De twadde wieke

Hoi!

wer even in ferslagje fan disse wieke.

Mandei 28 juni wie skoalle net sa productief omdat we nei in wiekein Berlijn net safolle energie hienen. Gelukkig wit us musyk therapie leraar altiid in oplossing. Sa doche we sa no en dan in dutje under begeleiding fan musyk, of krije we even in massage fan elkoar. Nei skoalle moesten we nei in presentatie oer Studieren in Hessen. Se ha jir net safolle economie programma´s dus ik gean moai nei Arnhem. Toen binne we nei salsa gien, en de junes wer nei MeaMea foar de salsa party!

Tiisdei 29 juni wie iederien nog minder utsliept natuurlijk, op mandei op stap is faak net it beste idee. Maar dat makke niks. De moarnes ha we gjin musyk les han, mar binne we nei Antoniusheim west. Dit is in centrum wer gehandicapte minsken wenje en wurkje. We ha mei in pear fan hun Txalaparta spiele. Dit is in ´instrument´ dat oastamt fan minsken die froeger appels oan it stampen wienen. It is de bedoeling dast allegear om de beurt mei twa stokken op in houten planke stampst.
https://www.youtube.com/watch?v=DZujZa5rkPE dit filmke is opnaam yn januari dit jier, en jir spielet us leraar mei ferskillende minsken. Dit hienen we yn de les oefene, en moesten we tiisdei dus mei de gehandicapten dwaan. In hele leuke ervaring, se funen it ek allegear geweldig!

Wansdei 30 juni ha we in gewoane lesdei han, en om fjouwer oere binne we mei de bus nei Milseburg gien. Dit is de twadde heegste berg jir yn de regio, en die ha we even beklommen. Ienmaal boven wie it helaas sa mistig dat we echt he-le-maal niks sjin koenen. Boven op de berg wie ek in lyts restaurantsje wer we mei syn allen bradwurst iten ha. Der wienen gelukkig in pear ansichtkaarten sadat we toch nog even fan it utsicht geniete koenen.

Tongersdei 31 juni binne we de moarnes wer nei Antoniusheim west, maar no mei de hele groep, foar in rondleiding troch it hele centrum. We ha sjoen wer de bewenners allegear wurkje. Se kinne der naaie, yn it hout wurkje, of yn de tun. Tusken de middei ha we der iten. De middeis ha we in extra lange Duts les han omdat us leraar it noadich fun in les yn te heljen die we foarige wieke mist ha, en sa sieten we tot 17.45 op skoalle. De junes ha ik mei Alina nei de kermis yn Fulda west. Die wie echt heel grut, mei allegear grutte attracties, folle iet kraamkes en Deutsche volks musyk.

Freed 1 augustus binne we mei san 25 studenten nei Keulen gien. We binne 9 oere yn de bus gien, en om 1 oere wienen we yn Bonn. Jir ha we nei it geschiedenis museum west. Dit gie oer de geskiedenis fan Dutslan fanof 1945 tot en mei 2014, wat dus heel interessant wie om te sjin! Echt in oanriider, dat museum, haha. Toen ha we yn Bonn Beethoven syn standbeeld nog even besjoen, in tsjerke op de foto set, en toen binne we yn de bus fjirder riiden richting Keulen! We ha der yn in Brauhaus heerlijk iten. Jir gie it sa, dat ast dyn gles bier heal leeg hiest, moestest der in filtsje op lese ast net mear ha woest, oas bleaunen se dy gewoan nije bringen. Dernei hienen we it allegear wol wat han, nei dat we even yn de Wi-Fi hoek sitten ha binne we allegear ek mar sliepen gien.

Sneon 2 augustus ha we moarns earst in rondleiding troch Keulen han. Ik doch de leste tiid alle rondleidingen yn it Duts, en it giet best goed, we lere jir toch wol wat! We ha foaral folle tsjerken besjoen, en de Dom natuurlijk! Waauw wat is die moai, saa grut, en sa folle details, kinst net iens alles besjin, en al helemaal net op de foto krije. Dernei ha we wer mei syn allen wat iten, en in ijsje helle natuurlijk. Ferfolgens ha we mei in kabelbaan oer de Rijn west, mei in heel moai utsicht fan Keulen. We ha troch in park ron, en sa de skyline fan Keulen besjoen. Dernei binne we oer de slotsje brege ron, en precies toen moest it keihurd reine. Myn franse paraplu hat it nou toch echt bejun. Nei disse wandeltocht ha we nog even winkele en turks iten. De bradwurst ha we inmiddels ek genoch fan han hjer, we ite net allinich mar turks. De junes ha ik nei Selle en Marieke west, want die wurkje yn Keulen! Ik soe even heel koel de tram njimme, hie ik net genoch lyts jilt foar in kaartsje. Gelukkig wie der toefallig in hele aardige frouw die gratis ien mei njimme mocht, en toen mocht ik wol mei har mei reise. Wie dat even geluk ha, en ek nog moai dat ik Duts ferstean op sulke momenten. It wie heel gesellig even, die junes. De weromreis hie ik wol genoch lytsjilt, en sa bin ik nei in tram, bus en wandelreis wer werom kaam by it hotel.

Fannemoarn ha we nei it chocolademuseum west! Jir wachten we it hele weekend al op natuurlijk. We ha de geschiedenis fan chocola besjoen, cacaobjintsjes iten, en heel folle chocola iten. Nei dat we nog even op in Afrikaanse markt run ron ha, binne we wer yn de bus nei Fulda gien, en wie dit weekend ek alwer foarby.

Folgens my bin ik sa neat ferjitten! Wer in lang ferhaal.

Nije wieke wer in ferslagje!

Reacties

Reacties

Imca

Wat wér in ûndernimmingen Hilda en leuk om te lésen wér as't allegearre hinne giest.
Ik hie graach mei wollen nei Antoniusheim. Sa moai om te sjen hoe as minsken mei in beheining genietsje fan simpele wurksemheden, sy dogge mei oan de maatskappij.
Ik sjoch út nei dyn folgende ferhaal en ferjit net te genietsjes.

Dikke tút, leafs Imca.

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!