Begjin 2e Semester!

Ik tocht, it wie wol wer in kear tiid foar in ferhaaltsje.
De leste wie namelijk ek ‘foarig jier'! Jeetje..

De jierwisseling ha ik uteindelijk ien myn ientsje utsitten, hè. Net folle speciaals jir dus! De times square klok wie wol leuk trouwens!

Freed 6 januari wie it Epiphanie. Dat is in grieks religieus feest. Sjoen Tarpon Springs, en dus de helft fan us skoalle grieks is, wie der gjinien. Ik siet soms selfs allinich yn de klos! De jongens doeke nei in krus, yn iiskald wetter. De gene die hem as earste fient, krijt segen fan de priester foar it nije jier. Dit jier wie der allegear gedoch. Se hienen in twadde krus yn goait omdat gjinien de earste fiene koe. Toen waar dus de twadde foen, dernei waar de earste foen, en in pear dagen letter beweerde in jonge dat hij it krus as earste hie en iemand oas it fan hem oapakte. Uteindelijk hienen se dus gewoan trije krus winnaars, terwijl der mar ien heart te wesen.
http://www.youtube.com/watch?v=X8i2LCqDbk4&feature=related

Freed 13 januari begonnen use examens. Ik hoefde mar 4 fan de 7 examens te meitsjen, omdat ik perfect attendance hie. Dat wie wol fijn, ik mocht ek nog self utkiese welke. We hienen in heel ingewikkeld roaster, at we in examen makke hienen moesten we namelijk nog gewoan lessen folgje. We hoefden die wieke der op ek allinich mar de tiisdeis, wansdeis en tongersdeis hinne. En jeej, ik ha alle examens en dus dit semester helle! :)

Die mandeis hienen we frij, want it wie Marten Luther King Jr. dei. We ha oer Casey Key riiden. Dit is in eilan wat mear yn it suden. Stephen King, in skriuwer / acteur wennet der, yn in $10 million hus. Ik koe die man ek net, maar at hij beroemd is dan wol ik hem natuurlijk sjin hi. Der wienen moaie husen! Jeetje. We koenen die fan Mr. King earst net fiene. Heel apart ferhaal, at we oan minsken freegen, waren se heel stil. Iederien fertelde us wol welke kant it op wie, maar we koenen der net komme omdat der in Private Road begon. Toen wienen we bij die Private Road en der ron in frouw, dus wij sa freegje hi. Seit se; I don't know about a Stephen King, where did you here that? Slechte actrice, haha. Dernei binne we nei Venice west. Ja, it selfde as Italië. Se njimme dat sa omdat der wat kanalen troch hinne rinne. Op it stran der kinst om shark tosken siekje, wat we folgende kear dwaan gjinne! Der ek nog wat minsken om Mr. King freege, mar deselfde reactie, se waren allegear heel stil. Echt mysterieus, ik ha die junes fuort undersiek dien, mar ik koe niks ferdachts oer hem fiene.

Fjirder binne we op in snein nog nei in heritage village west, dat wie echt moai! Allegear alde husen, skoalle gebouwen, in treinstation, en in mune mar die ha ik mist! L Dit wienen echte gebouwen die se ferplaatst ha nei dit bosk. Der wie ek in flindertun, en der wienen minsken die gienen trouwen! Echt sa mooi, mei allegear fan die wiete stuoltsjes en in podium. De flinders wienen ek moai jer.

Oarinde mandei is it twadde semester begon, foar my mei trije neie fakken! N&W ha ik omruile foar Global Studies. Dei 1: Topokaart Europa, erg simpel. Maar toen, de kaart fan de staten... Fail! Haha, ik hie der dan ek wol 6 goed. 2d/3d Art ha ik omruile foar Sociologie, wat erg interessant is. Best moeilijk om opiens te tinken. Bij psychologie moesten we alles oer it individu sese, mar we matte no nei de groep sjin. En dan psychologie ha ik omruile foar Teacher Assistant. Ik mei bij Mrs. Lamantia yn de front office sitte. Sei is de administrator. Is erg leuk wurk! Brifkes troch skoalle bringe foar minsken die oproppen wurde, en fjirder wat mei Mrs. Lamantia prate, huswurk, lese, iete. Haha. Hjoed kamen se fan Culunary lans mei cupcakes. Wit ik ek wer die altiid ferdwiene, mar no hie ik ek ien, haha.

Ooja, ik ha ek nog try out dien foar Softbal, (jaja) wat erg flauw wie. Iederien fan foarig jier wie werom kaam, dus se hie eigenlijk har perfecte team al foar har. Ik en nog trije oare famkes wienen der dus eigenlijk foar niks! Nouja.. We ha dat ek wer even besjoen.

Ik kaam der ek achter dat bij myn Demographic Info op skoalle stiit dat ik fan de Nederlandse Antillen kom! Hoe fersinne se dat nou wer. Ik freegje mie oa at ik der ek wat oan feroarje mat, of it gewoan litte sil.;p

It waar is jir trouwens perfect. Echt heerlijk! Begjin januari hienen we selfs in dei mei 28 graden! Waauw... Der wie ek in nacht dat it friese soe, wat ik wol in leuke ervaring foen. Echt de hele buurt hie de planten covered mei doekjes, plastic poetsjes en kleden, omdat se bang wienen dat de planten it net helje soenen. Oarinde tiisdei bin ik mei Keagan te swemmen west, wat nog best kald wie, maar wol lekker! Yn januari!

4th Period, Pre-calculus.
Der rint in jonge yn in bananenpak roen, mei in basebal knuppel. Mr. Priddy freeget sa wat hij oan it dwaan wie, mar hij hie net in goed anwurd foar. Dus, Mr. Priddy bellet front office:
I need an SRO around building 9 please, there's a boy in a banana costum with a baseball bat.
De front office: Allright, banana with bat, be right there!
Tsja, just another day at Tarpon High..

18 juni om 9:30 AM stean ik op Skiphol!
Nei dat ik in wiekje mei mem fuort west bin, want jaa, die komt!:D

Mar earst nog mar even geniete, want serieus, die tiid gjit echt sá snel!

Reacties

Reacties

graziella

geniet er maar lekker van
ook de week dat je moeder komt
het gaat idd snel maar ik vind het leuk je verhalen te lezen
tot gauw
graziella en melissa

Gerbrich

Heei!
Ten earste: wat in grappig filmke!
Sjochst yniens ol die jongens it wetter yn
dûken. xd.
mar foarol, wat in leuk ferhaal wer! en wat goed dast dyn examens helel hast! Topper!

tot gauw!
xx

Imca

Hey Hilda,

Wat dochst it geweldich Hilda, ik bin super grutsk op dy.
Krekt as Gerbrich haw ik it filmke ek besjoen, ha,ha. So, dat is goed kristlik om in krús ôf te pakken. Ik fûn it wol humor, mar de minsken dér hechtsje der in soad wearde oan sa te sjen.
Geweldich dat mem yn juni dyn kant út komt, kinst har moai sjen litte wer ast do in jier libbe hast. En dan sjogge wy wer tige út nei dyn komst hjir yn Fryslân.
Sa fier is it noch net, dus ik soe sizze: genietsje der noch goed fan, want do kinst no sûfer ôftelle.....

Leuk om wer even wat te hearren.

Protte leafs fan: Immie, Durk, Rianne, Jacco Durk en Klaas Gerrit.

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!