Pindakaas en ferdwaalde buschauffeur

Goed nijs, foar iederien die myn Frysk net lese kin, ik typ myn blogs no ek yn it Nederlans!
Fander dat alles der no twa kear opstiit. Ik wol myn Fryske blo'k's wol oanhalde, want ek al wit ik dat der in soart flaters yn sitte, it is gewoan sa dat ik myn ferhaal dan better dwaan kin.

Foarige wike sneon binne we op jierdeis visite west, myn earste echte jierdei fisite yn Amearika. It wie in bytsje jammer dat de gemiddelde leeftiid run de 80 lei, mar ik ha mie best fermakke.
Die nachts ha we bij de pake en beppe sljipt. De junes seach ik dolfijnen troch it rut!
De oare moarne ha ik de pake en beppe holpen mei wer in oare powerpoint. It is altiid heel grappig, ik bin der de oarinde sneinen elke kear west, en it earste wat we dwaan moesten wie de powerpoint opsiekje want it stiit op de ien oft oare manier noait yn de map wer ik it de wieke der foar yn litten ha, haha. De middeis binne we nei in pumpkin fair west, dat wie sa coel! Der wie in circus (‘Do you know what a circus is?') en fan die huskes ut Barnyard, allegear striepakjes, cowboys op quads, pony's, pompoenen natuurlijk, een maïsdoolhof, allegear kraamkes, ieten, drinken... Echt heel leuk! Ik ha in liter lemonade kocht xd Ik wit ek eindelijk wer dat wurd wei komt, want se ha jir allinich mar lemon ranja ;p Opwei nei hus binne we oer de skyway riiden, wat se jir ek wol de French Fries brege njimme. Jim mat mar even bij de foto's sjin!

Mandei, de dei fan myn Frans presentatie. It gie heel goed, ik ha perongeluk twa minuten praat. It wie oplest erg ferwarrend, al de talen troch elkoar, mar ik ha 300 van de 300 punten kriegen, dus der wie ik wol wer bliid mei. Toen kamen we ut skoalle, buske opsiekje, en der gienen we. We riiden oer Alderman, en bij de stopljochten jerre we rjochts te gean, Omaha op. Mar de buschauffeur riide opiens rjochttroch! Dus wij heel rustig freegje wer we hinne gienen. De buschauffeur skrikt op. Toen riiden we in communitie yn. (Hast jir allegear hoofddiiken, en der tusken yn hast allegear communities mei lytse diekjes.) Riidt der san grutte bus troch de communitie;p Nouja we riiden allegear runtsjes. Oplest sei in jonge dat hij it paat wol wist. Dus hij sa it paat wiise. Oplest kamen we dan wer bij Omaha, mar koest allinich mar rjochts terwijl wij links moesten. Hihii. Dus riiden we de ferkearde kant wer op. Kamen we oplest wer op Alderman, wer in oare communitie yn, en toen hat we der keart. Nei in hele omwei kamen we dan eindelijk bij de busstop oan. De junes nei de youthgroup. Wie wer erg leuk. Ik gie mei Hanna en Andrew oeral runbringe foar use Trunk or Treat neie wike. En der wie in hus die de fersiering foar Halloween al ut hie. Ik skrok mie dea, fleant der opiens in skelet de loft ien. Echt, ik gji sa bang wesen neie wike mandei!

Tiisdei hie ik yn de break myn tos fast nei wiskunde brocht, en ik gie even nei de wc (ja heel interessant). Mar toen siet ik op de wc, gie opiens it bran alarm oa! Iederien wie yn paniek, want der wie namelijk gjin Firedrill plant. Dus ik flucht snel nei it lokaal want ik woe myn tos mei myn paspoort en alles ha, foar at de hele boel yn flammen op gie. Mar die man wie natuurlijk al lang fuort, dus mar snel nei it fersamelplak rinne. Iederien stie der paniekerig te dwaan. Gelukkig blykt it uteindelijk niks te wesen, in lyts famke fan de kleuterskoalle (Die sit yn us skoalle, foar leerlingen die kleuterjuf wurde wolle) hie it alarm oa gean litten... Fjirder wie der in erge stoarm op komst, dus we moesten us foarbereide op in frije dei.

Wansdei wie de loft uteindelijk strak blauw, wienen we foar niks bangpraat. Disse dei ha ik myn klaaiproject oa kriegen. It sjocht der net echt moai ut, maar it gjit om it idee. Ek myn earste 10 op engels helle, yes! De middeis hele middei oan it beljen west, haha. Earst mei Barbara en Lynann, om in tiid foar de sneones oa te praten, om mei myn twirling te begjinnen! Dernei mei Katie, foar it twirlen foar de footballgames. Se soe de oare deis mei skoalle belje om it te regeljen, ik soe in physicaltest dwaan (wat ik ek nog wer bebelle hie;p) en dan koe it freed mar oan gean! Tusken troch ek nog mei Riannon, want sei wist wol in pear dokters die die testen dienen. It lieke it perfecte wiekein te wurden, en ik wie ek echt super enthousiast! Maar natuurlijk kin it dan allinich mar mis gean...

Tongersdeis ut skoalle belle Katie. De freedtes wie de leste homegame, dus it soe ien kear twirlen wurde. Op us skoalle lieket it krekt op Glee, haha. Net in aardige cheerleaderscoach. Se hat speciaal iets tsjin twirlers, omdat har cheerleaders dan net mear safolle liekje. Toen Katie belle foen se it direct al net leuk dus. Se sei dat we de freedtes nei har lusterje moesten. Ik wist echt net mear wat ik dwaan moest. In physical test foar 3 minuten, of miskien wol helemaal niks, en dan foar $65. Mar oan de oare kant, it soe wol echt ge-wel-dig wese at ik gewoan der midden op it football fjilt stie te twirlen! Uteindelijk ha ik de test net dien, en soenen Katie en ik gewoan der hinne gean, en probearje it fjilt op te stoarmjen at de cheerleadercoach even net seach. Maar ja, hoe grut wie die kans. Dat wie teleurstelling numer ien. Dernei lyke it der ek nog op dat ik de sneones net yn Tampa komme koe foar myn twirlen. Der gie myn hele wiekein. Echt in ferskrikkelijke dei. (Ja ik mat mar earlik tsjin jim wese, want it is dus net altiid coel en leuk, al die beslissingen foar die self meitsje...)

De freedtes wie in bijsondere dei, it wie die moarnes foar it earst noadich om in trui oan te dwaan nei de busstop! De middeis iets better nijs, dat ik toch wol nei Tampa koe. De junes hat Katie my ophelle, en binne we nei de footballgame gien. Se ha mie net mear twirle litten. Erg jammer, maar desondanks wol echt een hele leuke jun han! Tarpon stie heel goed foar, mar uteindelijk ha se ferlen mei 25-22, onoasel:p En jammer ek, want se hienen oan freed ta nog mar twa kear ferlen! Nog twa wedstriiden te gean liuw ik, en dan is it seisoen al wer oaron foar de rest fan it jier. Tiidens halftime hat de skoalleband hun show sjin litten, fan Alice in Wonderland. Yn ien wurd; WAUW. Ik ha nog noait san moaie show fan in band sjoen!

Sneon te moarnes betiit op, en nei Tampa! Ik wie der om 9:30 al, want it koe net letter. Tot en mei 1 oere nei teams, solisten en njim mar op sjoen. Ik hie it echt sa mist, ik ha my dus gjin moment ferfeelt! It wie ek leuk om iederien die ik mei de majoretteday kinnen leart hie wer werom te sjin! Smse Joukje Baukje en Fardau (mei syn trijen jer) heel leuk dat it showteam promotie hie, echt goed! Ik ha even in freugdedansje foar jim makke. Om 1 oere hie ik in oere mei Lynann, waaah it wurd echt sa leuk. Ik ha safolle neie dingen leart alwer. De flipserie en fingertwirls ha we klear, werbij Lynann mij filme hat foar it onthalden. Foar de rolls ha ik har mar filme want bij mij fleach it alle kanten ut. Rint se op it einde heel ticht yn myn beeld; seit se: PRACTICE! Haha;p 11 februari ha ik myn earste wedstriid! MEM: wol mem asjeblieft in pakje meitsje? =)
Yn de neimiddei wienen we yn Publix, in mega supermarkt, en se ha jir gewoan in hele pindakaas oadeling. Ik snap de minsken jir net jer. Se stopje oeral pindakaas yn. Hele folle producten die ast gewoan kinst keapje, kinst ek mei pindakaas krije. En at it der net ien sit dan smarre se it der wol op. Se iete jir soms ek gewoan in hele leppel fol mei pindakaas! Jakkie. Ik wacht wol tot dat ik de calvé wer op normale bole mei normale buter kin smarre;p
De junes binne de yn Palm Harbor nei in Halloween festival west. Bedriuwen mochten jir hun bedriuw promote, en wij mochten yn us kostuum run rinne foar snoep;p Jaja, wie echt leuk, no dus myn hele kost fol mei chocola =) Toen it donker wie binne we mei in hayride west. Op in karre mei allegear strie, en der kwamen underweis allegear spoken op us oarun. Prachtig...

Fannemoarn wer betiit ut bed. Ik bin nei it tsjerke west! Ik fun it best eng, yn myn ientsje der hinne, want it gjit jir natuurlijk heel oas as yn Reitsum. Mar okee, even trochsette, ik bin der mar gewoan hinne ron. En uteindelijk blykt it natuurlijk allegear heel erg mei te follen. Hanna Andrew Kaylin en Jenny wienen der ek, dus siet ik net allinich. En it wie nog leuk ek! :D Dernei wer nei hus ron, snel even wat ieten, en toen wer werom, want we hienen oktoberfest! Toen ik der kaam hienen se echt in wereld oan ieten, hie ik foar niks san goeie lunch han;p Hamburgers en hotdogs en salades en pasta's en wast die mar betinke kist. Dus nóg mear ieten;p Der wie in popcorn en in sukerspin machine, wer we ek iets te folle fan ieten ha. In mefrouw wie oan it facepainten, dus ik ha no echt in súper moaie blom oan de sietkant fan myn holle, die ik der net oawoskje wol! Op it einde ha we nog softbal spiele, wie echt leuk. Iederien fan us youthgroup die mei, en selfs de pastor wie oan it softballen! Echt super gesellig.

Nou, it einde fan in moeilijk mar uteindelijk leuke wike.
Ik sil jun mar betiit op bed. Ik bin echt ta oan fekansje, der binne tink ik nog mar fiif of seis nachten west dat ik myn serieuse acht oeren oan sliep kriegen ha, dus it wurd moarns steeds moeilijker om ut bed te kommen.

Ooh, nog even iets wat ik elke kear al soe fertelle. Ik ha echt al super folle fan die Coca-Cola frachtauto's sjoen, die ut de krystreclame. Se binne echt grut, en moai!

Yn myn folgende blog komt it ferhaal oer Halloween, en it antwurd op de fraag at myn klaai it hellet yn de oven. (Of natuurlijk dat iemand oas sien klaai ontploft sadat it die fan mij ek fenielt;p)

Daag!

Reacties

Reacties

Imca

Superrrrrrrrrrrrrrrrrrrrrrrrr, ha, ha, wat skrieuwst dochs geweldich en hast hielendal gelyk, yn jo memmetaal kinne jo jesels it béste útterje.

Pracht ferhaal Hilda, oant de oare kear.

Leafs Immie.

Beppe

ol wer een mooi verhaal, ik ha wer genoten. Wot hast ut drok net leave,mar ek wol mooi ost zoks beleefst, dan wis teminste hoe it der got, net om mien fries leidsje hjer mar ik tink dost der wol ut komst.Oant de volgende keer. Leafs van pake en beppe, doeiiiiiiiii.

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!