Alwer twa moanne fan hus!

Ooh jonges, ik kin wol gule!
Disse wieke wie Channing Tatum (Jaa, fan Step up en Dear John) oan it filmjen foar sien neie film yn Tarpon Springs! Mar ik koe der net komme! Op skoalle allegear famkes die mei hem op de foto west wienen... Echt, ik wie heel jaloers.

Fjirder gjit it echt heel goed jer, haha! Soms matte je even ergens in drama fan meitsje no;p 10 oktober wie ik al wer twa moanne fan hus, alwer op 1/5 dus. De tiid fleant echt om.

It majoretterjen rint oant no ta allegear wat yn de soep, wer ik erg fan baal, mar it is net oas. Ik ha wol tastemming kriegen fan skoalle om te twirlen tiidens de footballgames! Maar no mat ik fan skoalle earst in physical test dwaan. Se fertrouwe it net at ik gewoan sees dat my écht niks mankeert. At der namelijk wol wat mis blykt te wesen wol de skoalle namelijk net ferantwoordelijk wese. It probleem is, is dat it bij de dokter jir $145 dollar kost, om san test te dwaan. Dus no mat ik earst in goedkeaperen ien fiene. Waarskijnlijk lukt it ek foar $20 namelik. Wol stie ik yn de krante, jaja!

Hjoed wer in dei frij, numer trije al wer fan de frije dagen. It probleem is dat we der yn dit jier mar fjouwer ha, ergens yn april ha we numer fjouwer. Derneist nog 4 wieken fekansje. Oer fiif wieken eindelijk de earste wieke, foar Thanksgiving. Dan mei kryst twa wieken, en mei springbreak yn maart nog in wieke. Ja, sa moeilijk heinen we it yn Nederlan nog net, dat we mar acht wieken achterelkoar nei skoalle hoefden foar in fekansje. Op skoalle gjit it steeds better. It ritme sit der no helemaal yn, en ik krij ek wat better troch hoe it jir allegear wurket. De leraren jirre binne echt heel leuk! It ienige wat nog steeds net wol is die wekker elke moarne om fiif oere.
Ik ha disse wike myn earste Amearikaanse High School rapport kriegen, en dat sjocht der toch wol moai ut jer. Hie ik earder mar sulke ciifers! Ik ha seis kear in A, dus tusken de njoggen en de tsien. Foar engels ha ik dan in B, tusken de acht en de njoggen. Hast dan ek nog allegear ciifers en die steane foar commentaar. Ik hie 01 en 03; Exellent Performance en Exellent Study Habits! Stiekem bin ik toch wol trots, hihi.

It begjint jir eindelik in bytsje oa te koaljen. Net dat it tiid is foar in jos jer, die ha ik nog steeds net brukt. Maar it is wat ‘frisser'. San 20 tot 25 graden. Ik fyn it heerlijk, mar de measten ha jir moarns al wer in dikke trui oan. It waar is jir wol wat onfoarspelbaar. Twa wieke lyn gie de bel op skoalle, en precies op dat moment begon it te spielen. It reint jir noait in bytsje, it mat altiid oedreaun. Dus ik snel nei de bus. Toen moest ik nei hus rinne. Natuurlijk hie ik myn pease parapluutsje bij mie. Allinich, bij it earste beste stikje wyn gie dat ding binnentse buten. Noh jer, der ron ik, dat ding heeltiid wer omtere. Toen ik tus wie wie it wer droeg natuurlijk!
Wat soms gewoan mis is de kalde noarderwyn mei frisse lucht.

Ik moest disse wike meidwaan oan de FCAT retake. Dat is in test foar de leerlingen op skoalle, die se helje matte foar at se slagje meie op skoalle. Omdat ik dat dus ‘nog net helle hie' moest ik dat ek mar meidwaan. Nouja, ik tocht, dat mat mar even, dat sil ik wol noait helje. Mandei om 7 oere begonnen we. Reading part I wie earst oan de beurt. Ik skrok echt. It wienen fjouwer teksten mei yn totaal 27 fragen, en it wie nog makkelijk dan myn engelse eind examen! Selfs ik hie net iens in wurdenboek noadich. En ast dan sjochst hoefolle minsken it foarig jier net helle hienen, echt net normaal. De tiisdeis siet ik moai yn Spaans, toen wie it acht oere, nei de folgende les, wie it opiens; Hee Hilda, hearsto net yn FCAT te sitten? Oeps;p Wist ik veel dat it twa dagen wienen. Dus Reading part II dien, it selfde idee. Tongersdei moest ik dan wiskunde dwaan. Der ha ik fan 7 tot 12 oere oer dien, dat duorre echt sa lang. Mar derbij wienen it wol wer de makkelijkste fragen die ast die foar stelle kinst. Tsjonge jonge. Maar ja, dat ha ik ek mar wer han.
Fjirder de hele wike mei in Belgisch project foar Frans besig west, mandei mat ik presentere. It mat wol in hele minuut duorje! Yn it frans! Goh dat wurdt wol moeilijk, in minuut fol prate... Enn, ik bin no ek bij de Franse Honor Society! Dat is in soart Fransclub, erg leuk.

Bij art binne we no mei klaai besig. We matte in soart letterbeeld meitsje, wurd natuurlijk wer prachtig hi. Ik wit net wat der fan komt, ik bin ferjitten it wiet te meitsjen wansdei, ik hoop dat ik der mandei nog wat mei kin. At we luchtbellen yn it beeld sitte litte gjit it ontploffen yn de oven, en dan krije we in F, en tegelikertiid ferprutse we de beelden fan de oaren. Dat sil wer krekt wat foar mij wese, ik ha der no al nachtmerries oer. Hoe mat ik no witte at der lucht yn sit of net?
Bij wiskunde ha we wansdei in film sjoen;p The Joy of Mathematics. Echt helemaal geweldig natuurlijk. xd

Fjirder ha ik de oarinde wiken natuurlijk wer heel wat dien.
We binne nei Dolphin Tale de film west. Die sil asen ek wol yn Nederlan komme, hij is echt sá moai! En, hij is yn Clearwater opnaam! Haha, echt leuk jer, allegear beroemde minsken jir om die hinne. Jammer genoch ha ik dus nog net ien spot.

Oaah it neie seisoen fan Glee is jir dus al folop oan de gong, en it is saa leuk! Se ha sulke leuke feskes! Oarinde tiisdei soe ik der natuurlijk wer foar, mar it kaam mar noait. Foenen se basketball belangryker. Jawis! Ik folg ek Pan-Am, dat gjit oer stewardessen, ek leuk.

7 oktober hienen we in toneelstuk mei indinner fan it tsjerke, en wij as youthgroup wienen de obers. Dat wie echt grappig. Mei allegear drinken en iten roen fleane. Tusken troch self heel snel iete. Oarinde mandei binne we nei honeymoon island west, om in auditie filmke foar Hanna op te njimmen. Der wie in man yn in kano die heeltiid hin en wer troch it beeld oan it kano'en wie. Der ha we ek de sinsundergong sjoen, echt sa moai! 23 oktober ha we in OktoberFest. Tiid foar mei om waarskijnlijk baseball en football te spieljen, dat sil wat wurde. Fjirder ha we allegear kraamkes en popcornmachines en sa, der ha ik echt sin yn.

Disse wike bin ik trije kear nei it postkantoor ron, ek wer sa iets. Mandei, ik der fol goeie moed hinne, wienen se ticht omdat it Columbus dei wie. Wat is dat no wer;p Tiisdei mar wer, toen hie ik mear geluk. Mailt mem die middeis dat se de papieren foar de kinderbijslag yn it origineel ha moest, dus ik der juster mar wer hinne rinne. Tsjonge jonge. Mar ja, ha ik myn beweging ek wer han, it is namelijk twintig minuten rinnen fan de bus nei it postkantoor, en dan nog trij ketier nei hus. Toen ron ik der juster, en ik hie moai niks troch. Opiens jer ik allegear wetter, krekt in soart rivierke. Dus ik sjoch even nei rjochst, stiit der hele dyk underwetter! It wie krekt san stroomke ast yn Belgie allegear hast. Ik wit net wer dat uteindelijk no wei kaam, mar ik ha as in echte ramptoerist wol even op de foto set natuurlijk.

Halloween is ek al bijna, En iederien is jir helemaal gek. De buren ha de hele tun fol mei grafstjinnen, en in heks die tsjin de beam oan flein is. En de lerares fan spaans hat de hele klos fol mei allegear enge maskers en geesten. Ik fyn it mar dea eng, want se sitte mie allegear oan te staren. Alle winkels hingje ek fol mei it spul. Juster even costuums besjoen, se ha selfs hunecostuums. Kinst dien hun ferklaaie as eekhoorn of hotdog, it is mar krekt wast leuk fienst

Myn leste ferhaaltsje foar hjoed; wansdei kaam der in frouw mei in fotocamera en in mjitlot oan de doar. Se hat it hele hus op de foto set, en dernei hat se de hele boel opmjitten. Ik lake my slop!Myn keamer wie yn grutte soai, maar gjinien hie mij ek ferteld dat die frouw lans kaam! Gelukkig hie ik myn kost wol goed oproeme;p

Hjoed ha ik dan eindelijk myn earste alligator sjoen! Hij wie heel mini, hihi.

De leste wiken ha ik ek wer wat leuke opmerkingen kriegen, en dit wie toch echt wol ien fan de besten;
Klosgenoat: Wait, are you from Holland or from Polland? Ik: Holland! . Hij: Ooh, thats why! Ik: What? Hij: I was always pretending I was speaking Pollish, but you never reacted!

Fjirder ha ik net sa folle grut nijs, mar no witte jimwer even hoe it der foar stiit.It gjit allegear syn gong wat. Toen ik lesten mei mem oan it skypen wie hie ik der al allegear engelse wurden troch, sonder dat ik dat troch hie. Ja, dat gjit ek goed!

Ik winskje jim allegearin leuke herfstfekansje!

Reacties

Reacties

Joukje

Waauw wat cool wer :D
Kin we net es een wike ruile? :P

xxx

mem fanof it wurk (:-) )

he wyfke!
eindelik, al dyn belevenissen wer op papier!
en joukje hat gelyk, doch us ek san wike!
bliid dat it goed giet (wisten we ek al wol) en wer prachtige foto's meid!
dikke tút fan dyn memke!

Botsy

Ha Hilde,

Wat een mooi ferhaal wer, mooie foto's ek, genietsje do mar lekker. Groetnis ut Aldemardum ek fan de rest.

Durkje

hey Hilda,

Wat leuk om weer jouw belevenissen te lezen! En het zijn er zo veel! Echt geweldig.
Wat ik heel verrassend en leuk vond is dat ik afgelopen dinsdag even met jouw heb gesproken via skype! Super!
Nog veel plezier daar en zo te lezen gaat dat echt wel lukken. Ik blijf je volgen!

groetjes Durkje

beppe

Hoi Hilda, wat hebben wij weer genoten van jou verhaal
wat heb jij het daar naar de zin geloof ik he. ben ook wel en beetje jaloers op jou, en wat heb jij een goed rapport zeg, geweldig. wij blijven je volgen . Tot de vogende keer. liefs van pake en beppe.

Imca

Hey Hilda,

Wat in machtich moai ferhaal, ik haw de trienen yn myn eachen, dan sjoch ik dy al rinnen mei dyn "umbrella" en as ramptourist, dan dyn klaai aventoer (mast goed knipe, dan geane de bobbels der wol út en kinst in ûntploffing foarkomme, ha,ha) en soarchje dér mar foar dast net gruttere alligators tsjin komst. Ik haw genoaten fan dyn wurden en winskje dy alle goeds.

Leafs fan Durk, Immie, Rianne, Jacco Durk en Klaas Gerrit.

Jacco Durk

Leave Hilda, Ik mis dy.....

fan beppe

Hoi Hilda bedankt foar de prachtige kaart die ik fon dy krygen ha,ij koe wol goele sa mooi en dan natuurlijk dien foto, famke wot stjist der mooi op , hij hinget ol in ut liesje oan de moare het stjit sa mooi. wij tinke oan dy. Leave groetjes fan pake en beppe

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!