Alwer Tus!

Heee!

Nog ien lest, lyts ferhaaltsje, want we ha fannewieke wer heel wat dien.

Sneon 9 augustus binne we die junes dus nog op stap west, nei Musikpark. Uteindelijk wienen we mar mei syn 5en omdat iederien fjiste let kaam, en se dertroch net mear gratis nei binnen koenen. Musikpark wie in best wol grutte discotheek mei allegear ferskillende rumtes, werunder in duts volksmuziek hok. Der wienen allegear aldere minsken, wol grappig om mei safolle leeftiiden yn ien discotheek te wesen.

Snein 10 augustus hienen we dus frij! It wie de hele moarne super warm dus we hienen besluten yn de middei te gean swemmen. Sadra we by it (buten)swembad oan kwamen waar it bewolkt, en even letter begon it te reinen. Tot safier. We ha mar in restaurant opsocht, en de junes binne we yn in dikke onwaarsbui nei hus ta ron. Fanof dat moment hat it net echt mear moai waar west yn Dutslan.

Mandei 11 augustus ha we wer gewoan nei skoalle west en dernei us salsa les han. De junes hienen we film june, ik wit nog steeds net welke film ik no mar foar de helft sjoen ha. Healweis binne we fuort gien nei Meamea en der ha we wer tot it einde oan it salsa dansjen west!

Tiisdei 12 augustus ha we tegearre mei in oare klas musyk therapie han, sadat hun even sjin koenen wat we altiid dienen tiidens de les. Dernei wer Duts, en de middeis/junes hienen we even niks.

Wansdei 13 augustus hienen we les tot 14.15, en toen binne we nei Point Alpha west. Dit wie froeger in controle post tusken east en west Europa. In man die der froeger wurke hat, hat us rond leidt, dat makke it nog folle interessanter! Der stie ek nog in origineel stikje fan it ijzeren gordijn, en we ha nog nei in museum west dat er by hearde. Wer heelfolle leart!

Tongersdei 14 augustus wie us leste skoalle dei alwer. We ha de moarnes wer nei Antoniusheim west, om nog in kear wat musyk te meitsjen en te dansjen mei de gehandicapten. De middeis by Duts hienen we us examen! Erg spannend. De middeis en junes bin ik begon mei skjinmeitsjen en ynpakken, want dat moest ek alwer gebeure.

Freed 15 augustus kamen de moarnes de tutoren by iederien langs om te sjin at de keamer wol skjin genoch wie, en nog even wat dingen foar it fertrek beprate. Dernei ha Alina, Latika en ik de sted nog even ien west, nog ien leste kear tegearre Döner ite. Dit ha we perongeluk in bytsje overmatig dien de oarinde wieken haha. Om 16.00 begon de closing ceremony! We ha us rapport kriegen, sommigen ha nog even in ferhaaltsje halden, of in stikje musyk spiele. Dernei ha we der wat iten kriegen, en selfs in ijsje. We ha honderden foto’s mei iederien makke, en toen wie it al tiid om doei te sesen tsjin de earste minsken. Dernei ha we nei in bar west, en de junes ha we mei iederien die nog oer wie en de oare deis net om 4 oere fuort hoefde wer nei Musikpark west! Der ha we ien foar ien doei tsjin elkoar sein, echt heel apart. We ha elkoar in hele maand elke dei sjoen en ast doei seist is it besef der net echt dat die minsken der de oare dei net wer gewoan binne.

Sneon 16 augustus wie it alsnog wat betiid wekker wurden, om al it leste nog yn te pakken en op te rumjen. Om 9 oere bin ik mei in fjiste swiere koffer en tas nei it station ron, gelukkig wie it berg oa! Run 10 oere binne we uteindelijk wer richting Dokkum riiden, en om 17 oere wie ik wer tus!

Disse fjouwer wieken gienen super snel foarby, echt onbegrijpelijk! Mar se wienen echt super leuk! Dus, ald Dockinga leerlingen, at jim folgend jier de kans krije, skriuw foaral in brief nei Vriendschapscomité Dokkum, want it is in geweeeeldige erfaring!

Laughing

Trije jier letter.. Tiid giet sa snel!

Hoii!

Naah, nog mar in wieke oer! Ik sees it folgens my elke wieke, mar it giet my no toch echt te snel. Ek al sjoch ik der ek wer heel erg nei ut om wer tus te wesen. Asen nog in wiekje om alles te ferhusjen nei Arnhem, en oer twa wieken begjint myn introductie wieke alwer!

Mandei 4 augustus wie wer in heel productieve dei op skoalle, nei it weekend Keulen, maar sa as altiid ha we wer heel wat leart en wie it wer gesellig! Folgens my ha we oan it djembee spieljen west by musyk. By Duts lere we no alle gebouwen yn de sted, en utlese wer iets is. We prate buten de lessen om faak ek Duts om te oefenjen, wat erg grappig is mei us beperkte vocabulaire oer skoalle spullen, 'wat heb je in het weekend gedaan' en de gebouwen yn de sted. De junes hienen we ´international dinner´. Iederien gie iten meitsjen ut syn/har eigen lan. Yvonne en ik tochten earst oan stappot, maar it is jir heeltiid sa warm, dan is dat net echt lekker. Derom soenen we foar appeltaart gean! We ha twa oeren lang heel drok besig west, en toen hij dernei ut de oven kaam, wie de taart helemaal swart en preaun allinich mar nei kaneel.. Helaas. Ik ha selfs salsa les oerslein om em goed te krijen, foar niks! Haha. Gelukkig hie Zulviya, us redder, tsiisblokjes mei naam. Fjirder ha we echt heerlijk iten, alles troch elkoar, fan brownies tot riis en pannekoeken, maar it wie heel leuk om te sjin wat iederien tus ‘normaal sprutsen’ iet. Nei us dinner ha we wer nei Meamea west foar salsa dansjen, dit kear tot de musiek ut gie. Op in gegeven moment danse ik mei in jonge die it wol aardig goed koe, it leuke is dat ik dan ek krekt in soart professional liekje. Even letter blykt dat ien fan hun yn it selfde appartement as my wennet. Ek wer in ontdekking haha.

Tiisdei 5 augustus misten der nog al wat yn de klas. It leuke is dat use leraar ek elke wieke nei Meamea komt, dus hij fynt it noait sa erg, salang we mar by salsa komme. De middeis, nei skoalle, ha we de sted even yn west, alle winkels besjoen, want safier wienen we nog noait kaam.

Wansdei 6 augustus wie ek wer in normale skoalle dei. We ha by musyk de hele les op de grun sitten en lein. Dan matte we de hele saal (we ha net echt les yn in lokaal mei tafels, mar in saal mei allegear musyk instrumenten en in pear stuollen) bedekke mei kleden, en doche we fanalles. We ha rekt en strekt, dernei in soart meditatie idee dien, en letter moesten we tekenje wat we sjoen hienen tiidens use “droom”, en sulk soart dingen. Fanalles dat ek brukt wurd tiidens in musyk therapie sessie. Erg interessant hoe iederien alles ervaart. We sjoche ek video’s fan us leraar oan it wurk, faak mei gehandicapte of autistische bern. Erg indrukwekkend om te sjin wat die bern oeral ek fan meitsje. De junes hienen we in barbecue. It duorre even foardat de barbecue ek daadwerkelijk oan wie, maar it wie heel erg gesellig!

Tongersdei 7 augustus hienen we twa koarte lessen, beide fan oarel oere. De junes jirfoar hie ien fan de jongens nog in oaskiids feestje halden, wer aardig wat minsken hinne gien wienen, tot in oer as fjouwer, en ferfolgens wienen we mar mei seis yn de les. Us leraar hie in viool foar Isabel regele, se studeert de viool op it consevatiorium, en se hat foar us spiele, saaa moai. Toen ha we mei syn allen nog wat improviseert. Ik hie myself mei de triangel weage, pittig instrument. Maar dan ferpeste ik de viool en piano musyk net, yn ieder gefal. By Duts wienen der nog steeds net folle minksen, dus ha we spultsjes dien mei de taal, it giet echt steeds better! Selfs de grammatica. We ha dan ek echt in hele goeie leraar, dat skilt ek al. Om 13.08 binne we op de trein stapt richting Frankfurt! Om 3 oere kamen we der oan, en we mochten self in bytsje witte wat we der dwaan gienen. In pear famkes gienen shoppen, en mei de rest ha we earst nei de Kleinmarkthalle west. Dit wie in, tsja, markt hal, mei fruit en fisk ensa, mar dan yn it lyts haha. Dernei ha heelfolle nei de dierentun west, die net oan te riiden is, mocht ien der oait oer nei tinke. It is hast allegear binnen, en de bisten sitte allegear yn kooien. Se ha dus beslist gjin natuurlijke leefomgeving. Heel teleurstellend foar iederien die der hinne gien is! Ik ha mei Alina, Isabel en Sergey nei in expositie west die “Papparazzi!” hiete. Dit wie echt heel interessant, oer hoe de papparazzi troch de jierren hinne te wurk gie, en oer hoe de sterren der mei omgienen. Dit wie folgens my de earste kear dat ik frijwillig nei in expositie gien bin. Mar it wie it helemaal waard. Dernei ha we mei us fjouweren wat troch Frankfurt ron, de rivier oer stutsen, de skyline besjoen, en toen it restaurant opsocht wer de oaren ek allegear sieten. Om healwei 9 binne we wer op de trein stapt.

Freed 8 augustus ha we nei Eisenach west, wer mei de trein, en we moesten selfs oerstappe yn Bebra. It is wonderbaarlijk op twa minuten krekt goed gien. De measte lytse stations underweis bin echt compleet verlaten, alle grutte stationshallen die der steane bin helemaal ticht timmere, en der is echt gjinien. Apart om te sjin! Yn Eisenach ha we Bach en Luther hun standbeeld en hus wer se wenne ha besjoen, en nog wat yn it stedsje runron. Dernei ha we in bus naam nei Wartburg, in heel grut kasteel. Der ha we in rondleiding kriegen, en die man koe heel goed fertelle. It wie echt in heel moai kasteel, en der waren twa bruiloften halden, dus fanalles te besjin. Dit kear hienen we wol in utsicht nei dat we in hele berg op klommen wienen, gelukkig. Nei it kasteel binne we wer yn de bus en de trein gien, richting Fulda.

Hjoed, sneon 9 augustus, ha we nei Weimar west. Dit kear mei de bus, wer 2.5 oere troch Dutslan tourt, fan de omgeving ha ik yn ieder gefal net te weinig sjoen! Weimar is in grutte cultuur sted, wer twa beroemde Dutse poëten oan it wurk west ha. We ha in rondleiding kriegen, en dernei hienen we even in oerke frije tiid. We ha in traditioneel soart bradwurst iten diest allinich mar yn die regio keapje koest, en nog wat winkeltjes besjoen. Dernei binne we nei Buchenwald west, in concentratiekamp. Buchenwald wie in wurkkamp, dus heel oas as de measte concentratie kampen wer we oer leert ha. Jir ha we in runleiding fan hast twa oeren kriegen. Dit wie echt heel erg indrukwekkend. Heel raar om te hearren dat sommigen de geskiedenis jirfan net tiidens hun educatie leert ha. Foar in pear fan us wie it hele idee dan ek helemaal nei. Wol moeilijk, mar gelukkig koenen we der mei iederien oer prate, en de tour guide wie echt heel goed, se koe al us fragen heel goed beantwurdsje. Ik bin bliid dat ik sjoen ha, ek al is it net foar te stellen hoe it west matten hat. Dernei binne we wer nei hus gien, en no sille we asen mei syn allen op stap. We ha no even de kans, moarn ha we namelijk us earste frije dei, ek al stiit die ek alwer fol plant omdat we jir nog safolle dwaan matte.

Hjoed is wol in bijsondere dei, precies trije jier lyn ha ik in ferhaaltsje op myn blog plaatst mei as titel ‘oant folgend jier!’. Moarn is it alwer trije jier lyn dat ik nei Florida gie! Yn de tusken tiid ek alwer safolle besjoen, dien, en meimakke.. Haha de tiid giet echt, echt snel! En no sil ik it net wer sese.

Tot nije wieke, myn leste blogje foarlopig, der steane nog gjin nije reisen plant. Ek al wurde we oeral hinne utnoadiche, mei Boedapest ergens boven oan myn lijstje.

Groetsjes!

Wink


De twadde wieke

Hoi!

wer even in ferslagje fan disse wieke.

Mandei 28 juni wie skoalle net sa productief omdat we nei in wiekein Berlijn net safolle energie hienen. Gelukkig wit us musyk therapie leraar altiid in oplossing. Sa doche we sa no en dan in dutje under begeleiding fan musyk, of krije we even in massage fan elkoar. Nei skoalle moesten we nei in presentatie oer Studieren in Hessen. Se ha jir net safolle economie programma´s dus ik gean moai nei Arnhem. Toen binne we nei salsa gien, en de junes wer nei MeaMea foar de salsa party!

Tiisdei 29 juni wie iederien nog minder utsliept natuurlijk, op mandei op stap is faak net it beste idee. Maar dat makke niks. De moarnes ha we gjin musyk les han, mar binne we nei Antoniusheim west. Dit is in centrum wer gehandicapte minsken wenje en wurkje. We ha mei in pear fan hun Txalaparta spiele. Dit is in ´instrument´ dat oastamt fan minsken die froeger appels oan it stampen wienen. It is de bedoeling dast allegear om de beurt mei twa stokken op in houten planke stampst.
https://www.youtube.com/watch?v=DZujZa5rkPE dit filmke is opnaam yn januari dit jier, en jir spielet us leraar mei ferskillende minsken. Dit hienen we yn de les oefene, en moesten we tiisdei dus mei de gehandicapten dwaan. In hele leuke ervaring, se funen it ek allegear geweldig!

Wansdei 30 juni ha we in gewoane lesdei han, en om fjouwer oere binne we mei de bus nei Milseburg gien. Dit is de twadde heegste berg jir yn de regio, en die ha we even beklommen. Ienmaal boven wie it helaas sa mistig dat we echt he-le-maal niks sjin koenen. Boven op de berg wie ek in lyts restaurantsje wer we mei syn allen bradwurst iten ha. Der wienen gelukkig in pear ansichtkaarten sadat we toch nog even fan it utsicht geniete koenen.

Tongersdei 31 juni binne we de moarnes wer nei Antoniusheim west, maar no mei de hele groep, foar in rondleiding troch it hele centrum. We ha sjoen wer de bewenners allegear wurkje. Se kinne der naaie, yn it hout wurkje, of yn de tun. Tusken de middei ha we der iten. De middeis ha we in extra lange Duts les han omdat us leraar it noadich fun in les yn te heljen die we foarige wieke mist ha, en sa sieten we tot 17.45 op skoalle. De junes ha ik mei Alina nei de kermis yn Fulda west. Die wie echt heel grut, mei allegear grutte attracties, folle iet kraamkes en Deutsche volks musyk.

Freed 1 augustus binne we mei san 25 studenten nei Keulen gien. We binne 9 oere yn de bus gien, en om 1 oere wienen we yn Bonn. Jir ha we nei it geschiedenis museum west. Dit gie oer de geskiedenis fan Dutslan fanof 1945 tot en mei 2014, wat dus heel interessant wie om te sjin! Echt in oanriider, dat museum, haha. Toen ha we yn Bonn Beethoven syn standbeeld nog even besjoen, in tsjerke op de foto set, en toen binne we yn de bus fjirder riiden richting Keulen! We ha der yn in Brauhaus heerlijk iten. Jir gie it sa, dat ast dyn gles bier heal leeg hiest, moestest der in filtsje op lese ast net mear ha woest, oas bleaunen se dy gewoan nije bringen. Dernei hienen we it allegear wol wat han, nei dat we even yn de Wi-Fi hoek sitten ha binne we allegear ek mar sliepen gien.

Sneon 2 augustus ha we moarns earst in rondleiding troch Keulen han. Ik doch de leste tiid alle rondleidingen yn it Duts, en it giet best goed, we lere jir toch wol wat! We ha foaral folle tsjerken besjoen, en de Dom natuurlijk! Waauw wat is die moai, saa grut, en sa folle details, kinst net iens alles besjin, en al helemaal net op de foto krije. Dernei ha we wer mei syn allen wat iten, en in ijsje helle natuurlijk. Ferfolgens ha we mei in kabelbaan oer de Rijn west, mei in heel moai utsicht fan Keulen. We ha troch in park ron, en sa de skyline fan Keulen besjoen. Dernei binne we oer de slotsje brege ron, en precies toen moest it keihurd reine. Myn franse paraplu hat it nou toch echt bejun. Nei disse wandeltocht ha we nog even winkele en turks iten. De bradwurst ha we inmiddels ek genoch fan han hjer, we ite net allinich mar turks. De junes ha ik nei Selle en Marieke west, want die wurkje yn Keulen! Ik soe even heel koel de tram njimme, hie ik net genoch lyts jilt foar in kaartsje. Gelukkig wie der toefallig in hele aardige frouw die gratis ien mei njimme mocht, en toen mocht ik wol mei har mei reise. Wie dat even geluk ha, en ek nog moai dat ik Duts ferstean op sulke momenten. It wie heel gesellig even, die junes. De weromreis hie ik wol genoch lytsjilt, en sa bin ik nei in tram, bus en wandelreis wer werom kaam by it hotel.

Fannemoarn ha we nei it chocolademuseum west! Jir wachten we it hele weekend al op natuurlijk. We ha de geschiedenis fan chocola besjoen, cacaobjintsjes iten, en heel folle chocola iten. Nei dat we nog even op in Afrikaanse markt run ron ha, binne we wer yn de bus nei Fulda gien, en wie dit weekend ek alwer foarby.

Folgens my bin ik sa neat ferjitten! Wer in lang ferhaal.

Nije wieke wer in ferslagje!

Woche 1 und Berlin

Hee!

De earste wieke is alwer foar by, it giet echt heel snel. We ha it dan ek ontsettend drok, dus der sitte nog lange ferhalen oan te kommen!

Snein 20 juli wie de introductie dei. We ha earst mei de hele groep ontbeten, der binne 55 studenten fan heelfolle ferskillende nationaliteiten. Spanje, Tsjechie, Ruslan, Albanie, Hongarije, Italie, Griekelan, India, Iran, Israël, Oezbekistan, Brazilië, Amerika, Senegal, Oekraïne, Letlan, en we binne mei trije Nederlanders. Ik ferjit ek nog in pear mar der kin ik sa net opkomme. It is heel interessant, al die culturen, we lere echt heel folle fan elkoar! Nei it ontbijt hienen we in Dutse test om te sjin wat foar level ast sist. De junes hienen we nog in Welkomst Ceremonie en een Duts diner mei iederien.

Mandei 21 juli wie de earste skoalle dei. Elke dei fan 08.30 tot 11.45 ha we Musiek Therapie. We lere jir allegear instrumenten bespieljen, sa as djembe en txalapatra. Fjirder doche we ek allegear oefeningen die us leraar brukt tiidens de therapie sessies die hij jout oan bern mei in beperking of psychische problemen. Echt heel interessant, we lere hele folle. Fan 12.45 – 16.00 ha we Duts, en ik mat sese dat it best snel giet mei it leren der fan. We ha elke dei itselfde skoalle roaster. Mandei te june ha we use earste Salsa les han, en it wie echt heeel leuk! It is net heel ingewikkeld, ast in bytsje ritme gefoel hast dan. Dernei ha we nei in tsjerke ceremonie west yn ien fan de aldste tsjerken fan Europa. De basis fan de tsjerke wie bouwt yn it jier 820. Echt heel moai! Dernei binne we nog nei in salsa party west yn in club/bar. Der moesten we hinne fan us musiek leraar en salsa leraar, die wienen der beide ek.

Tiisdei 22 juli hienen we earst wer gewoan skoalle. Tusken de middei kinne we op skoalle warm ite, ideaal. Fuort ut skoalle binne we earst nei it kasteel fan Fulda gien, wer we in taspraak fan de burgemeester kriegen ha. Hij freege oan alle deelnemers fan de partnersteden fan Fulda, dus ek Dokkum, om de groeten tus te dwaan, oan alle Dokkumers, dus bij disse. Dernei ha we in tour troch de sted kriegen. Fulda is echt heel moai, en ald. De stedsmuorren steane der foar in grut deel nog, en der sit gewoan ontsettend folle historie yn disse sted! Omdat it yn it midden fan Dutslan leit, is ek heel folle bewarre bleaun tiidens de oorlog. Natuurlijk ha we it standbeeld fan Bonifatius ek besjoen, nije wieke geane we syn graf nog besykjen yn in geweldig moaie tsjerke.

Wansdei 23 juli binne we wer nei skoalle west, en de middeis hienen we even frij. De junes ha we in Bar Tour troch Fulda dien, we ha uteindelijk mar twa bars besocht, maar it wie wol heel gesellig!

Tongersdei 24 juli hienen we in koarte skoalle dei, de lessen duorden mar 90 minuten. De middeis kaam er in man foto’s meitsjen ter promotie fan de Internationale Simmer Universiteiten yn heel Hessen. Disse fotoshoot hat san 4 oeren duorre, ja de perfecte foto fan 55 chillende studenten wie sa makkelijk nog net. Dernei ha we nog barbecued, mei Dutse woarst en bier. 0.0% naturlich.

It wiekein ha we nei Berlijn west! Freed binne we om 9.11 yn de trein stapt en 12 oere stienen we al yn de sted. Leuk, san trein fan 300 km/u! Nei dat we yncheckt hienen yn it hotel ha we nei it Sony Center west om wat te iten, turks natuurlijk, die binne jir oeral. Ferfolgens hienen we in guided tour langs de belangrijkste sightseeings yn Berlijn. Jammer genoch reinde en onwaarde it, maar desondanks ha we fanalles sjoen! Selfs it hus fan Angela Merkel, haha. We ha trije oeren ron, en dernei ha we mei de hele groep yn in restaurant wat iten. Ferfolgens soenen we mei in pear nei it Internationales Straβentheater Festival, “Berlin Lacht!”, allinich wie it foar die june oalost yn ferban mei de rein. We ha nog wol even wat run ron op Alexander Platz, wat froeger it centrale plein fan Oost Berlijn wie. Letter soenen we mei ien fan de tutoren nei in bar ta, en toen we der nei twa oeren rinnen oankamen bleek it 21+ te wesen. De tutor hat us utlein hoe we mei de bus werom koenen, en run 1 oere ofsa hienen we us hotel wer bereikt.

Yn Berlijn is it onmogelijk om alles te berinnen, en derom hienen de measten fan us in 48 oeren ticket kocht, fuort nei dat we oankamen. Koenen we gebruk meitsje fan de bus, tram, trein en metro sonder dat we heeltiid in kaartsje hoefden te keapjen, ideaal! Gelukkig wie der heeltiid wol in tutor mei at we de metro brukten, want wat in ingewikkeld systeem.

Sneon te moarne ha we mei in pear famkes oan it winkeljen west, we hienen earst wol genoch fan it runrinnen, en it wie ontsettend waarm. We gienen wer nei Alexander Platz, en dit kear wie it festival wol oan de gong, dus der ha we ek nog fanalles fan sjoen! Fjirder wie der ek in grutte markt, en we ha wat souvernirs kocht. Natuurlijk ha we de Primark net oerslein, want myn Hongaarse klasgenoatsje Alina hie der nog noait fan heart. De middeis ha we nei it Parlements gebouw west! Dit wie allegear heel officeel, we moesten troch security poortsjes sa as op in fleanfjilt, en se ha us paspoorten controleerd. Alina waar selfs oan de kant set omdat se iets ferdachts yn har tas fun hienen, namelijk in pen. Toen ha we in hele rondleiding troch it gebouw han, yn it Duts ditmaal, omdat de engelse groep fjiste grut wie natuurlijk. Ik kaam er achter dat myn duts nog net optimaal is, mar die man mompele ek mar wat dus miskien wie dat de oorsaak. Ik bliuw oefenjen! We ha ek nog boven op it gebouw west, wer we utsicht hienen oer heel Berlijn, echt heel moai. Ferfolgens binne we mei in pear nei in beach club west, in bar oan it wetter. We moesten ek nog ite, mar toen we wer by Sony Center kamen gie alles krekt ticht, 9 oere al, noujaa. Uteindelijk binne we by de 24/7 McDonalds terjocht kaam, altiid goed. Nei it iten ha we nog wer even nei de Brandenburger Tor west, want op heelfolle ansichtkaarten stie der op de foto mei allegear ferskillende kleuren ljochtjes, en dat woenen we graag even sjin. Natuurlijk foel dat in bytsje tsjin, it wie ferljochte jaa, mar net mei kleurkes. Allinich geel dus. Mar desondanks wie it heel moai, en ha we ek nog wat foto’s meitsje kinnen sonder de rein fan freed.

Hjoed, snein, ha we in boat tocht makke! It wie heel leuk om Berlijn fanof it wetter te sjin. It jammere wie dat myn audioguide net helemaal wurke. Hij spiele allinich mar wat musiek oa, en hij begon soms oer gebouwen te fertellen die we allang foar by wienen. Maar mei de moaie piano musiek wie de boattocht ek heel leuk. Om 15.39 binne we wer yn de trein stapt. Dit kear gienen we heel wat langsamer, en koenen we ek wat fan it lanskap besjin, oas dan in griene streep. Moai om te sjin hoe it fan heel plot nei steeds mear heuvelachtig gie, en toen we uteindelijk wer troch de bergen moesten riide omdat we der net mear omhinne koenen, wisten we dat we bijna wer by Fulda wienen! 19.50 wienen we uteindelijk wer by de Bahnhof.

Moarn matte we gewoan wer nei skoalle, dus ik sil nog mar even oan it huswurk, want ja, dat giet ek gewoan troch.

De foto´s komme oait nogris, ik sit namelijk nog mei itselfde probleem as yn Florida, 399 fan de 400 fotos op brukt. Wordt aan gewerkt

Laughing


Oant nije wieke!


ISU Fulda

Hoii,


Hjir bin ik ek wer ris.

Laughing

Op dit moment sit ik yn Dutslan, en we bin frege om in blok by te halden, dus dan doch ik dat fuort ek mar, foar dat ik alles ferjit ensa.

Ik bin yn Fulda, en folgens it kaartsje dat jirby sit leit dat ergens yn it midden fan Dutslan. Ik tocht eerlijk sein folle mear nei it suden, oepsie. Ik bin jir omdat ik fia Dockinga en it vriendschapscomite Dokkum - Fulda in beurs kriegen ha om fjouwer wieken op de Hochschule (sees mar HBO) te studeren. It is in internationaal programma, dat Hessen International Summer University Fulda naam wurd. It is in programma mei allegear studenten ut ferskillende lannen, iederien behalve Dutsers sees mar. We geane jir fjouwer wieken nei skoalle, elke dei fan 08.30 tot 16.00. Jir ha we moarns in seminar die we self utkiese mochten. Koest kiese ut dingen as Armoede, Migratie, Interculturele Communicatie, de Dutse cultuur en geskiedenis, en musyk therapie. Ik ha die leste koasen, gjin swiere onderwerpen yn de simmer.

Nei skoaltiid ha we allegear activiteiten. Ik gean ien kear yn de wieke salsa dansjen en kanooen. Ik bin beneid want folgens my kin ik beide net sa goed. Koest ek nog volleyballe, iten siere en fotografere. Dan ha we dernei juns nog dingen sa as film jun, barbecue, spultsjes, diner mei us allen, wandelingen, fiets tochten, etc.

Derneist geane we elk wiekein nei in oare sted. Kommend wiekein geane we nei Berlijn, die wieke dernei nei Keulen, en fjirder nog day trips nei Frankfurt en nog twa oaren mar die bin ik even ferjitten.

Ik sliep yn in studenten keamer dat underdeel is fan in grut appartement. It is fan in famke die foar de simmer fuort is, en alles oprume hat sa dat ik er der yn koe.

Foar wat ik tot safier fan Fulda sjoen ha is it in hele moaie sted. Se ha fannewieke kermis, wat jir krekt wat te ticht by is. Hopelijk ha se jir oare draaimune musyk as yn Dokkum. It appartement wer ik ferbliuw is boven op in berg, of heuvel, dus dat wurd in moaie klim elke dei!

We bin jir hjoed hinne riiden dus op dit moment ha ik werkelijk nog niks te fertellen fjirder!
Ik wit ek net echt wat ik fan skoalle ferwachte mat, mar dat komt fannewieke wol.
Jim lese it wol! Yn ieder gefal stiit op isu-fulda.de wol mear informatie oer dit alles, foar iemand die dat graag witte wol.

Tschüss! (It ienige Dutse wurd wat ik hjoed brukt ha, ik lear it wol!)

Weeki Wachee

Hello Hello!

Even in lyts ferhaaltsje.
Ik set de foto's wol even tusken it ferhaaltsje sinds se net mear yn myn album passe.
Ik ha nog net echt de tiid naam om foto's te ferwijderjen namelijk.

We binne hjoed nei Weeki Wachee west.
Dit is in natuurlijke spring mei super helder wetter.
Se hienen in pear grutte gliidsbanen, it wetter wie 75 graden,
dus lekker waarm!

Maar der wie ek nog mear te beleven, se hienen namelijk ek in foarstelling
fan de kleine Zeemeermin, mei echte Zeemeerminnen!:D



Hiedest natuurlijk ek Ariel, de Prins, en de heks!:D
Wat wol grappig is, yn in videoclip fan Kelly Clarkson komme de Zeemeerminnen ek foar!
No ha ik se dus lekker yn it echt sjoen;p
http://www.youtube.com/watch?v=Xn676-fLq7I
Nei de show binne we nog oan in boatridsje west,
die gie in eintsje de rivier ut. De rivier wie 12 miles lang,
en uiteindelijk kaamst ut yn de Golf fan Mexico,
mar safier koenen we net gean, omdat de spring net sa folle wetter
mear joeg as wat is vroeger die, dus it wie heel ondjip!
It wie wol heel moai, we ha arends sjoen, heelfolle fisken,
en ek swemmende skilpadsjes!
It wetter wie dus echt heel helder, koedest alles moai sjin.

Dernei ha ik ek nog even foar Zeemeermin spiele!
Wat in moaie droom.


De leste dagen op skoalle binne wat begon.
Ik ha myn yearbook kriegen, wer ik echt super bliid mei bin.
Dit is in boek mei alle foto's deryn fan (bijna) alle studenten en leraren,
foto's fan alle sport activiteiten en de leden fan alle clubs (Dusjaa,
ik stji der ek yn mei French Honor Society!) en derneist nog allegear oare foto's
fan dingen die gebeurt binne dit jier, alle muzyk en films die populair binne, etc.
Seniors koenen in hele pagina keapje, die se fol sette koenen mei foto's. Hele folle
alders ha in pagina foar hun senior kocht en der in moai ferhaaltsje bij setten.
Sa leuk! Echt in boek foar studenten om hun jier te herinnerjen.
Derneist hast achteryn wat lege pagina's wer oare minsken wat del skriuwe kinne.

Freed begjinne de examens, die duorje tot en mei de wansdei der op.
Ik hoe der wer mar fjouwer te njimmen, want ik ha gjin enkele skoalle dei mist!
Jaja, it hele jier elke dei nei skoalle, mei elke dei itselfde roaster, (op trije fakken nei dan,
die feroaren heal Januari) elke dei om 7 oere... Ik sjoch toch wol ut nei fekansje,
maar ik fyn it ek heeeel jammer dat skoalle asen foarbij is:(

Mandei gjin skoalle, ek gjin Pinkster, mar Memorial Day.
We geane nog ien leste kear nei myn favoriete restaurant jir,
it Amish restaurant, Dutch Heritage! Hihi. Heerlijk ieten ha se der.

12 Mei hienen we mei de youthgroup in Garage Sale en Carwash!
We ha jilt ophelle foar de youthgroup, sadat hun yn Juni op kamp kinne.
In garagesale is eigenlijk in soart rommelmarkt, miskien ha ik dit ek wol earder utlein, mar best. Heel folle minsken halde dat yn it wiekein, se sette gewoan al it spul ut hun garage buten, en dan mar sjin at se wat kwiet wurde. Wij hienen allegear spul kriegen om te ferkeapjen fan minsken die it net kwiet wurde koenen yn hun eigen garagesale. Der wie saa ontsettend folle spul! Net normaal mear. It wie echt in super wiekein. De freedtejun bin ik nog de hele middei en jun nei it tsjerke west om te helpen mei it spul te priisjen en moai del te setten. De sneon te moarnes moesten we der al om 7 oere wese, nei nog mear foarbereidings binne we om 8 oere iepen gien. We ha mei syn allen de hele dei oan it autowoskjen west, en om 1 oere wienen we saaa wurrich, we ha it mar sluten. Dernei ha we nog foar ferhuser spiele, we ha de hele boel oproeme, allegear kosten nei boven sjouwt, en run fjouwer oere hienen we alles wer skjin! We ha yn totaal san $2400 ophelle op de dei self, en op ebay, wer we al it waardefolle spul ferkocht hienen, ek nog san $800! In grut succes dus!


Koninginnedei binne we nei it Honeymoon Island west mei Youthgroup.
It wie super waarm, dus perfect waar om lekker te swemmen.
Allinich.. Wij ronnen it wetter yn, en ik fielde opiens iets under myn fuorten bewegen.
Stie ik op in Stingray! (In platvis liuw ik is it goeie wurd) Echt sa eng, hij wie best grut.
Dus Hanna en ik bin it wetter utron, en we binne der ek net wer yn west xd


Mei as resultaat dat we us nog al heel erg ferfeelden...:

We bin uteindelijk werom gien nei it tsjerke, wer we der mei Chick-Fil-A ieten
toch nog wol in heel leuke middei fan makke ha, hihi. :)

En hee, tot snel!
Nog trije wiekjes,
it komt elke dei tichterbij.
Ik sil nog even goed geniete fan alles en iederien jir om my hinne,
want ik gji it toch wol heeeel erg missen.

When I grow up, I want to be a Mermaid! ♥

(hihi, nog even in grapke)

Report Card !

Stiekem toch wol trots wol ik even myn rapport foar disse periode mei jim dele,

want it is myn earste mei straight A's! :)

Fjirder sit ik no precies op 399 foto's op myn weblog,

dus ik sil sa no en dan in pear ferwijderje matte.

Die rare foegels en sa kinne der allegear wol oa, haha,

die misse jim fast net xd

Leafs!

Prom 2012!

Hoooi!

Ik bin tallitten op it Stenden, foar Hoger Toeristisch en Recreatief Onderwijs, dus folgend jier op nei Ljouwert!

Sneon 14 April mei Keagan en Cheyenne nei de mall west, foar in Prom dress! Allegear jurken past, hihi. Uteindelijk de moaiste utsocht! Dernei ha we nei de film west. We woenen nei 21 jump street, maar dat wie 17+ dus dat koe net. Dan mar nei Mirror Mirror! Wie echt in super leuke film. Dernei snel nei hus, myn spul pakt en toen bin ik nei Sandra gien! Sei komt ut Sweden. We ha de hele jun praat. Echt leuk om mei in oare utwisselingsstudent te praten, want die begrypt die precies. Letter kaam Joséphine nog tus, sei komt ut Frankryk. Ik ha der die nachts sljipt, en de oare moarnes hat hun hostsus, Mara, us nei bowlen brocht! We hienen in leste bijeenkomst fan AYUSA. Bowlen wie mar moai, ik hie in strike, en dermei hâlde it ek wol op. We hienen ek net safolle tiid om te bowlen, want we hienen fjisten te folle te bepraten. Dus snel even goaie en wer sitte, haha. We ha der nog pizza ieten, oaskiid naam, en toen nei hus, sliepe!

Ik moest de hele wieke yn de sinne, foar myn jurkje, want se doche jir net oan in spraytan mei safolle sinne. Probleem, der wie in hurricane op de oceaan, wer wij echt ontsettend lest fan hienen. It hat gewoan in hele wieke bewolkt west, en de sneones hele dei onwaar en rein. Jippie! (Ik sil net seure oer it waar jer, it is heeltiid ontsettend hiet!)

It wiekein derop ha ik op freedtejun bij Keagan oernachte, en sneon te moarne oaskiid naam, want se gie ferhusjen. Echt super jammer, want se wie toch wol wat myn BestFriend jir. No mat ik wer yn myn ientsje nei hus rinne ;(

En toen, oarinde wansdei, waar it eindelijk wer moai waar, dus toen koe ik mar brun wurde! (Want dat bin ik nog net)
Juster, 28 April, wie it dan safier, Prom night! Dit wie echt de aller aller beste nacht tot safier! Waaah super. Fiif oere middeis hat Fernanda my ophelle, myn date foar de june! We bin nei Innisbrook west, wer Rachel en Tara op us wachten. We bin wat begon mei foto's meitsjen. Dernei kamen der nog fiif oaren, nog mear foto's, haha. It duorre allegear wat lang dus we wienen fjisten te let opwei nei it restaurant, en natuurlijk kamen we ek nog fest te stean yn it ferkear, maar och. We hienen alfast in feestje yn de auto xd Bij Carrabbas oankaam moesten we twintig minuten op use tafel wachte, maar dat wie it dan ek wol wer wurrich. It wie in italiaans restaurant, dus heerlijk ieten! Om healwei 9 wienen we der dan eindelijk wei, op reis nei it Party Centrum. Der oankaam ha we nog wer allegear foto's makke, want de hal wie sa moai! Allegear standbeelden en watervallen en boskjes. Hihi. Toen yn de rij om nij binnen. Wiehoee en toen koe de party mar begjinne! We hienen freed de skoalle krante kriegen, en der stie yn dat de skuon net utgienen bij Prom, maar it earste wat we seachen wie in skuonne kast, dus die kamen ut! It wie echt super moai. Wie best wol leuk om op in feest te wesen wer gjinien dronken wie, en wer we ranja (mei san leppel) wetter en diet coke te drinken kriegen (gratis, jaaa). Oohooh, der wie ek in chocolade fontein! Dat wie natuurlijk wer moai. San ding wol ik altiid nogris winne bij lotsje luken! Nou we ha de hele jun danse. Dat moest earst wol even wenne, en foaral net te folle run sjin, want it is net echt oantrekkelijk om nei de manier fan ‘dansjen' te sjin jir... Der wienen ek twa fotoboots, mei ferklaai klean, hihi der ha we ek nogal gebruk fan makke. Ek gratis, jaaa. Om healwei 11 waren de Prom queen en Prom king bekend makke! De hele wieke koenen alle seniors stemme, en de genomineerden ronnen de hele wieke al roen mei san ban, wer ‘Prom Court' op stie. Echt sa leuk! Om 12 oere wie it oaron, it ljocht gie oan, de musyk ut, en dat wie it, hihi. We ha yn de hal nog wat foto's makke, en dernei fuort. Allegear limousines en partybussen. Wij hienen us eigen partyauto. We binne nog nei ihop west, dat is in fastfood restaurant, mei dei en nacht breakfast op it menu. Toen we binnen kamen wienen der nog san 30 minsken die ek nei prom west wienen, gesellig! Dernei toch echt nei hus... :(
Echt in super nacht, krekt as ut de film!

Dit wie eigenlijk iets wer ik al heel lang nei utseach, en it lieke altiid ‘it einde fan it jier'. We ha nog 5 wiekeinen oer, dus we sitte te sjin wat we allegear nog dwaan wolle!
Fjirder ha ik ek nog genoch beleefd jer. Mar ik ha hjoed gjin inspiratie foar skriuwen;p En we binne al wer in hele moanne fjirder. Sorry, hihi. Ik sil der starig oan heeltiid wol wat mear prom foto's bijsette, want ik ha se nog net allegear.

Moarn oer san wiekjes bin ik tus! Jippiee. Mar earst komt mem nog!!
Nou moarn queensday, ik ha frij, tiid foar it stran mei Youthgroup! :)

Oant de folgende kear!