Weeki Wachee

Hello Hello!

Even in lyts ferhaaltsje.
Ik set de foto's wol even tusken it ferhaaltsje sinds se net mear yn myn album passe.
Ik ha nog net echt de tiid naam om foto's te ferwijderjen namelijk.

We binne hjoed nei Weeki Wachee west.
Dit is in natuurlijke spring mei super helder wetter.
Se hienen in pear grutte gliidsbanen, it wetter wie 75 graden,
dus lekker waarm!

Maar der wie ek nog mear te beleven, se hienen namelijk ek in foarstelling
fan de kleine Zeemeermin, mei echte Zeemeerminnen!:D



Hiedest natuurlijk ek Ariel, de Prins, en de heks!:D
Wat wol grappig is, yn in videoclip fan Kelly Clarkson komme de Zeemeerminnen ek foar!
No ha ik se dus lekker yn it echt sjoen;p
http://www.youtube.com/watch?v=Xn676-fLq7I
Nei de show binne we nog oan in boatridsje west,
die gie in eintsje de rivier ut. De rivier wie 12 miles lang,
en uiteindelijk kaamst ut yn de Golf fan Mexico,
mar safier koenen we net gean, omdat de spring net sa folle wetter
mear joeg as wat is vroeger die, dus it wie heel ondjip!
It wie wol heel moai, we ha arends sjoen, heelfolle fisken,
en ek swemmende skilpadsjes!
It wetter wie dus echt heel helder, koedest alles moai sjin.

Dernei ha ik ek nog even foar Zeemeermin spiele!
Wat in moaie droom.


De leste dagen op skoalle binne wat begon.
Ik ha myn yearbook kriegen, wer ik echt super bliid mei bin.
Dit is in boek mei alle foto's deryn fan (bijna) alle studenten en leraren,
foto's fan alle sport activiteiten en de leden fan alle clubs (Dusjaa,
ik stji der ek yn mei French Honor Society!) en derneist nog allegear oare foto's
fan dingen die gebeurt binne dit jier, alle muzyk en films die populair binne, etc.
Seniors koenen in hele pagina keapje, die se fol sette koenen mei foto's. Hele folle
alders ha in pagina foar hun senior kocht en der in moai ferhaaltsje bij setten.
Sa leuk! Echt in boek foar studenten om hun jier te herinnerjen.
Derneist hast achteryn wat lege pagina's wer oare minsken wat del skriuwe kinne.

Freed begjinne de examens, die duorje tot en mei de wansdei der op.
Ik hoe der wer mar fjouwer te njimmen, want ik ha gjin enkele skoalle dei mist!
Jaja, it hele jier elke dei nei skoalle, mei elke dei itselfde roaster, (op trije fakken nei dan,
die feroaren heal Januari) elke dei om 7 oere... Ik sjoch toch wol ut nei fekansje,
maar ik fyn it ek heeeel jammer dat skoalle asen foarbij is:(

Mandei gjin skoalle, ek gjin Pinkster, mar Memorial Day.
We geane nog ien leste kear nei myn favoriete restaurant jir,
it Amish restaurant, Dutch Heritage! Hihi. Heerlijk ieten ha se der.

12 Mei hienen we mei de youthgroup in Garage Sale en Carwash!
We ha jilt ophelle foar de youthgroup, sadat hun yn Juni op kamp kinne.
In garagesale is eigenlijk in soart rommelmarkt, miskien ha ik dit ek wol earder utlein, mar best. Heel folle minsken halde dat yn it wiekein, se sette gewoan al it spul ut hun garage buten, en dan mar sjin at se wat kwiet wurde. Wij hienen allegear spul kriegen om te ferkeapjen fan minsken die it net kwiet wurde koenen yn hun eigen garagesale. Der wie saa ontsettend folle spul! Net normaal mear. It wie echt in super wiekein. De freedtejun bin ik nog de hele middei en jun nei it tsjerke west om te helpen mei it spul te priisjen en moai del te setten. De sneon te moarnes moesten we der al om 7 oere wese, nei nog mear foarbereidings binne we om 8 oere iepen gien. We ha mei syn allen de hele dei oan it autowoskjen west, en om 1 oere wienen we saaa wurrich, we ha it mar sluten. Dernei ha we nog foar ferhuser spiele, we ha de hele boel oproeme, allegear kosten nei boven sjouwt, en run fjouwer oere hienen we alles wer skjin! We ha yn totaal san $2400 ophelle op de dei self, en op ebay, wer we al it waardefolle spul ferkocht hienen, ek nog san $800! In grut succes dus!


Koninginnedei binne we nei it Honeymoon Island west mei Youthgroup.
It wie super waarm, dus perfect waar om lekker te swemmen.
Allinich.. Wij ronnen it wetter yn, en ik fielde opiens iets under myn fuorten bewegen.
Stie ik op in Stingray! (In platvis liuw ik is it goeie wurd) Echt sa eng, hij wie best grut.
Dus Hanna en ik bin it wetter utron, en we binne der ek net wer yn west xd


Mei as resultaat dat we us nog al heel erg ferfeelden...:

We bin uteindelijk werom gien nei it tsjerke, wer we der mei Chick-Fil-A ieten
toch nog wol in heel leuke middei fan makke ha, hihi. :)

En hee, tot snel!
Nog trije wiekjes,
it komt elke dei tichterbij.
Ik sil nog even goed geniete fan alles en iederien jir om my hinne,
want ik gji it toch wol heeeel erg missen.

When I grow up, I want to be a Mermaid! ♥

(hihi, nog even in grapke)

Reacties

Reacties

graziella

maak er nog een mooie tijd van en veel plezier als men er is toch gauw

KD

Hee, dêr is ien mei in handdoek oer de holle!

Succes nog mei examens en folle plezier de leste wyken nog :)

Imca

GEWELDICH, WAT MOAI.....

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!