Winterholidays

Toen wie de fekansje al hast wer foarbij...

De leste wieke op skoalle wie erg gesellig. Foaral de leste dei. Ik krieg fan alle kanten leuke doaskes mei koekjes en candycanes! We hienen ek allegear ‘partys' tiidens de lessen, wat stiit foar ‘safolle mogelijk iete'. Ik wist net dat kryst echt sa grut wie. It is de tiid om iederien te bedanken, foaral mei koekjes. Ik ha genoch ieten binnen kriegen dus.

De sneines, 18 december, binne we nei Apollobeach west. Der wie in magnetisch fjild, en dat luts Manatees oan. Oan de iene kant seachdest wetter en moaie beamkes, mar ast die omdraaidest wie der in grutte fabriek. En stjonke! Mar de manatees wienen leuk. Ik kin mar net in goeie foto fan die beesten krije, ik bin heeltiid te let. Dus ik ha yn it informatie centrum mar even in foto fan in foto makke, dan witte jim hoe in manatee der ut heart te sjin. Dernei binne we nei in boer west die liet sien grjinte ‘yn de loft groeie'. Dat gie op de manier dat hij allegear blompotten op elkoar stapele, dus ik wit net precies wat foar nut dat hie. Maar, we ha der in tomaat kocht, en serieus, dat wie de beste tomaat die ik oait han ha! Dernei binne we nei in hikingtrail west, heerlijk even troch it bosk rinne. Letter op de middei binne we nog nei in fleemarket west, dat wie gigantisch! It is elke dei iepen, en it binne eigenlijk gewoan allegear lytse winkeltsjes, mei super goedkeape dingen, echt alles kinst krije.

De tiisdei te jun derop wie it dan safier, lock-in mei de youthgroup! We binne earst mei syn allen nei Tampa west, nei de ‘Grand Prix'. We gienen go-karte. Dat hie ik nog noait earder dien. Kinst die foarstelle, ik foen dat natuurlijk dea eng;p Dus iederien skeurt mie der foarbij mei it earste runtsje. Maar dernei wie ik ek oan it sjesen! Ik bin beneid nei de foto's, ik sil wol net sa professioneel liekje. We koenen der ek nog putput golfe, wat oplest net sa serieus mear wie want it wie nogal dreeg. Derneist wie der ek nog in game hall. Roen tsien oere gienen we wer werom richting Palm Harbor, allinich wienen we toen ferdwaald. We riiden der yn san enge achterbuurt roen mei allegear Spanjaarden die op strjitte wit ik wat oan it dwaan wienen. Uteindelijk ha we it paad werom foen. Roen olve oere arriveerden we yn Palm Harbor bij, jawol, de McDonalds! Altiid lekker, patat en in hamburger om 11pm. Dernei binne we nei it tsjerke gien. We ha de hele nacht spultsjes dien, films sjoen, ieten, en praat. Run 7 oere hienen we it allegear compleet han, en toen foen iederien it in goed idee om te gean sliepen. Hehe, der wurde je better fan, tsjongejonge. Healwei achten... BAMBAMBAM. Wij tochten earst dat it de oare keamer wie die us wekker makke, hun tochten it selfde, dus iederien gjit de gong op, blykt dat it de timmermannen wienen die it dak repareerden. Dat wie it einde fan us gesliep. We ha dus mar ontbijt han (chocolade donuts) en tiid om nei hus. Echt in leuke nacht!

De wansdeis ha ik net sljipt, allinich mar drokte. We binne te swemmen west, en we ha ek even gebruk makke fan de jacuzzi. De middeis wienen we te kuierjen, moaie husen sjoen! It wie de twadde nacht fan Hannukah, wat se jir tus fierden. Omdat we der allegear de earste nacht net wienen, ha we it disse nacht mar wat grutter fiert, mei potatopancakes, wat se bij Hannukah iete. Ik hie Jacob in neie cd makke, dus gjin Justin Bieber mear yn de auto.

Tongersdei ha we in Gingerbread house makke. Dat wie echt compleet mislukt en it wie ien grutte bende, maar it wie wol leuk! De junes wienen we nei in feestje yn Clearwater, oan it stran. Ten earste hiest in jongleur die der neat fan koe. Hij liet heeltiid sien kegels falle. Hij soe ek even mei fjoer, iederien gie in pear stappen achterut. Dernei soe der mei bowlingballen, en toen sette hij in bouwhelm op! Nouja, dan wist it wol hi. Der wie ek in surf&style, in winkel diest jir wol mear sjochst. Mar disse hie in hele surfbaan binnen! Dat ha ik no nog noait sjoen, minsken wienen gewoan oan it surfen yn de winkel, mei echt wetter, hihi.

Freed binne we nei it stran west. It wie sufer hiet! Wol apart jer, yn in rokje yn December op it stran roen rinne. De junes wienen we wer nei in feestje, en ontmoete ik Hannah, en ik praatte even mei har, en blykt dat sei frienden is mei in jonge ut use ayusa groep! Haha, hoe toefallig. Mei har koe ik it wol heel goed fiene, we ha yn ieder gefal genoch bepraat.

Sneon te moarne ha ik fuotballe! Hihi, jaja, tsjin de buorman en jongens, die ut Spanje komme. Dat wie natuurlijk wer geweldig, Spain against Holland. Guess who lost? Super Fuotbalheld Hilda net jer;p De middeis binne we te swemmen west! Swemme mei kryst. De junes bin ik mei de buorfrouw nei it tsjerke west, foar Christmas Eve. Dat wie echt sa moai! Echt apart, ik moest no it boekje der bij ha foar de tekst fan de fekses. Der wie in heel grut koor, keaskes, in moai kerstspel troch 3 en 4 jierigen (mummy! I'm heeeere! ), en moaie feskes. Ja, dat ferjit ik noait wer. Dernei ha we krystljochtsjes besjoen. Waauw, dat is jir nogris wat. Echt net normaal, hoefolle ljocht minsken om hun hus hienen. En grutte knipperljochten op it dak, bewegende opblaas poppen, sjongende krystmannen, gji mar troch. Echt super.

Krystdei wie foar mij dus net folle bijsonders. Wol erg jammer dat ik it idee fan cadeautsjes yn de sok net mei meitsje yn Amearika, mar it makket ek niks. Ik ha rjappel skylt en broccoli makke, in écht krystmiel, haha.

Foarige wieke mandei binne we nei Siesta Key west! Dat is it #1 stran yn de hele USA! Hihi. Natuurlijk, it reint noait, mar hjoed wie alles griis. Nouja, dat makke niks. We ha, nei dat we nei it stran west wienen, villa wijken besjoen. Serieus, dan wolst jir echt wenje jer. Sá moai! En allegear oan it stran. Ik ha in pear op de foto set. De measte stienen heal ferstoppe achter allegear tropische planten, dus die kamen net dudlik op de foto. At ik op in dei ryk bin ferhusje ik miskien wol. Underweis ek nei Ellenton west, in outlet winkelcentrum. It is in soart Batavia stad. It wie der ontsettend drok, we ha 15 minuten oan it parkeren west. Twadde krystdei bestiit net yn Amearika, erg raar. Yn pleats derfan wie iederien syn kryst cadeautsjes oan it omruilen, want, sa gjit dat jir, it bontsje wurd faak meistjoert. Hoesa dankbaar wese. Re-gifte is ek populair, it cadeau dus oan de earst folgende jierdei jaan. Maar goed, ik ha neie skuon! Eindelijk myn eigen Allstars. Ooeh, underweis dienen we in spultsje. Jir binne no namelik allegear toeristen ut heel Amearika, dus we gienen licence plates tellen. Echt sa leuk, se kamen oeral wei! Selfs ien ut California! Mar goed, toen wie der ek in auto (die kaam gewoan ut Florida) mar die hie in sticker achterop, en der stie Limburg op! Waah, wat is de kans op dat.

De wansdeis hie ik in heel moai plan makke. Ik soe mei de bus nei Clearwater beach, en gewoan even in dei utwaaie. Dus, ik dat hele ein nei de bus rinne.. Toen ik bij de busstop kaam, kaam der gjin bus. Dus ik sa nei dat numer belje, kaam de bus net! Puh. Toen wer werom rinne, op sokken, want ik hie blierren fan myn neie skuon xd Hihi, ha ik dat ek wer meimakke.

Tongersdei te jun wienen we yn Safety Harbor bij in hus, en die hie de hele tun moai fersiert. It wie in heel doolhof! En it wie net gewoan fersiersel, alles, mar dan ek echt alles wie fan recycled materiaal.

Freed bin ik mei Jennifer en Robin nei Sherlock Holmes 2 west. Echt in goeie film! We soenen in small coke helje, mar omdat Jennifer bepaalde kaarstjes kocht hienen, kriegen we in medium foar de priis fan in small. Der siet gewoan 1,3 liter cola yn dat ding! ;o En dat wie dan nog mar medium. Ik ha folgens mij net iens in tredde han;p Dernei binne we nei de mall west. Natuurlijk eindigden we oplest yn de food court. Der stienen allegear minsken hun samples ut te jaan, dus wij earst it runtsje om. De thaise kip wie it lekkerst, dus wij dat helje. Nou en ik moest in kear in Chick-fil-a Milkshake probearje, want die skynden de beste te wesen. Haha, en of dat ik lekker ieten ha!

Hjoed, New Years Eve. Fannemoarn mei al de buren om koffie (thee dus) west. Toen hurd even nei de bieb, der wie Marlies ek werris. Se wie de oarinde wiken yn Nederlan west. Haha. It is echt sa raar om ‘yn it echt' Nederlands te praten. Ik koe der niks fan! Help. Beide allegear engels der troch hinne;p Toen tus, myn temperatuur toch mar ris opmjitte. Ik hie it wol troch, maar ja jer, koorts. Ha je dat wer. Se foenen it in better idee dat ik myn middei en june utrusten gie, yn pleats fan feeste en stran yn St. Petersburg :( Dus no sit ik tus! Noait siik, en dan no... Maarja;p

Ald en nei is jir net folle spectaculairs. Ik sil jun nei de klok op Times Square sjin (foar de televisie jer) mei Lady Gaga! Fjoerwurk ha ik nog net ontdekt. Folle minsken wachtsje net iens tot 12 oere! Nouja. Folgend jier mar wer.

Mandei ha we gelukkig nog frij, en dan tiisdei mar wer op nei skoalle. Ik mat hast mar wer oan huswurk begjinne te tinken...

Ik ha trouwens ek even wat foto's underweis makke. Ik toch miskien is dat wol interessant, hoe de sneldyk der jir utsjocht, haha.

Ik winskje jim allegear in goeie jierwisseling,
en alle goeds foar 2012!

Reacties

Reacties

Imca

Wat wer in ferhaal Hilda, ik hoopje das't gauw wer better wurdst. En mast ris sjen, no is it alwer 2012, dit jier komst alwer thús. (tenminste as it goed is,ha,ha).
Noch mar lekker even fan dyn fakânsje genietsje, húswurkje en hoopje das't tiisdei wer fit genoch bist en oars mar goed útsiikje frou.

Ek do en dyn Amerikaanske famylje: Alle goeds foar it nije jier.

Protte leafs fan Durk en Imca
en in hiele protte kroepkes fan Rianne, Jacco Durk en Klaas Gerrit.

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!