Trije jier letter.. Tiid giet sa snel!

Hoii!

Naah, nog mar in wieke oer! Ik sees it folgens my elke wieke, mar it giet my no toch echt te snel. Ek al sjoch ik der ek wer heel erg nei ut om wer tus te wesen. Asen nog in wiekje om alles te ferhusjen nei Arnhem, en oer twa wieken begjint myn introductie wieke alwer!

Mandei 4 augustus wie wer in heel productieve dei op skoalle, nei it weekend Keulen, maar sa as altiid ha we wer heel wat leart en wie it wer gesellig! Folgens my ha we oan it djembee spieljen west by musyk. By Duts lere we no alle gebouwen yn de sted, en utlese wer iets is. We prate buten de lessen om faak ek Duts om te oefenjen, wat erg grappig is mei us beperkte vocabulaire oer skoalle spullen, 'wat heb je in het weekend gedaan' en de gebouwen yn de sted. De junes hienen we ®international dinner®. Iederien gie iten meitsjen ut syn/har eigen lan. Yvonne en ik tochten earst oan stappot, maar it is jir heeltiid sa warm, dan is dat net echt lekker. Derom soenen we foar appeltaart gean! We ha twa oeren lang heel drok besig west, en toen hij dernei ut de oven kaam, wie de taart helemaal swart en preaun allinich mar nei kaneel.. Helaas. Ik ha selfs salsa les oerslein om em goed te krijen, foar niks! Haha. Gelukkig hie Zulviya, us redder, tsiisblokjes mei naam. Fjirder ha we echt heerlijk iten, alles troch elkoar, fan brownies tot riis en pannekoeken, maar it wie heel leuk om te sjin wat iederien tus ‘normaal sprutsen’ iet. Nei us dinner ha we wer nei Meamea west foar salsa dansjen, dit kear tot de musiek ut gie. Op in gegeven moment danse ik mei in jonge die it wol aardig goed koe, it leuke is dat ik dan ek krekt in soart professional liekje. Even letter blykt dat ien fan hun yn it selfde appartement as my wennet. Ek wer in ontdekking haha.

Tiisdei 5 augustus misten der nog al wat yn de klas. It leuke is dat use leraar ek elke wieke nei Meamea komt, dus hij fynt it noait sa erg, salang we mar by salsa komme. De middeis, nei skoalle, ha we de sted even yn west, alle winkels besjoen, want safier wienen we nog noait kaam.

Wansdei 6 augustus wie ek wer in normale skoalle dei. We ha by musyk de hele les op de grun sitten en lein. Dan matte we de hele saal (we ha net echt les yn in lokaal mei tafels, mar in saal mei allegear musyk instrumenten en in pear stuollen) bedekke mei kleden, en doche we fanalles. We ha rekt en strekt, dernei in soart meditatie idee dien, en letter moesten we tekenje wat we sjoen hienen tiidens use “droom”, en sulk soart dingen. Fanalles dat ek brukt wurd tiidens in musyk therapie sessie. Erg interessant hoe iederien alles ervaart. We sjoche ek video’s fan us leraar oan it wurk, faak mei gehandicapte of autistische bern. Erg indrukwekkend om te sjin wat die bern oeral ek fan meitsje. De junes hienen we in barbecue. It duorre even foardat de barbecue ek daadwerkelijk oan wie, maar it wie heel erg gesellig!

Tongersdei 7 augustus hienen we twa koarte lessen, beide fan oarel oere. De junes jirfoar hie ien fan de jongens nog in oaskiids feestje halden, wer aardig wat minsken hinne gien wienen, tot in oer as fjouwer, en ferfolgens wienen we mar mei seis yn de les. Us leraar hie in viool foar Isabel regele, se studeert de viool op it consevatiorium, en se hat foar us spiele, saaa moai. Toen ha we mei syn allen nog wat improviseert. Ik hie myself mei de triangel weage, pittig instrument. Maar dan ferpeste ik de viool en piano musyk net, yn ieder gefal. By Duts wienen der nog steeds net folle minksen, dus ha we spultsjes dien mei de taal, it giet echt steeds better! Selfs de grammatica. We ha dan ek echt in hele goeie leraar, dat skilt ek al. Om 13.08 binne we op de trein stapt richting Frankfurt! Om 3 oere kamen we der oan, en we mochten self in bytsje witte wat we der dwaan gienen. In pear famkes gienen shoppen, en mei de rest ha we earst nei de Kleinmarkthalle west. Dit wie in, tsja, markt hal, mei fruit en fisk ensa, mar dan yn it lyts haha. Dernei ha heelfolle nei de dierentun west, die net oan te riiden is, mocht ien der oait oer nei tinke. It is hast allegear binnen, en de bisten sitte allegear yn kooien. Se ha dus beslist gjin natuurlijke leefomgeving. Heel teleurstellend foar iederien die der hinne gien is! Ik ha mei Alina, Isabel en Sergey nei in expositie west die “Papparazzi!” hiete. Dit wie echt heel interessant, oer hoe de papparazzi troch de jierren hinne te wurk gie, en oer hoe de sterren der mei omgienen. Dit wie folgens my de earste kear dat ik frijwillig nei in expositie gien bin. Mar it wie it helemaal waard. Dernei ha we mei us fjouweren wat troch Frankfurt ron, de rivier oer stutsen, de skyline besjoen, en toen it restaurant opsocht wer de oaren ek allegear sieten. Om healwei 9 binne we wer op de trein stapt.

Freed 8 augustus ha we nei Eisenach west, wer mei de trein, en we moesten selfs oerstappe yn Bebra. It is wonderbaarlijk op twa minuten krekt goed gien. De measte lytse stations underweis bin echt compleet verlaten, alle grutte stationshallen die der steane bin helemaal ticht timmere, en der is echt gjinien. Apart om te sjin! Yn Eisenach ha we Bach en Luther hun standbeeld en hus wer se wenne ha besjoen, en nog wat yn it stedsje runron. Dernei ha we in bus naam nei Wartburg, in heel grut kasteel. Der ha we in rondleiding kriegen, en die man koe heel goed fertelle. It wie echt in heel moai kasteel, en der waren twa bruiloften halden, dus fanalles te besjin. Dit kear hienen we wol in utsicht nei dat we in hele berg op klommen wienen, gelukkig. Nei it kasteel binne we wer yn de bus en de trein gien, richting Fulda.

Hjoed, sneon 9 augustus, ha we nei Weimar west. Dit kear mei de bus, wer 2.5 oere troch Dutslan tourt, fan de omgeving ha ik yn ieder gefal net te weinig sjoen! Weimar is in grutte cultuur sted, wer twa beroemde Dutse poëten oan it wurk west ha. We ha in rondleiding kriegen, en dernei hienen we even in oerke frije tiid. We ha in traditioneel soart bradwurst iten diest allinich mar yn die regio keapje koest, en nog wat winkeltjes besjoen. Dernei binne we nei Buchenwald west, in concentratiekamp. Buchenwald wie in wurkkamp, dus heel oas as de measte concentratie kampen wer we oer leert ha. Jir ha we in runleiding fan hast twa oeren kriegen. Dit wie echt heel erg indrukwekkend. Heel raar om te hearren dat sommigen de geskiedenis jirfan net tiidens hun educatie leert ha. Foar in pear fan us wie it hele idee dan ek helemaal nei. Wol moeilijk, mar gelukkig koenen we der mei iederien oer prate, en de tour guide wie echt heel goed, se koe al us fragen heel goed beantwurdsje. Ik bin bliid dat ik sjoen ha, ek al is it net foar te stellen hoe it west matten hat. Dernei binne we wer nei hus gien, en no sille we asen mei syn allen op stap. We ha no even de kans, moarn ha we namelijk us earste frije dei, ek al stiit die ek alwer fol plant omdat we jir nog safolle dwaan matte.

Hjoed is wol in bijsondere dei, precies trije jier lyn ha ik in ferhaaltsje op myn blog plaatst mei as titel ‘oant folgend jier!’. Moarn is it alwer trije jier lyn dat ik nei Florida gie! Yn de tusken tiid ek alwer safolle besjoen, dien, en meimakke.. Haha de tiid giet echt, echt snel! En no sil ik it net wer sese.

Tot nije wieke, myn leste blogje foarlopig, der steane nog gjin nije reisen plant. Ek al wurde we oeral hinne utnoadiche, mei Boedapest ergens boven oan myn lijstje.

Groetsjes!

Wink


Reacties

Reacties

Dina

HĂ© Hilda,

Wat moai om wer in ferslag fan dyn afontoer te lézen jim belibje genoch.
Lange dagen hjer mar ek in protte ofwisseling.
Genietsje der noch mar efkes fan, de tiid giet idd snel.

groetsjes Dina

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!