It skilderij

Der bin ik wer!
It waar wol wer ris tiid foar in update tocht ik sa. Dit wurd wer in lang ferhaal, want ik ha wer fanalles belibbe.

Ojee it is alwer twa wieken lyn..

Ik wie bleaun bij mandei 5 september. We hienen laborday, wat betekende dat we frij wienen. Ik wit eigenlijk nog steeds net werom, mar dat makket neat, we hienen frij! We binne earst nei de pake en beppe gien. Se ha mie der fuort achter de computer set, ik moest se helpe mei de foto's organisere. Haha se hienen eigenlijk best folle ferstan fan de computer! We ha nei it stran west, en de junes snert ieten. Sonder hema rookwoarst natuurlijk. :(

De skoalle wike wie net heel spectaculair. Wol begjint it eindelijk wat mear te wennen, de dagen fleane echt om! Ik sit no yn in oare klos foar engels, se foenen de earste te makkelijk foar mij. (Ja ik die gewoan myn best op it huswurk) No ha ik in soart fan engelse Jerney Kaagman as lerares, en we doche serieus niks. Se sit de hele tiid te computerjen, en wij sitte wat te praten. It foardeel is dat ik net mear nei die rare uthoeke fan de skoalle hoef te fleanen.
Bij Spaans moesten we wat dingen fan it boerd oa kopiëre. De dei dernei moest ik mei nog twa oare famkes nei foaren komme, en der kriegen we in grutte mega Twix. Wat blykt, we wienen de ienigen die alles goed kopieert hienen... (Dat jout it niveau in bytsje oan)
De tongersdeis waar ik ut de les helle, ik moest mei spoed nei it hoofdkantoor komme. Ik frege my oa wat ik no wer utfoert hie, it koe net folle raars wese want ik bin natuurlijk heel braaf. Moest ik in engelse test fan hast trije hele lesoeren meitsje, omdat engels myn twadde taal is. Nou jim ha nog noait san onoasele test sjoen. Hiest trije plaatsjes, en dan moest ik oanwiise op welke plaatsje beide skuon op de grun stienen. Tsja, op ien oft oare manier bin ik der foar slagge, dus mei ik jir bliuwe!

De sneones, 10 september, wie ik dus alwer in maand fan hus! De tiid gjit snel.
We binne earst nei Clearwater gien. We wienen der yn in soart Action-winkel, en jim riide noait wat ik dér tsjin kaam:


Haha, de echte! It adres fan Hallum stie der op.
Dernei binne we nei Johnsons Bay west, dat wie in soart pier mei allegear restaurants en souvenirs winkeltsjes, echt mooi. Wie ek wer even grappig, der wie in gigantische brege, en die gie iepen. Dus allegear minsken pakke hun camera's om te filmjen wat foar grutte boat der wol net troch komme soe. En wat komt der oan, in sielboatsje die krekt net nei mei syn sieltsje under de brege troch paste. Al die minsken roemje hurd de camera wer op. Hihi. Dit wie ek de grutte dei, dat ik myn earste USA Donut han ha! Jaja.
De snein te middei gienen we mei de pake en beppe nei in natuurpark. Seinen se, jaa, mast goed utsjin wer ast rinst jer, want it kin wol ris gefaarlijk wese ast in alligator of in slang skrikke list. Oh, okee! Jammer genoch gjin ien fan beide sjoen, maaar, wol in swemmende skildpad! :D

Toen wie it wer tiid foar alwer de fjirde skoalle wike. Ik ha disse wike echt de belachelijkste fraag tot no ta kriegen.
Neist de ‘EUROPE? I thought Holland was in Africa...' en de ‘Holland is a state of Germany. Amsterdam is a city in Holland, en the Netherlands is a town in Amsterdam', krieg ik mandei de fraag: ‘Do you guys have washing machines in Holland?' Eehm...
De man fan wiskunde hie in nei tafeltsje kocht. Hij wist allinich net wat hij der op moest sette, dus stie der mandei in leeg tafeltsje yn it lokaal. Tiisdei hie der de oplossing fun, no stiit der san electrische puntsjeslieper op. It lieket nog steeds in bytsje sneu, mar hij wie der trots op dat it tafeltsje no in functie hie. De wansdeis kriegen we in rapport fan die man. Ja, ik, as grut fan fan wiskunde, ha gewoan in 9.9 gemiddeld;p Wat tinke jim der fan :D

De mode op skoalle is trouwens net om bliid fan te wurden. Se ha jir allegear fan die fjouwerkante berne toskes, fan Dora, Toystory, Spiderman, Hello Kitty, njim mar op. En dan ha se die belachelijk heeg, echt, it sjocht der gewoan net ut! Ik seach lesten selfs in alde beppe mei san toske, wer mat it hinne mei sien allen.

No komt it jer, it oaron wieken, fan 18 en 19 september.
It skilderij.
Yn de planning stie om it wiekein nei Palm Beach, wat oan de Atlantische Oceaan leit, dus de oare kant fan Florida. In tante fan Eric hie namelijk in skilderij makke, en die gienen we opheljen. Dus, der gienen we, fol goeie moed sneon te moarne om acht oere yn de auto. Tiidens de rit ha ik wer in heel oar soart Amerika sjoen, wat jim ek allegear kinne. We namen route 60, en we wienen der echt yn de middle of nowhere. Ien lange rjochte dyk, mei allinich mar plattelan! Ut eindelijk kamen we dan bij in restaurantsje oan, wer ik in heerlijke hamburger ieten ha. Dernei binne we fjirder riiden nei Palm Beach, nei de omme en tante. Eric en ik ferwachten nog al in grut skilderij, om dat we dat op gienen heljen. We komme der binnen, echt it hele hus stie fol mei skilderijen. Ik wie beneid welke foar us soe wese. De tante pakt it skilderij, en ik ha nog noait sa folle moeite dwaan matten om net te leitsjen. Die utdrukking op die gesichten! Hahaa. Se komt der dus oan rinnen mei IT skilderij, wij fol sponning, blykt it in skilderijke fan 15 bij 15 te wesen ;p Binne we derfoar helemaal nei de Atlantische oceaan riiden ;p
Nei de visite binne we nei in playmobil hus west. Dat wie leuk, oeral stienen tafeltsjes mei allegear ferskillende soarten playmobil. Echt alles wat ast die mar betinke kinst. Dernei nei it hotel, in Hilton hotel, mei echt in heel moai utsicht!

De sneines binne we nei it pannekoek restaurant west foar ontbijt. Ik rekje der al hast oan went. Dernei binne we nei Worth Avenue gien. Dat njimme se wol de ‘Rodeo drive' fan Florida. Woow ik ha nog noait sulke moaie husen sjoen! En allegear djoere winkels natuurlijk. We binne der nei hotel Breakers west, en ik ha my nog noait sa onoasel fielt. Ik ron der namelijk yn myn jumpsuit mei myn converse tos, en al die minsken der ronnen yn hun netsjese broek mei fouwen en in louis vuitton tos... Dernei mar wer op de werom reis. We ha dit kear in oare route naam, nog steeds erg onbewoond, mar dit kear mei sa no en dan san typisch amerikaans stedsje lans de route, diest altiid yn de film sjochst.

Nou dat wie it mar wer,
ik sil snel even wat mear foto's der op sette,
dan krije jim der ek nog in bytsje in beeld bij.;p

Ik ha trouwens ek ontdekt wer it wurd 'popcorn' wei komt.
Ja ik hie der nog noait bij nei tocht dat mais yn it engels corn wie;p

Oant de folgende kear mar wer!

Reacties

Reacties

Dina

Wat wer in moai ferhaal.
Gefeliciteerd mei dyn rapportcyfer en dast nei in moeilijker klas meist fan engels.Dost it mar super goed Binne super trots op dy.
Lere se der net wer the netherlands leit ha se net in atlas? leare se dat net op skoale it is in belediging at se dat net witte.
Hast mar wer in moai afontoer belibbe oer de route 66.
Ha se yn dat moaie toske ek dan in bypassende boletromke en drinkbeker fan hun idool?
Geniet mar lekker fan alles en fan de pofte mais.
Wolle is Kinne
oant de oare keer
groetnis fan WyDiFa

Jelly

Ik tink dosto der mar les jan mast. Sa te jerren stijgst boven de leraren ut.

xx Jelly

Imca

Famke, famke, wat wer in skitterjend ferhaal.

Ik sjoch no alwer út nei dyn folgjende belibbenissen, mar lekker genietsje, der is nimmen dy't dy dizze aventoeren ôfnimme kin.

Leafs fan ús allegearre en in dikke tút.

Baukje

Hahaha dat skilderij wie echt fet liets:P
Mar hij wie wol moai hjer:D
En, en hast ek al san moai toske??

Daaaag

Beppe

Wat heb je weer een mooi verhaal op papier gezet meid, geweldig wij hebben weer genoten van jou belevenissen daar aan de andere kant van de wereld. Ga zo door.Ook maar weer goede cijfers gehaald he, en moet jij ook nog z'n mooi tasje hebben wel cool hoor dan hoor jij ook bij de Amerikanen of niet soms, dit moet doorgaan hoor. Lieve groetjes van Pake en Beppe.

Selle

Ik ferwachtsje natuurlijk wol dast do ek mei sa'n mooi dora taske tus komst folgend jier!! Haha, heel folle plezier der nog! Ohja, wat tink ik fan die 9.9? Typisch Hilda! ;p Haha, nee ik fien't super goed fan die! Dikke tut!

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!