle plezier hilda! ik sil dy folgje via disse site en sil dyn mem nog wol ris tsjin komme yn MCL om bij te kletsen oer dyn ervaringen, folgens myn freon is it super mooi yn amerika (die is er al 2 keer west) dus geniet en suc6 der op skoalle!

Laura

Heeel veel plezier Hilda!!
Ik ga zeker je reis site in de gaten houden.
Liefs Laura

Corine

Heel veel succes Hilda,

En geniet er van in Amerika.

Groetjes, Corine Jilderda.

Agnietha

Ast no gewoan ynt Frysk blieuwst bloggen, silst dat ek net ferleare en miss mist Omrop Fryslan ek wol wat minder dan! BTW, at dr n 11 stedetocht komt op de reedens, dan komst wol oer toch? Mei dyn gastgesin!!!

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!