Palm Harbor

Wauw, ik wit bijna seker dat jim nog noait safolle op ien snein en mandei dien ha,
mar earst sneon.

Sneon 13 augustus
We moesten om 5 oere opstean, snel even douche, en toen mei de hele koffer boel nei beneden. Dat wie best in gesjouw, sjoen it feit dat se yn it hotel flierbedekking hienen, en dat wol fan gjin meter riide mei die koffers, mar goed, we binne der kaam. We binne nei it fleanfjilt riiden, en om 8 oere gie usfleantug. OpChicago moesten we in hele tiid wachte foarit fleantug nei Tampa. Gelukkig wie ik mei Phylicia, sei fleag ek neiTampa.We hienen hast in oere fertraging fanwege it minne waar.Bij Tampa moesten we oan de achterkant it fleantug ut, mei in trapke nei buten. We kamen buten, en oooh, it is jir SA waarm. Echt net normaal. We moesten mei in treintsje nei de bagage, sa grut wie it der. Toen mei de roltrap nei beneden, en der stie myn gastgesin! Se hienen allegear ballonnen en blommen en tekeningen,echt super leuk. We ha underweis even ergens ieten, en toen snel nei hus. En waauw, dat is moai! Echt indikke villawijk jir. Ik sil snel even in blokje om om wat foto's te meitsjen, dansnappe jim wat ik bedoel. Ik ha myn eigen keamer, super grut. Fanut myn keamer kinst ynMYN badkeamer komme, en fanut der wer yn de inloopkast. Yn de tun rinneeekhoorns run, en fan die lytse gekko's.Soms, waar my heel normaal ferteld, kin der ek wolris in slang krupe, en ooja, in alligator is ek net onmogelijk. Ooh, okee!

Snein 14 augustus
Ik waar betiid wekker makke troch Jacob, hij wachtet elke moarne foar myn doar tot ik kom. Even iten, en dernei ha we in wandeling makke. Der is jir in swembad ticht bij, wer ik sa even yn kin, dat is gewoan gratis. Der is ek hast noait ien, dus dat is wol lekker. Dernei ha ik even mei Jacob boarte (jaa mem en baukje, jim lese it goed!). Toen binne we nei Clearwater gien, underweis even wat iten, en derneinei it stran! Waah dat wie sa moai, it wetter is ek gewoan super waarm! Toen binne we wer werom riiden, en ha we wer even boarte. Dernei binne we nei de supermarkt gien. Ik ha mar safolle mogelijk grjinte yn it karke smieten. Toen ha we spaghetti ieten, en die joenes binne we nog nei de boekwinkel west. Oohja, se hienen in film huurt. Best grappig, hast in automaat mei touchscreen. Kist yntype welke film ast wolst, dan betellest in dollar, en dan komt te film der ut, krekt as in blikje cola ofsa xd En ast em dan wer werom bringe wolst, dan dochst em yn in gleufke, krekt as de pinpas, en dan iet de automaat em op. xd hahaa.

Mandei 15 augustus
Alwer in lange dei. De wekker betiit, want ik moest nei de health centre ofsa. Ik ha in prik kriegen (gratis??) want oas mocht ik net nei skoalle. Se seinen dat ik die prik al 5 kear hearder han hie, dus dat moest wol goed komme. Nou okee dan mar. Dernei binne we nei Tarpon Springs High gien, waah wat moai! Echt super grut. Se hienen gewoan in gebouw apart foar de administratie, wer we hinne moesten. De minksen der wienen super aardig. Toen ik ynskreaun wie, moest ik even wachtsje, en toen kaam ik Victoria tsjin, se is in exchange student ut België! Sa leuk, allinich praat se gjin Nederlands, mar Frans. Mar yn ieder gefal. Toen moest ik nei in mefrouw ta foar de fakken. Wie sa grappig, ik mocht sitten gean, en se seit: Wat wolst? Niks wie ferplicht! En no sille jim wol tinke, wat hat se wer belachelijke fakken utkosen foar al it leuks dat der wie. Ik ha earst in oere Spaans, dernei twa oeren les mei in band, mei klarinet. Ik kom dus yn twa bands. De iene gjit faak op wedstriid en makket hele shows ensa, en de oare band spielet elke freed bij de football games. Haah, leuk he. Dernei ha ik wiskunde! Dan ha ik psychologie, mar dat ha ik allinich it earste semester. De oare helft fan it jier gean ik die frouw helpen op kantoor ofsa. Ik wit net precies, mar sei foen it wol in goed idee, dus it sil wol goed komme. Nei psychologie ha ik nog frans en engels! En dat in heel jier lang, elke dei wer. Skoalle begjint om 07:00 (!), ik mat om ketier oer 6 mei de bus. Maar, it duorret mar tot 1:30, en dernei bin ik gewoan frij, dus dat is dan ek wol wer leuk. Skoalle is fet ticht bij stran, in heale mile ofsa, dus ik kin der sa even hinne rinne. Nei de skoalle binne we even nei hus gien om te boartsjen natuurlijk. Toen wer mei de auto fuort nei Jacob syn dokteroaspraak. underweis wer iten helle, ik bin bliid dat we faak nei franse broodjes saken gji, dan hoef ik teminste gjin sandwich mei tsiiste ieten. Toen nei de dokter ta, en dernei binne we nei in natuurparkje riiden, der koest kuierje. Der wienen krabben! Echt cooel. Toen wer nei it stran west. It is der sa geweldig. En no komt it jonges: De junes ha ik ierappels mei woartels makke, en se foenen it ek nog súper lekker!! No mat ik elke mandei ieten siere;p Haha ik bin beneid hoelang se grjinte nog lekker fiene. Justerjune ha ik Jacob foarlesen (jaja) ut Jip en Janneke. Se sese jirre allegear Dzjip and Dzjenneke, mar goed.

Tiisdei 16 augustus
Fannemoarn utsljipt, en dernei binne we nei in winkel gien (ik bin de namme ferjitten) it wie in soart supermarché ut Frankryk, se ha der echt alles! Ik ha in mobiel kocht! Jaa jonges, foar 30 dollar de LG500G. Nou komt it, it soe bij mij ek werris yn ien kear wurkje. Ik hie der minuten bij kocht. Foar die code moestest in stripke oaskuorre. Dat die ik, mar hij hat trije numerkes mij skuort, dus die kin ik net mear lese. Sucht, no kin ik dus nog niks mei dat ding. No bin ik wer even oan it niks dwaan. Lekker. Ik wie snein even bij de buurfrouw, om har te bedanken foar de blomkes. Seit se; jaa ik kin die wol in kear meinimme nei it tsjerke, en dan geane we dernei in picknick halde, en dan kinne we dernei wol kajakke! En at myn nichtjes jir in kear binne rop ik die even, dan kinne jim wol even swemme yn myn (binnen!) swembad. Hoe leuk is dat. Wansdei te joene ha ik introductie fan skoalle, mei alle neie leerlingen. Sneon ha se in picknick foar mij organiseert! Nou en dan mandei nei skoalle, yeahh. Ik ha der echt sin yn!

De minsken yn de US bin echt super aardig. Ast iets freegest, dan jouwe se gjin boos gesicht;p en iederien fient it leuk dat ik ut Holland kom, se witte allinich fanalles oer de fiets;p
Ik bin er ek achterkaam dat ik super faak HO sees. Dat wurd kinne se jir net, en at ik dat sees sjoche se my raar oan.

Jim leitsje my fast ut at ik fertel dat se jir fan bin fan Justin Bieber, dat hearre we altiid yn de auto, en iederien sjongt it mei. Mar ik sil stopje, ik skriuw snel wer!

Reacties

Reacties

Dina

Hoi Hilda,
Bist waarm ûnthelle troch dyn gastgesin.
Wat in luxe. moai dat it sa goed gjit.
wat kinst moai skriuwe alwér in talint derby.
Mat soms wol leitsje wast tot no ta allengeare al mei makke hast.
Bist der noch mar in pear dagen en no al hiel wot
belibbe.
Ik hoopje dat er in oplossing komt foar dyn tillefoan ast him minskien toch nog brûke kinst.
In protte wille en succes mei skoale.
Wolle is Kinne

Klaas-Daniël

Hey,

Klinkt moai! Dus do bringst it kommende ier yn in villa troch! Leuk dot d'r ollegear leuke beesten yn de tún bin, helaas ek minder leuke mar hopelijk komst die net tsjin.

Sa te jerren fermakkest die wol dêr. Folle plezier jûn (foar dei) bei de introductie fan skoalle.

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!