Homecoming

Disse wike wie it Homecoming wike op skoalle!
Sjoen it feit ik eigenlijk nog steeds net wit wat it is, sil ik it even opsiekje. (jaa, goed foarbereid. Ik ha de hele wike feestje fiert, en ik wit nog steeds net werom. )
Oooh wacht, ik snap it! Homecoming is in alde traditie, wer bij ald studenten wer welkom binne op de skoalle. (At ik it goed fertaal fan ut it engels) Mar der giet it net om, it wie in geweldige wike!

Elke dei wie der in oar thema om te ferklaaien. Mandeis, dat wie dus 19 september, wie it colorday. Elke grade hie sien eigen kleur. Juniors wienen blauw, dus ik ek. De moarnes kaam ik bij N&W, en toen helle us leraar syn bureau stoel ut it woskhok. Dus wij allegear heel ferbaast sjin werom dat ding yn it woskhok stie. It wie namelijk sa, freed hienen we in ynfal leraar, en die wie nogal... dik. Echt de breedste man die ik tot no ta sjoen ha (yn it echt) eigenlijk. Wat blykt, de foarige kear dat die man les joen hie yn N&W, wie hij op de bureaustoel fan use leraar sitten gien, en die wie krakt! Haha, tsja, dan mar ferstopje yn it woskhok. Mandei te joenes gean ik nei de youth group fan it tsjerke. We geane earst mei sien allen iten. Disse wike wie it tiid foar spaghetti. Dernei prate we oer in thema, en dan is it tiid foar spultsjes, echt leuk!

Tiisdeis wie it Tourist day. Toch leuk dat ik in I<3NY tshirt ha en in Je t'aime Paris trui, ek nog allebei peas;p Hele folle wienen helemaal yn Disney, mei fan die earen en in dikke trui;p Of natuurlijk Hawaii bloeskes.

Wansdei wie it de dei fan de 1900's, dus koest as de 50's, 80's, wast mar woest. Der ronnen ek leuke figuren tusken. De middeis kaam ik tus, en toen stie der eindelijk it langferwachte knalroase pakketsje foar de doar! Myn twirlskuontsjes (!!) stroopwafels en dropkes. In moai kaartsje ut Bodrum, en Baukje hie de IKEA potleadsjes op stjoert;p Tenks jong;p

Tongersdei wie it schoolcolor day. Dat idee hie ik in bytsje mist;p De kleur fan de skoalle is maroon, in soart read. Ik kaam er tongersdei ek achter dat eigenlijk alle skoalle stuoltsjes, kluskes, doarren en peallen yn die kleur binne. =) Ut skoalle wei hat Rianan my ophelle op myn wei nei hus. Rianan twirlt, en se gie mie meinimmen nei hun training! Wauw.. It begon sa: Okay, let's start with four spins. Okee...! Haha ik mocht in bij trije halde. Dernei begonnen se mei it oefenjen fan hun show. Ik mat eerlijk sese dat hun les in bytsje in rotsooitsje is. De instructie wie de mem mei har dochter, en die sieten constant te praten oer fanalles, en die mem wie gewoan oan it beljen tiidens de les. De fammen wienen heeltiid oan it praten en hun hier oan it dwaan, en ek under de show wienen se gewoan oan it praten of dienen se de helft net! Mar, ik kin niks raars sese, die instructrice hat echt it perfecte team foar har. Se doche allegear echt alles. Allinich gjit it fan gjin meter gelyk, hihi.
Ik soe earst keihurd mei Rianan traine om yn it team te kinnen, maar dat wurd em jammer genoch net want ik bin nog krekt net oan fiif spins ta. Ik hoop wol dat ik elke wike mei Rianan mei komme mei, want oan de kant sil ik genoch leare. Dernei moest Rianan nog les jaan oan in jongere groep, en ha ik mei Katie wat oan it trainen west. Se blykt har diploma helle te hawwen op Tarpon High, dus we hienen genoch te bepraten haha.

De freedtes hienen we frij! Freegje net werom, mar ik foen it wol leuk. We binne nei Honeymoon Island west, der is it echt best wol moai! (ek al;p ik ha asen miljoenen foto's fan allegear stranen, en jim fiene dat allegear op elkoar liekjen, en ik sil se ek wol net mear ut elkoar kinne) De middeis nog even te swemmen west, jaja, yn it butenswembad. Dernei kamen Katie en Taylor mie opheljen. We binne nei Downtown Tarpon Springs gien, en der ha we de Homecoming Parade fan skoalle sjoen! Se hienen glitterspray bij sich, dus we ha us self earst helemaal under glittert;p Dernei nei de Sponge Docks. Yn Tarpon Springs binne se hele folle oan it Sponge Diven. Derom njimt men iederien die nei Tarpon High gjit in sponger xd Best grappig. Wie wol leuk, even wat souvernir winkeltsjes besjoen, en in hele protte sponzen;p Toen binne we nei skoalle gien, nei it football fjilt. Echt sa leuk, iederien wie yn de maroon kleur. We ha allegear kettingen kriegen yn de kleur;p Ik ha in I(L)TS Homecoming t-shirt, jaja. Die krieg ik bij myn homecoming kaartsje. Hij is jammer genoch wiet, dus ik mat nog mar al even in reade ha! Echt apart dat iederien jir yn de skoalle kleuren omrint. Op gewoane skoalle dagen ha ek hele folle gewoan sa'n t-shirt oan, fan Go Spongers ofsa. Ik sjoch dat op it dockinga al gebeuren, dat iederien yn in blauw t-shirt mei I(L)Dockinga oan komt. Hahaa.
De game wie echt heel leuk, we ha won! Ik snap nog steeds niks fan Football, mar at iederien begon te juichen die ik dat ek mar. Katie kaam op in geweldig idee. Sei twirlde namelijk foarig jier foar de football games, en dit jier is der gjin ien mear. Se foen it dus in geniaal idee fan har self om mij dat dwaan te litten. Dus binne we nei allegear minsken ron, en uteindelijk ha we de goeie foen! No mat ik mandei op skoalle die man even opsiekje en dan soe hij dat wol even foar my regelje! Ooh help, sjoche jim mie al, midden op it fjilt foar al die minsken... Maar wol super! Ik wie net sa under de yndruk fan use cheerleaders, haha. Se dienen allinich mar spring paskes, der waar net iens iemand yn de loft smieten!
Bij halftime waren de homecoming queens bekent makke. Twa wike lien koenen alle seniors stemme op ien fan alle senior famkes fan de hele skoalle, die folgens hun homecoming queen wurde moesten. Der fan waren der seis kosen, en die ha de hele wike mei san sjerp om ron, mei Homecoming Court der op. We ha moarns altiid Tarpon News, in soart skoalle journaal, en der yn hienen die fammen allegear promo videos ensa, echt sa leuk! De tongersdeis mocht de hele skoalle op twa famkes stemme. Se ha jir gjin homecoming king, maar twa queens. Echt raar. Se ha trouwens wol in mister Sponger, haha. Nouja dernei de oare helft fan de game sjoen, mar it wie eigenlijk al bekend wa gie winnen, dus dat hie net sa folle nut mear. Maar al bij al dus echt in super leuke dei!

Sneonte jun wie it dan sa fier; de homecoming dance! Ik wist earst net at ik wol hinne soe, mar ik koe wol mei Brittnie (der sit ik neist bij engels) en har friendsje mei. Ik woe it eigenlijk ek net misse, dus ha ik dat mar dien. Okee, it giet jir dus sa. It begon om acht oere. En jonges, it eindige PAS om 12 oere! Wooow. Echt grappig hoe se der jir oer tinke. It wie echt saa leuk, alle, mar dan ek echt alle famkes hienen in jurkje oan. De jurkjes binne jir saa moai, foar prom wol ik echt ien ha! En alle jongens en moai yn pak, geweldig. It wie yn de gymsaal fan skoalle, se hienen alles moai fersiert. Ik ha der jammer genoch gjin foto fan makke, mar echt de hele kant lei fól mei skuon, haha. Gelukkig bin ik heel goed op myn hakken, myn skuon leinen der net tusken. En sa wie ik natuurlijk nog langer. Buten hienen se it ek super moai fersiert, allegear tafeltsjes mei boskjes blommen, leuke ljochtsjes en ballonnen. En ooja, dat wie saa leuk, yn de film hast altiid san tafel mei san bak mei ranja, en dan kist der mei san sleef drinken ut helje. Dat hienen se jir ek!! Waaah! Niemand snapte myn enthousiasme, frjemd genoch. Om 10 oere bin ik wer ophelle, mar it wie wol echt geweldig leuk, ik bin bliid dat ik gien bin!

Fannemoarn ha de pake en beppe my ophelle. Ik moest se namelijk helpe mei de powerpoint, haha. Echt leuk, we binne der sawat oarel oere mei besig west. Dernei ha we mei myn gastgesin yn in restaurant ieten. Haha der geane we foar myn jierdei wer hinne, se ha der sneonte junes namelijk in bandsje, en it is der echt heel gesellig! Ja dat doche se jir mei jierdeis, ut ieten! En dernei nei Downtown, om bij it donker mei ljochtjes in ijsje te ieten. Perfect! Nog mar twa maand wachtsje;p
No sit ik mei Jacob Nemo te sjin, wat is it eigenlijk in geweldige film.

Ooja, ik sil nog even fertelle oer de achtertun buren. Serieus, we witte net wat der gebeurt, mar dat is yn ieder gefal net echt normaal. De earste dei dat ik jir wie wien myn gastgesin erg ferast, want de buren wienen wer tus. Se wienen namelijk san seis moanne fuort west. It rare wie allinich dat it wie de selfde man, allinich mei in oare frouw en bern. Se ha in wieke west, en toen wienen se fuort. Alles wie in heel skoft donker. No kamen se twa wieke lyn wer werom, it hele hus wie beljochte, en se wienen dei en nacht besig mei timmerjen en saagjen en bjimmen hakke. Se riiden ek mei allegear auto's troch de tun, echt raar;p Op in moarne stie der op iens in grutte skutting yn de tun! Toen wie it wer in wieke donker, en no binne se der wer, en no stiit der echt de giganstische barbecue diest oait sjoen hast yn de tun. Se hienen de hele skutting oer hoop helle om die barbecue de tun yn te krijen. Ik fien it best wol grappig.

Nou dit wie it dan, de homecoming wike fan Tarpon Springs High School!

Reacties

Reacties

Johanneke

Hilda!
Ik geniet echt van je verhalen en af en toe lig ik echt in een deuk, Haha. Maar echt super leuk wat je allemaal beleefd! Ik herken heel veel uit films haha.
Ik hoop dat we snel weer eens kunnen Skypen.

Liefs!

graziella

ik zie je heb er g veel lol en ik ook cind het leuk je verhaklen te lezen en ze ook nog te berijpen al dat fries t is wel moeilijk

heel erg veel plezier nog maak er wat moois van

gr graziella en melissa

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!