Februari

Haai!

Wer even in berichtsje fanof de oare kant oceaan.
Nei allegear spectaculaire titels njim ik it dit kear mar februari,
omdat... it oer februari giet. Jaja.
Alwer in moanne om. Ik hie ferwachte dat de rem der op soe komme disse twa moannen,
maar nee, it gjit allegear moai wat troch.

Op sneon 4 februari gienen we mei de boat. Dat wie wol moai, allegear fan die grutte husen oan it wetter besjin. Der wie ek in McDonalds oan it wetter, haha, koest dyn boat parkere en dan koest sa nei de McDonalds. We bin fan Clearwater helemaal nei John's pass yn St. Pete faren. It wie echt heel leuk, en, die man dwarde it selfs oan om mij stjoere te litten! Hihii. We gienen nog al langsaam want we wienen allegear fan die grutte snelle speedboaten en jachten, it soe krekt wat wese om der tsjinoan te botsen.

Freed 17 februari bin ik direct ut skoalle wei nei Oldsmar gien, wer Miss Barbara my wei helle hat. Ik koe wol wer bij har utfanhus, sadat ik de hele dei nei de twirlwedstriid koe! We binne de freedte junes nei de State Fair gien om de saal op te meitsjen. De fair blykt nog al in grut spektakel te wesen. It duorre fan 9 tot 20 februari. It wie echt sa grut as in pretpark, en oeral wienen kermis attracties, (foaral) iet kraampkes, grutte skuorren mei bisten der yn, musyk, ljocht... Gigantisch! Ik koe der die junes moai frij ynkomme en run rinne, haha, natuurlijk wie ik ek heel drok mei helpen opsette. De oare moarnes om 7 oere wienen we der wer, mar toen wie alles mistig en ticht. We binne nei binnen gien, want der moest nog fanalles gebeure. De wedstriid wie echt super leuk! Sa moai om te sjin hoe dat jir allegear der oan ta giet. It wie foaral interessant. De hele moarne wat sjoen, wat roenron, ik kaam selfs ‘bekenden' tsjin, hoe heart dat. Roen healwei 4 wie it dan eindelijk myn beurt... We stienen mei 5 tagelyk op de flier, it wie in bytsje in sooitsje, maar ach. It gie echt helemaal net goed, en nei al dat getrain wie dat echt ontsettend balen, maar ja. Ik bin bliid dat ik mei dien ha, want die ervaring ha ik der wer bij! Dernei nog even oer de Fair hinne ron. Dat wie net mei opset jer, we soenen regel rjocht nei de auto, mar se wienen ferjitten wer de gate wie, dus it duorre san trije ketier foarat we de goeie utgong foen hienen. It lieke heel gesellig, en raar ieten dat se der hienen. In Hamburger Donut, hoe Amerikaans kin it wurde;p En se frituurden ek alles. Bubblegum, M&M's, wast mar ha woest. Heerlijk;p

Jir it filmke fan myn routine, ik ferget de helft en dus 8 drops, as jim it oandoarre... Klik foaral! http://www.youtube.com/watch?v=bj5AeLUNs0c

Die oare deis ha ik de moarnes myn wiskunde huswurk yn Starbucks makke, der wie ik namelijk oa set foar de moarntiid haha. No is myn giftcard leeg, wat wol erg jammer is. White Chocolate Mocha, jim ha nog noait sa iets lekkers han. En de chocolademolke is ek best lekker, maar Hema bliuwt natuurlijk better hi. De middeis (nei dat we allegear oare dingen dien hienen sa as boadskippen, park, lunch, enz) wienen we krekt eefkes yn de mall. Sjoch ik mie der leuke skuon, hienen se mar ien skoech yn myn maat! Wie ek wer moai, die oare koenen se net fiene. Nouja, dan gjin nije skuon, miskien ek mar better.

Myn LG Cookie is der ek mei ophalden. Ik hie snie yn beeld! Erg onoasel lieke dat. Op skoalle soenen se em even reparere, maar toen bij engels wie it hele beeld swart, toen ha ik em mar oer it skouder smieten. Dat hat ik waarskijnlijk ek net folle better makke.

Skoalle gjit erg goed. Myn skoudertas is alwer feroare nei de rugsak. Gjin Dora of Spiderman, sorry jongens. Ik hald it bij grien, haha. Bij sociologie matte we altiid sociaal dwaan, en dan komt sa no en dan Nederlan even as gespreks underwerp. ‘So, you don't smoke weet? Why not! It's legal!' Ek hienen we it oer wurk, ik sei dat ik yn in icecreamstore wurke hie. ‘Wait, you guys have icecream there?' Ek wiskunde. Ik heel trots: Yes, we have a queen! Wie it even stil. De helft lei dubel, ‘In what year do you live there'? Ja, Nederlan is best interessant. Fjirder bin ik bliid mei myn nije fakken, foaral assistent wese. Sa grappig hoe de leraren my jir ‘kiddo' neame hi. At ik mei in brjifke binnen kom is it: What's up kiddo? De earste kear tocht ik echt; just... We geane de leste tiid sa no en dan even om lunch nei skoaltiid, echt sa grappig, yn de rij, en dan hast ek fan die lunchladies. De pizza mevrouw kin us al (gjin goed teken). Maar we doche ek wolris gesond jer! Eigenlijk meastal, want, raar maar waar, we ha hast genoch fan pizza. Us moaie lunchmenu: http://tshs.pinellas.k12.fl.us/about/lunch.asp En we njimme natuurlijk altiid in bakje fruit mei!

Snein 5 februari wie it superbowl! Dat wienen de twa beste football teams fan Amerika tsjin elkoar. Se hienen it op grut beeldskerm yn it clubhus, wer ik mei Keagan hinne west bin. Hihii, ik hie myn i love NY trui oan, wist ik veel dat yn fan die teams ut New York kaam. Gelukkig ha die won, dus de goeie trui, yeahh. Ik wist net dat it in sa belangryk iets wie, maar opsich hie ik dat ek wol fersinne kinnen sjoen ik wit hoe it yn Nederlan mei fuotbal giet. De reclames binne foaral erg belangryk, alle grutte bedriuwen betelje miljoenen om hun commercial ut te senden, en it binne allegear nije. De oare deis op skoalle wie DE fraag: Welke reclame wie it leukst!? Ik hie der natuurlijk net sa erg op let... Ek de half time show wie belangrijk. Die ha ik mist want yn die tiid ron ik nei hus, maar Madonna wie der, en se ha in Victoria's Secret modeshow. En dan hast ék nog it football self! Haha, ooja. Maar wie wol erg gesellig.

Oarinde freed hienen we frij. Mandei wie it presidents day en toen foenen se it net sa noadich om tus te bliuwen, dan freed mar, haha. Wol lekker even, want we ha pas mei fjouwer wieken fekansje. Sucht. Mar okee. Keagan en ik soenen nei The Vow, DE Valentijnsfilm! Wij moesten natuurlijk Channing Tatum op grut beeld sjin hi. Komme we der, kaartsje keapje, wie de film al begon! Pfft, hienen we it begjin mist. It is jir sa, kaarstje keapje dochst buten, en ast dan ienmaal binnen bist kinst yn principe nei safolle films gean ast mar wolst. Ik hie natuurlijk nei de tiiden fan de dei derfoar sjoen, fander dat we dus te let wienen. Soms fien ik myself gewoan geweldig... Dus wij moai opsiekje, moesten we in oere wachte foar de folgende. Nei wat drinken, popcorn en minsken tsjinkomme die foenen dat wij nei Chicago moesten fjirder, wie it tiid! Earst hast dan ek nog in healoere of previews, en echt álle films wienen leuk! En toen kaam The Vow.. Waaah echt sán leuke film!

Valentijnsdag wie jir trouwens ek ‘big deal'! Ik ferwachte allegear roasen en blomkes en chocolaatsjes en teddyberen en ballonnen.. Maar nee jer, ik ha in penny fan de busdriver kriegen, omdat ik precies $1.99 foar lunch hie. Hahaa, okee, al die roasen en sa, der ron de hele skoalle mei roen! En mega teddyberen, echt leaf. Alle winkels wienen knal read en rose, en net foar 3 wieken, nee folgens mij wie dat fuort nei dat ald en nei en kryst wat oer wie al oan de gong. Ooh, en de kaarten, die wienen hast lieke grut as myself! (En dat is serieus...)

Hjoed, nouja foar jim, juster (Sneon, hè,) hienen we picknick fan de AYUSA. De helft fan us wie der mar, mar it wie wol heel gesellig. Sa leuk om al de ferhalen te hearren. Toen we yn it begjin fan it jier praten wisten we nog net echt wat us te wachten stie, en no ha we allegear us plakje wat fun. Ik koe wol utfanhus komme yn Lyon folgend jier, dus dat sil ek gebeure! ‘And otherwise we meet in Paris'. Haha, en Zweden moest dan ek mar. Yeahh, i like it! We ha praatpraatpraat. Iederien hie wat brocht fanut sien of har lan. Dus ik tocht lit ik nou nog in kear die piepernuten probearje. Ik hie graag tompoezen mei naam mar we ha jir gjin winkel yn de buurt die fan dat spul importeert. Dus nouja, ik wer piepernuten bakke. Serieus, it lieken krekt mislukte pannekoeken! Ik kin it dus gewoan net.

Ik mat asen trouwens ek mar siettsjeltsjes oan myn batavus ha, want fietse ha ik net mear dien sinds augustus, ojee. Ik kin de leste kear net iens mear herinnerje, sá lang lyn! Mei klarinet spieljen it selfde gefal... Horen Spelen Lezen deel 1 is wer oan de beurt.

Ooja! Ik bin der ek ein-de-lijk helemaal ut wat foar opleiding ik nou folgend jier sil dwaan... Ik wie al in heel skoft fan plan om maatskappelijk wurk en psychologie te dwaan, maar omdat ik it jir no wiekelijks yn de praktijk sjoch, blyk ik der toch net sa gepassioneerd foar de wesen. Ek sinds ik op skoalle psychologie han ha, en ik no wit wat ik san jier studere matte soe, wist ik dat it net echt iets foar mij wie. Dus ik siet in heel skoft fest. Ik waar der echt gek fan soms, hele junen op internet lese oer beroepen en opleidingen, studenten mailen oer hoe dit wie en hoe dat wie, en skoallen yn hoefolle talen in opleiding wie, want ja, ik wol iets mei myn talen dwaan. De toeristische sector siet ergens yn myn achterholle, maar ik wit dat ik der net riik mei sil wurde. Uteindelijk ha ik toch besluten om Hoger Toeristisch en Recreatief onderwijs te gean dwaan, of terwijl International Tourism Management, te dwaan. It is op de Stenden yn Ljouwert, en de opleiding is compleet Engels, mei letter nog in twadde taal. At ik klear bin koe ik nei de Stewardessen opleiding op Skiphol (want ja, die ha ik ék nog mailt), en dan hat Hilda wat se wol. Reizen en talen. Ik sil my sa snel mogelijk ynskriuwe bij de Stenden, en dan mar sjin wat der de kommende 5 jier mei my sil gebeure, haha.

Nou ik sil der mar wer in ein oan breidsje. At jim ergens wat oer witte wolle, gewoan sese, haha, dan ha ik ek wer wat om oer te skriuwen.

Bedankt foar al de kaartsjes die ik krij! Myn muorre hinget hast helemaal fol. Echt niks is leuker dan in kaartsje yn de briefenbus sjin!

Oant snel!

Reacties

Reacties

graziella en melissa

super leuk om de twirling show te zien en ik ben blij dat je het nog steeds naar je zin heb .
het is elke keer weer leuk om te lezen wat je zoals mee maakt en zo leer ik ook nog eens fries lezen
hahah
veel plezier nog en op naar de volgende verhalen

dikke knuf van melissa en graziella

Imca

Goh Hilda, wat wer in geweldich en nijsgjirrich ferhaal en goed om nei te tinken oer dyn takomstplannen. Do hast it wol yn it snotsje, dér sit ik net oer yn. Ik praatte fan'e middei mei een man (die is no 40 jier) en dy sei:"Ik wit eins noch net wat ik wurde wol", ha,ha.
Soms kin it wer hiel oars rinne, mar as jo neat besiekje as probearje wurdt it ek neat. Ik bin gewoan sa grutsk op dy Hilda, op alles wat ast ûndernimst en fan plan bist, folgje,dyn hert.
By dyn nije foto's kriiche ik in brok yn myn keel, sa moai om te sjen dat minsken goed om dy tinke, dat se dy net ferjitte. Ek wy binne ticht by dy, ek al bist fier fuort.

Protte leafs fan Immie en de groetsies fan ús allegearre. Dikke tút.

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!