Disney World Orlando, Florida!

MAAART!

Wat in super maand =)

Sneon 3 maart bin ik mei Diane nei de countryclub gien, se hie mei har collega in hele dei speciaal foar frouwen organiseerd. Mei Elena ha ik der alle minsken ynskreaun. Dernei koenen we zumba dwaan, en bij allegear kraampkes lans, make overs krije, ens. Jeej.
De oare moarnes bin ik nei it tsjerke west, ik gie helpen mei minsken begroete, de boekjes ut dele en collecte rinne. Jaja, ik doch genoch oan communitie service jirre jer.

De mandeis, 5 maart, waar ik op skoalle oproppen om de PERT test te njimmen. Dat wie foar college, om te sjin ast wol klear wiest foar college niveau wiskunde/taal/les klossen. Stie myn namme der wer net tusken, koe ik net ynlogge, moest fanalles bebelle wurde foar in code, hahaa. Maar uteindelijk op alles in mooi hege score, dus gjin High School klossen mear foar mij yn college!

Die tongersdeis wie in ramp-dei. It 4e oere begon it, we hienen opiens in lock-in. Gjin ien wist werom, ek de leraren net, dus it moest wol aardig serieus wese. Dus wij der allegear heel stil sitte. Krije we te hearren dat der drugs hoenen op de campus roen ronnen, dus gjin ien mocht it lokaal ut. Ja hehe. Koenen we dus wer moai fjirder mei use toets! (Die Nicole en ik natuurlijk mei in 10 helle ha, ja ik wit ek net werom wiskunde sa goed gjit!;o) It 6e oere gie opiens it bran alarm oa! Nou wer allegear paniek. Wij stienen buten en it gie mar noait ut, mar der kaam ek gjin brandweer. Blykt dat it fals alarm wie. Nou wij wer nei binnen. We sitte krekt 2 minuten, giet wer it alarm oa! Toen ropen se om dat we gewoan nei de folgende klos moesten. Der wie iets mis mei it alarm, en it koe it hele oere gewoan oan en ut gean. Dus oplest allegear piene holle, en ik skrok elke kear wer at dat ding oa gie. Bliid dat dat oere om wie!

De dei wie nog net om, want dernei kaam use bus net opdagen. Dat wie de earste dei dat it begon. Normaal binne alle bussen der om 1.33, at skoalle ut komt. Om 1.55 geane de bussen dan fuort. Maar use bus kaam mar noait! Oplest roen 2.15 kaam hij… Mei in oare buschauffeur! Fanof die dei tot de dei foar springbreak is de bus sawat moarns én middeis elke dei te let west. Dus allegear tardies op skoalle, dan mast wer nij de front office foar in excuus foar dyn te let kommen, alle leraren matte dat wer feroarje yn de computer… Wat in gedoch. We ha use eigen buschauffeur noait wer werom sjoen!:( Hij wie altiid sa coool. Sa hienen we op in middei in buschauffeur die net engels koe, en hij miste in oaslag. Dus we riiden mar wat, gjinien wist wer we wienen, dat wie echt eng! Mar we binne tus kaam. Ek hienen we in gehandicapten bus op in middei, der sit heel weinig stuoltsjes yn, moesten we mei sien trijen op ien bankje sitte. Haha. It skynt dat der iemand op use route solliciteerd hat, dus waarskijnlijk krije we nei de fekansje wer in feste buschauffeur. Gjinien die wit wat der mei use alde gebeurt is…

Sneon 10 maart ha ik mei Keagan in goeie winkelsessie han yn de mall! Haha. Wie echt heel gesellig. Natuurlijk ek wer even bij de Thai lans west, mei syn mango chicken. Dat is gewoan te goed om net op te ieten.

Sneon 17 maart wie it St. Patricksday. Dat is in iers feest, dus alles en iederien is grien. Ik hie der nog noait fan heart, dus ik liuw net dat we dat yn Nederlan ha. Toch? Downtown hienen se in feest dus der hinne west, moai wat nij Ierse muzyk lusterje, en natuurlijk genoch iete.

It waar is jir echt sa moai! It fielt nog steeds elke dei as in fekansje. Middeis ut skoalle wei sitte we faak bij it swembad foar huswurk, swemme, en brun wurde natuurlijk (want je binne noait brun genoch) Snein 18 maart bin ik moarns roen 7.45 nei Keagan ta gien, en har beppe hat us mei naam nei Clearwater beach! Troch heel Amerika is it Springbreak yn maart, en alle college studenten komme dan nei de kusten ta om te feesten. It wie dus echt super drok op it stran, maar ek heel gesellig. We ha de hele dei wat om ron, swommen, winkels besjoen, allegear minsken op de foto set, en toen we op de pier wienen seachen we in dolfijn! Hij wie echt heel ticht bij it stran.

De wansdeis wer nei it tsjerke foar Lent. (liuw ik) We hienen spaghetti dinner. Ik hie krekt de moele fol, komt der in frouw: I didn’t meet you yet! Emily seit: That’s Hilda! Die frouw: ooh, you’re the exchange student! Ja, sa wur ik jir herkent…

De tongersdeis hienen we in iet-feestje mei us French Honor Society, in club op skoalle. Se hienen jir op skoalle allegear clubs, mar it is net mear sa populair, dus mei hele folle clubs binne se dit jier ophalden, want leraren matte der hele folle tiid yn stekke. Best jammer! Maar, us Frans club bestiit nog, en we ha best folle leden. Kinst ek net samar yn in club komme trouwens. Foar Frans moestest French III of heger ha, en dyn GPA moest 3.0 of heger wese. (GPA bin punten diest krijst mei ciifers… ik liuw dat 5 it heegste is) Gelukkig foldie ik oan al die eisen;p Maar goed, we gienen dus mei syn allen ieten, en Ratatouille sjin. Echt leuk wie dat. Al it ieten wie ‘Frans’. Dus, NUTELLA! Ik hie de stokbole meinaam. Fjirder hienen we croissants en allegear franse koekjes bij de bakkerij wei. Natuurlijk ontbrutsen de pretzels, cookies, coke en mountain dew net, we bliuwe yn Amerika hi. Ja, ik krij jir goed te ieten jer.

Freed 23 maart, 1.33pm wie it safier. We sieten de seconden oa te tellen tot de bel: SPRINGBREAK! Ein-de-lijk wer even frij fan skoalle, der sieten we allegear sinds 3 januari al op te wachten. De bussen gienen allegear 10 minuten earder fuort, sadat we moai betiit tus koenen wese. Natuurlijk kaam use bus wer ris net op dagen, dus wienen wij 20 minuten letter tus. (Ja erg net) We ha de junes nei Sarasota utieten west, om wat familie te sjin. De hostgrandfather hie syn nije filmcamera mei, en ik moest der natuurlijk heeltiid op. Ik tink dat de helft fan de tiid de menukaart yn beeld is, want ik wist oplest net mear wat ik sese moest.

Oarinde sneon gienen we nei Disney! Jaa, Disney World Orlando, Florida! It is jir eigenlijk maar oarel oere wei riiden. It wie sa mooi! We kamen der, en der stie by de yngong op in boardsje: We are open today. Nouja dat wie moai. Toen yn de rij foar in kaartsje. Ik ha in button kriegen mei : 1st visit, hihi. Oeral heardest Disney muzyk, sa moai! We gienen mei in boat, en toen koest it Cinderella Kasteel al sjin. It wie drok! Echt net normaal. We ha wat ieten, dernei ha ik nei de show sjoen die se foar it kasteel utfoerden, mei Mickey, Minnie, Cinderella, Snowwhite, Donald, Goofy, Peterpan, Wendy, jajaa. Dernei ha ik mar wat omron, de attracties hienen allegear in wachttiid fan in oere wat echt jammer wie, want ik hie net safolle tiid. Ik bin wol yn Smallworld west, mei dat bekende feske. Wie echt super mooi! Se hienen allegear lannen utbeeld, en Nederlan wie der ek. Op it einde sei it Doei yn allegear talen. Der stie Vaarwel foar Dutch, wol wer erg toepasselijk omdat we yn in boat sieten… Dernei ha ik nog yn it Cinderella kasteel west, en allegear foto’s makke. Op it einde wienen we nog yn it theater, wer ast Mickey en Minnie Mouse ontmoete koest! Dat wie sa leuk! Dus der stean ik ek nog mei op de foto. Toen ha ik mijn nije friend kocht, Mickey the stuffed animal, haha. Toen moesten we alwer fuort. L We binne nei Celebration west, foar dinner. Dat is in town die Walt Disney ontworpen hat. Hij woe in town meitsje wer alles perfect wie, en wer minsken alles hienen wat se noadich ha, sadat se net fuort hoefe. Nou en dat is it ek. Geweldige husen mei keurig meande tuntsjes, in skoalle, in centrum… Echt moai, echt perfet. Dernei gienen we nei us hotel, wat ticht bij Seaworld wie. Wauw dat hotel wie saa cool! Myn gastgesin sei; ja we matte waarskijnlijk de badkeamer dele, mar kinst wol moai yn de keamer sliepe want de bank is in utfouw bed. Dus we kamen der, en toen dienen we in doar iepen wer fan de tochten dat it de kost wie, wie it in gigantische keamer! Mei in mega bed, telefisie, balkon (mei utsicht op tenniscourts) jacuzzi, in douche wer ast ien sitte koest, echt geweldig. Se hienen ek nog in dive-in movie night die junes, dus ik ha gesellig yn it swembad nei Ice-Age sjoen. Ja, moaie nacht wie dat.

De oare moarnes nei Winterpark west. Dat is in hele djoere sub-urb fan Orlando. Der wie echt san moaie college! We ha even op de campus roen ron, waauw. Moaie husen wer se wennen, in mear en in lyts stran, en moaie kloslokalen! Jaaa werom ha we dat yn Ljouwert net. Foar middeis ieten binne we nei Mount-Dora gien. Dat leit oan in grut meer, en ja, meren binne jir bijsonder. It wie mear yn it binnenlan fan Florida, en der hast echt bergen! Wie sa moai, it lieke krekt as wienen we yn Frankrijk.
Die middeis ek nog even nei Amelan west, natuurlijk even mei de fjoertoer op de foto. Oan it wetter stie in boartsje dat it ferboden wie om der te skiien. Okee dan, dan skiie we jir net. De junes wienen we yn Wiregrass mall, dat is in butendoar mall. Der ha we dinner ieten, by in frans restaurant. Lekker! ;o De ijsjes ek trouwens. Jammer genoch wienen alle winkels al ticht, de Forever21 seach der namelijk wol heel leuk ut… Mar it jilt koe dus yn de beurs bliuwe. Dernei binne we wer nei hus ta gien, toch ek wol wer lekker, op myn ‘eigen’ bed.

Fjirder fan de wieke wat lui west, eindelijk wer even wat bijsliepe =) Wat nei it stran (ik kin hast in sanbak yn myn keamer meitsje) honeymoon island, swembad… Oeeh, en yn Mount-Dora wie der in alde bibliotheek mei in booksale. Koest in tos foar $2 keapje, en dan mochtest der safolle mogelijk boeken ynstoppe ast mar woest/koest! Myn droom fordert in heel ein: Myn eigen bibliotheek! Ik bin dus ek foaral drok oan it lesen. Moarn is der downtown jir in Citrusfair, en snein ha se fair yn Tarpon Springs! Dat is sees mar in kermis, yippee!

Op skoalle ek wer de raarste dingen nei my ta kriegen. Foar 5th mat ik altiid wat brifkes troch skoalle rinne, (stiekem iete we allinich mar cupcakejes;p) en ik moest in brifke nei myn lerares Spaans bringe, dus waar wer ferteld dat ik ut The Netherlands kaam. Hearst ergens ut in hoeke: Cool! Can you speak some Switzerlandisch? Ik wist even net wat ik der nou wer fan tinke moest… Se woenen dan witte hoe ast ‘Lick my toe’ yn Dutch seidest, dus elke kear at ik die klos wer binnen kom, krij ik ‘Lik mijn teen’ nei my ta. Just…Derneist ha se yn myn wiskunde klos ek altiid de gek mei my. Net ferkeard jer, se fiene it allinich mar grappig dat al die grappen mij soms te snel geane. De leraar kaam lesten mei it idee dat ik ien oft oare Afrikaanse taal leren gie, mei dat geklik der yn, want hij foen dat san leuke taal om nei te lusterjen. Ik koe toch al safolle talen, der koe ek nog wol even ien bij. Dat wurdt gewoan meldt, haha. Hij hie it ek in kear oer skoppen fan in kaart spultsje, allinich wist ik even net wer hij it oer hie. Die der krekt as snapte ik niks fan in heel kaartspul, hij hat al de kaarten oan my sjin litten en utgebreid utlein hoe se hieten. Ek fient iederien yn de klos dat ik myn 8 grappig skriuw. Ja wer se allegear wol net commentaar op ha! Maarja, sa giet it jir…

Wat best wol grappig is trouwens, wij sjong altiid mar wat mij mei dat feske fan YMCA. Ik hie altiid gjin idee wer dat eigenlijk oer gie. Nou dat is jir dus in recreatie centrum! Hast se troch heel Amerika liuw ik, en se doche der allegear dingen, sa as musyklessen, dans lessen, se ha in swembad, checkersclub (ik ha ek in bytsje skaken leert! Ik snap allinich it doel fan it hele spul net.) en gean sa mar troch. Dus, der komt dat feske wij… Der stiit yn oan use route fan skoallebus nij hus (wer ik even in foto reportage fan makke ha, haha)

Dit is myn leste fekansje fan dit skoalle jier, dus it giet no asen echt snel. Ik fien it oan de iene kant leuk dat ik wer nei hus ta kin, maar oan de oare kant. Ik gji it jir sa missen! We ha 28 Maaie in dei frij, foar Memorial day. En, wat ik wol erg toefallig foen, 30 april ha we ek frij! Dus ik kin moai Koninginnedei fiere, haha.

Nou dit wie it earst mar wer…

Hoe giet it yn Fryslân?

Leafs fan ût Palm Harbor!

Reacties

Reacties

Imca

Jahaaaa YMCA, dochs moai no.....

Pracht ferhaal Hil en geweldiche foto's.
By "the snake" kriiche ik dochs wat pikefel, jakkes wiedest net bang?

No pop, noch sa'n 10 wike, dan sjogge wy dy wér, genietsje fan eltse dei.

Leafs fan ús allegearre.

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!