UCF Majorette Day!

Disse dei,
wie ge-wel-dig.

ik ha patat ieten!!

Nee grapke, ik sil jim even uitgebreid ferslag jaan.
Jim sille my deels wol compleet foar gek ferklare.

Freedte jun waar ik ophelle troch Barbara en Lynann. Barbara is de foarsitter fan de NBTA west central Florida, en Lynann is har dochter, der hie ik al oer ferteld. We bin nei Barbara's hus riiden, want der gie ik sliepen! En jir komt it compleet foar gek ferklaar gedeelte, want ik hie har dus nog mar ien kear earder sjoen. Mar goed, se wie heel aardig. In echte twirl-beppe. Se hie in baton yn de han, en se die der allegear leuke trucjes mei, jim snappe my wol, trucjes foar ast gewoan stjist te praten. Ik kaam binnen yn hun skuorre, en die stie helemaal fol mei bekers! Net normaal, sommige wienen wol in meter heeg! Nou toen kamen we yn de keuken, en it hele hus stie fol mei majorette dingen, echt saa leuk! Se wiisde mie de keamer wer ik koe sliepe, mei in eigen badkeamer. We ha wat telefisie sjoen. Dat wie echt sa stoer, se wienen oan it worsteljen, en dernei hie die man der in auto race foar, krekt as ien de Cars film! Mar okee, toen soe ik op bed. Der wie it probleem, ik koe myn keamer net mear fiene! Haha dat hus wie echt gigantisch. Dus ik moai wer werom nei de wenkeamer. Barbara, where is my bedroom?(A)

De folgende moarne om healwei sanen der ut, wat eins heerlijk utsliepen wie. Lynann hat my ophelle, en dernei ha we nog trije famkes ophelle. Echt super gezellig yn de auto, Roma hie har ipod op de radio oan sluten, en kei lud set. De hele auto gie op en del, echt geweldig haha. Kei hurd mei sjonge mei fanalles, en natuurlijk ek mei (sorry jongens) Justin Bieber! Ik mat mar myn eigen reallife soap ha, dat heard sa as Amearikaan seinde no. How Hilda became a Bieberfan. Ik beloof dat ik noait wer frolijk sjoch bij in feske fan hem, at ik wer werom kom.


Run tsien oere wienen we yn Orlando. We ha allegear us moaie UCF Majorette Day 2011 t-shirt kriigen. Hij wie better dan dat ‘pease' ding fan Twirl5, dat mat ik der wol even bij sese. Dernei binne we nei it oefen fjilt gien, en toen ron ik opiens tusken allegear staats en us kampioenen yn. Waauw. Lynann stelde even in pear foar oan iederien. En toen foen se it noadich om te sesen dat ik der wie, all the way from Holland. Toen foen iederien dat waauw, yn pleats fan dat Lynann even sei dat ik hun waauw foen. Nouja, toen ha we de routine even oefene, die eigenlijk net it aller moeilijkste wie. Dernei ha we nog in paske oefene foar de parade, en toen wie it oere alwer om! Dat foenen we allegear eins net heel erg, it wie namelijk mear dan 90 degrees Fahrenheit, en ik wit nog steeds net wat dat yn Celsius is. Mar it wie erg warm. Ik bin mei Lynann en nog in pear famkes nei de burger king west, wer ik dus eindelijk myn patat han ha. Oeeh, dat wie lekker!

Om healwei 2 moesten we wer fersamelje op it fjilt. We wienen trouwens mei 95 twirlers yn totaal, best wat. We ha oefene mei de band, die ek nog al grut wie, bijna 300 man! En dan hiest ek nog allegear high school students die der letter bij kamen, die de band bijna ferdulbelden. We ha oarel oere oefene, en dernei moesten we in ontsettend lang ein rinne, om op te stellen foar de parade. Dat lieke sa leuk, iederien hie it t-shirt oan, en we stienen yn trije rijen, dus us optocht wie oneindig lang! Der wienen allegear fersierde weinen en trucks mei musiek en wit ik allegear wat. Echt leuk!

We kamen om fjouwer oere bij in gebouw wer we binnen sitte mochten, yn de airconditioning, heerlijk! We ha even letter dinner kriegen, in sandwich mei in augurk en chips, lekker. It wie mar ‘amazing' dat ik sa folle talen koe prate. Even letter seinen se allegear ouiouii en doei. Dernei ha we allegear omklaait, fan t-shirt nei twirlpakje. Dat lieke sa moai, iederien hie sien eigen oan, dus allegear ferskillende kleuren. De strass stjintsjes en glittersliertsjes binne jir ontsettend ien, want eigenlijk hie echt serieus elk pakje dat. It wienen ek allegear swempakjes! Maar wol moai. Ik hie in swarte, mei wat glitters, dat wie namelijk de ienige die my paste.

Om seis oere binne we achter de band oan run nei it stadion van de UCF Knights ron. Ik hie eigenlijk nog steeds gjin idee wat foar optreden we eigenlijk dwaan gienen, ik tocht namelijk, ‘majoretteday', en allegear bands ensa. Surprise, UCF Knights is in Football Team! We ha dus earst de helft fan it Football game sjoen. Woow, dat wie echt geniaal. Iederien wie knetter gek haha. Ik snapte helemaal niks fan dat hele Football. Iederien gjit ien sien positie stean, dan opiens beginne se allegear op elkoar oa te stoarmjen en elkoar om te smieten, eigenlijk lieke dat best wol leuk. Ik siet my oplest oa te freegjen at Football it selfde wie as rugby. Google seit fan net. Mar it wie sa, dat it oplest 36 tsjin 0 stie. (net dat dat iets mei it feit rugby te meitsjen hat jer, dat ha ik eigenlijk ek nog noait besjoen). Gelukkig stie it goeie team foar! It wie echt krekt in film. Mei cheerleaders, en bands op de tribune, en jongens die hotdogs ferkeapje. En se draaiden allegear leuke feskes. Wij stienen der allegear op de tribune gek te dwaan. Ooh, hie ik al ferteld dat der miljoenen minksen yn it stadion siiten? Okee, dat is in bytsje oerdreaun, mar wol tusenden minsken. Toen wie it halftime, en toen mochten we optrede! Gewoan, der op it fjilt, foar al die minksen... Dat wie echt, echt super. Nouja dernei ha we nog even nei de game sjoen, mar se hienen eigenlijk al compleet won, dus dat hie net folle sin mear. Roma en ik ha in wc socht en omklaait, dernei Lynann socht, en toen binne we mei har en har man Matt yn de auto gien. Underweis binne we nei de McDonalds west, ooh jongens, ik ha myn neie ijsje utfun jir jer. Hot Sundea Chocolate! En it is mar 1 dollar! Ik wie run 5 foar 12 wer tus, nei echt in geweldige super leuke dei, de beste tot no ta, haha.
De foto's komme sa snel mogelijk, dan snappe jim precies wat ik bedoel mei myn film. Ik liuw dat Matt us optreden filme hat, ik hoop dat ik die fiene kin.

Fannemoarn hie ik in carwash! In echte, werbij we mei in buortsje oan de kant fan de dyk stienen, en mei in spons dweiltrochwiet en under it skoem (sucht) boven op de auto sieten te woskjen. Wat tinke jim der fan.
Fannemiddei binne we nei Tampa west te bowlen! Ien kear riide wa at won hat!:D Tampa is echt in moaie sted, mar ik bin der no al best faak lans riiden, ik rekje hast went oan de wolkenkrabbers, haha. Der lei echt in gigantisch cruise skip tsjinoer de bowling, net normaal, dat wie gewoan in complete flat mei swembad inclusief in gliidsbaan! Se woenen mie de rivier sjin litte, dat wie toch wol sa bijsonder. Ja, erg indrukwekkend, in rivier. Der wie ek in gebouw ut, skrik net, 1920! Se seachen my wat raar oan toen se dat erg enthousiast fertelden, en ik begon te leitsjen... Mar it wie wol moai jer. De werom reis riiden we lans de McDonalds. Ik hie Jacob ferteld dat dat ijsje sa lekker wie, en hij praate der de hele dei oer. Haha, dat wie de dollar mear dan waard! Jacob fient it ijsje no ek helemaal geweldig.

Ik sit even te betinken, ik ha disse wike fjirder net folle bijsonders beleefd. Skoalle wurd al bijna normaal.
Ooh, natuurlijk! Ik hie in A op wiskunde! Haha dat is toch leuk. Die man makket heeltiid grapkes, en ik snap se net want ik ferstji foar de helte net wat die man allegear seit, dus ik leitsje der noait om. Hij frege mie fannewike werom ik net lake. Ik sei; I don't get your jokes. En bliikbaar siet ik der ontsettend serieus bij de sjin, dus toen moest die man om mei leitsje. Echt flauw. Ik ha ek in rekkenmachine, in TI. Hij is knal geel! Ik mis myn Casio, jongens, njim noait san rare TI.
Fjirder ha ik disse wike huswurk makke, ut skoalle wei faak krekt even te swimmen, en ik ha spinazie makke! Wat trouwens ek low-fat wie. Ik ha mar sein dat ik graach yoghurt ha soe wolle wer wól fet yn sit, oas wit ik net hoe ik wer werom kom.

Soms ferjit ik wolris dat ik yn Florida bin. Ik bedoel, it gers is jir ek gewoan grien. Mar at ik dan de wereldkaart hingjen sjoch, bin ik toch écht oan de oare kant fan de oceaan. Dat is moeilijk foar te stellen. Mar it is jir geweldig leuk jer. Midden yn de nacht kinst nog gewoan yn de koarte broek run rinne, heerlijk.

Nog even oer it bowlen, ik wie leste.

Reacties

Reacties

Anneke Visser

Dast neist al die drokke belevenissen noch tiid hast, sulke ferhalen te skriuwen!! Ik fien it knap hjer!! En mochtest ooit net wiite wer dyn talinten lizze, kinst altiid noch foar ien of oar bled columns skriwen gean!!
Succes!!
Anneke en ek de groetsjes van Danique!

gewoan gerbrich :p

wauwie! wat beleefsto der in soad en wat skriuwsto leuk! wat ik efen sizze soe: 90F is gewoon 32,2 graden. tink no net wat is die gerbrich slim, dat stot ek gewoan op google! :p

doeg

beppe

Nou Hilda wij zijn weer helemaal op de hoogte, meid wat belef jij daar wat. Wij hebben jou zien twirlen op J T en herkenden jou direct.Dat was wel even slikken maar jij hebt het er zo mooi dat gunnen wij jou van harte. LieveHilda tot het volgende bericht he, wij houden het in de gaten. Liefs pake en beppe.

tante Ykje

Hey Hilda,
wy hawwe dy sjoen yn dat grutte stadion, geweldich!
ik soe wolris mei die colorguard meidraaie wolle mar ik bin jammergenoch gjin 16 mear ;-)
Bliid datst it der sa nei dyn sin hast.
groetnis fan Ykje en dyn omke Wynzen.

Anneke Hilverda

Heyhey!

Ik bin ol in tiidsje in stille meilezer ljuwk, ha alles lezen en sjoch altiid ut nei in nei berichtsje, mar hie noch net earder reageare. Super dast it sa moai hast, it klinkt echt geweldich, ik mat folgjend jier mar te studeren nei Amerika :D

Ik winskje dy fierder noch in supertiid der, en ik sjoch ut nei dyn folgende ferhalen, want dat bin it, skriuwst hiel leuk! ;D

Bye bye girl!

Eke

Heey!
Ik bin een brugpieper:D
En ik kom Riemer heel vaak tsjin, dat is best wol grappig! Gelukkig is it leuk dér! Ik ha mei mem dat filmpke sjoan, hiest een heel moai pakje oan :D

xxx Eke:D

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!