Universal Studios

Waah, jim riide noait nei wa ik swaait ha...
Skipper, Junior, Kowalski en Rico!
Hihii, ik fien die pinguins echt geweldig.

Freedte jun ha Miss Barbara en Miss Lynann my ophelle. Ik ha bij miss Barbara tus sljipt, disse kear wist ik wol wer myn keamer wie. De moarnes om healwei 8 binne we opwei gien nei Universal Studios yn Orlando! We sieten oplest mei syn achten yn de auto, hihi. We ha ontbijt hoan bij de McDonalds, no bin ik in echte Amerikaan. We kamen oanriiden bij Universalen der stie in grutte rij foar it parkeren. Wij mochten bij King kong parkere. Dernei gienen we nei de yngong fan it park, en dat hoefdest net te berinnen, nee, dat gie mei fan die plotte roltrappen diest ek op it fleanfjilt hast. Ik wit net precies hoe saiets hiet. Lekker lui :)

Nou de earste attractie wie de Rockit achtbaan. Se hienen mie hast safier dat ik der yn soe mar ik doar dat écht net!;o hihi giest stijl omheeg en dan giest oer de kop, mar dat wie net gewoan oer de kop, draaidest heeltiid om de baan hinne. Niks foar mij;p En ja, der mat toch iemand op de tassen passe, dus die taak ha ik mar op mie naam.

Dernei binne we nei Shrek 4D west. Dat wie in film, en sietsest yn in stoel, en dan koest alles fiele wat yn de film wie. Dus we bin wiit wurden, en we har op in ezel sitten;p En die 3D wie echt sa goed makke, we hienen san briltsje op, en it lieke echt krekt as kaam de geest op die oa fleanen, of dat der in speer liek foar dien neus wie. Ik ha selfs in pear kear bukt!

De folgende attractie wie de mummieachtbaan, die wie binnen. De wachtrij jir foar wie echt leuk! Se hienen in heel egyptisch thema en it wienen net fan die saaie rekjes. Dit wie bijna bij alle attracties sa! Ek ha we oer de hele dei net langer dan 10 minuten foar in attractie wachte, wat heerlijk wie natuurlijk. De achtbaan wie highspeed. Dus der wie san heel ferhaal oer in mummie, en dan sist sa te lusterjen, en opiens; zoef, der gienen we. It wie helemaal donker en sa no en dan wie der opiens in mummie foar dien holle. Erg fijn. Op in gegeven moment kamen we keisnel fan boven oa, en toen we under wienen stienen we plotseling stil. Dernei gienen we achterut, en dan tinkst dus dast nei boven gjist, mar nee, we gienen opiens heel stijl nei under! Hihi.

Dernei... Oojee ik wit it al net iens mear. Ik liuw nei Man in Black, Alien attack. Disse wachtrij wie ek echt wer super! In heel Alien kantoor. Ek mei in kantine, der sieten de Aliens oan de koffie;p We gienen yn karke mei us seisen, en we moesten mei in soart laser pistoaltsje op Aliens sjitte;p En dan op it einde koest sjin wa de measte punten hie. Ik wie tredde, jaja xd.

De folgende attractie wienen de Simpsons. Dat wie echt saa mooi! Giest yn in soart lift, en toen we der utkamen wienen we yn in super lyts hokje mei in karke foar 8 persoanen. Dus wij yn dat karke, en toen gienen we opiens nei boven. We wienen mei us ‘achtbaankarke' yn in mega bol. Rjochts fan us kamen nog twa oare karkes nei boven, hihi. Mar goed, die bol, dat wie ien en al film. It lieke dus krekt as sieten we echt yn in achtbaan, en dat karke bewoog mei. Dat wie echt saa mooi!

Nei de Simpsons ha we in grutte hamburger ieten, hij hiete dan ek; ‘the big one'. Mei natuurlijk in chocolade ijsje derbij. Toen binne we nei ET gien. Dat wie ek wer echt geweldig! Jeetje. Us karke bestie allegear fietskes, en it wie festmakke fan boven, dus hiest it gefoel ast fleachdest echt mei it fietske. Echt super mooi! Op in gegeven moment fleachen we boven in sted bij donker, en de sterrenhemel oeral om us hinne, en toen seachdest use skaduw foar de moanne, krekt as yn die echte film. We moesten oan it begjin use namme opjaan, en E.T. soe dat dan sese, mar ik ha dat ha we mei syn allen net heard.

We ha nei ET it einde fan in animalshow sjoen, wat erg grappig wie. Allegear huntsjes en foegels en in barg en in aap. En die kamen dan allegear ut in film.

Toen wie it tiid foar us favorite part, de speeltun. Hihi wij der fan de gliidsbanen oa;p Raelyn gie earst, en dan kaan se wer boven om te fertellen wer it utkaam. Nou en dan wij der ek oa. xd En natuurlijk moesten we yn de achtbaan, dat wie in soart ‘kikkerachtbaan', helemaal myn niveau dus.
Nei dat we utboarte wienen binne we wer richting de Rockit achtbaan ron. Underweis wienen der in pear street/breakdancers, die wienen echt heel goed. Dus dat even besjoen. Toen ha ik mar wer even op de tossen post.

Dernei moesten we omklaaie foar de parade! Se hienen gjin read mei swarte pakken wer Katie en ik yn posten (want wij binne wól lang) dus wij kriegen in moaie silver mei blauwe oan, haha. We koenen dertroch net mei de aldere fammen meirinne, dus wij ronnen achter de wat lytsere famkes oan, wat wol jammer wie, maaar dat hindert niks, want it wie nog steeds súper. Nei twa oeren achter de skermen wachtsje begon de parade dan eindelijk. It wie yntussen al donker, wat it allegear folle moaier makke. It wie saa super! Echt iets wast noait wer mei makkest. Sáfolle minsken stienen der oan de kant fan de dyk! Echt super. En de parade wie heeel lang! Wij ronnen aardig foaroan, dus toen we klear wienen ha we achter de skermen de rest fan de parade nog even besjoen. Dat wie sa leuk want al die minsken kamen gewoan mei us praten ensa. En der wienen se jer, de pinguins! Ik hie se earder al in kear sjoen toen ik bij de achtbaan siet te wachten, mar no gie ik nei se swaaien. Hihi. Nouja der wienen helefolle film figuren, en allegear grutte ballonnen, dansgroepen, drumbands, cheerleaders, fanalles! Ik hoop dat iemand it op youtube set, dan kin ik it jim sjin litte! Want it wie echt super.

Nei de parade use tos wer siekje, omklaaie, en toen hienen se mie eindelijk oerhelle om mei yn die achtbaan, mar toen wie die krekt fiif minuten sluten... We bin nog even troch de souvenirshop west, en dernei dan mar op nei hus. Wie de dei wer ik twa moannen nei ut sjoen ha alwer foarbij.
De werom reis wer bij de mcdonalds ieten (hihii) en dernei sliepend nei hus.

Wer werom bij miss Barbara mar snel op bed! Fannemoarn as ontbijt aai en bacon hoan, jammie;p
Toen bin ik mei har nei it tsjerke west, wer iederien natuurlijk wer moaie ferhalen oer Nederlan hie. It wie frjemd dat ik nog meer noorderlijk as Amsterdam wenne, dat koe hast net! Haha;p Ik ha in beerke mei huning kriegen foar myn visite.

Nouja toen wie it wer foarbij, we ha bij Panera bread ieten en se ha my wer tus brocht. Echt in ge-wel-dig wiekein!!

Fjirder disse wike... Ooehja ik krieg in pakketsje fan Joukje en de familie. Echt super leuk! Yn in moai pip studio doaske. Ik hie Joukje ferteld wat ik allegear woe (ipod, justin bieber sjongende toskeboarstel, in wii mei trije spultsjes en allstars) en dat ha ik allegear kriegen! Hahaa;p En chocolade piepernuten en in cosmogirl, echt suuper leuk! Dankje!!:) En pake en beppe stjoerden my nog in choclade letter en chocolade munten, heerlijk! :D
Wansdei kaam de insecteman mei sien citroen spray. It hele hus stonk xd Wur ik de oare deis wekker, grutte swarte flek op de flier, ja jer, in cockroach. Goh wat helpt dat spul ek wer, it lukt se allinich mar oan lieket it, want ik hie yn gjin tiiden ien sjoen. Bij frans moest ik in presentatie halde. We moesten in sted tekenje en mei in lyts autootsje moesten we dan directies yn frans sese;p Hihi xd Iederen lake om elkoars autootsje. Mar okee, Hilda did well, ik ha 300 fan de 300 punten kriegen, jippie!
De junes kaam Santa Claus, dus der ha we even nei swaait.
Fjirder kaam ik der achter dat se in fisclub op skoalle ha. Hihii echt sa grappig;p Gji se mei syn allen te fiskjen.

Ik ha fan miss Lynann in opgave formulier kriegen foar de Florida State Fair, February 18, 2012. Myn earste twirlwedstriid! Ik ha der no al syn yn, mar earst nog mar even hurd traine. Yn de fekansje geane we de flats en it einde nog dwaan, en dan bin ik klear mei de routine. Jippie!

Hele folle foto's wurde my nog opstjoert, dus dat matte jim sa no en dan mar even yn'e gaten halde.
Nou ik sil nog even in wiekje trochsette, en dan winterholidays!

Reacties

Reacties

Dina

Wauw wat wer in ervaring prachtig.
Wij ha in kear nei Euro Disney west dat wie al grut mar dit is nog folle grutter sjuch ik wol.
We ha Shrek fanne simmer nog sjoen yn Movie world ek yn 4D wust lekker wiet foarla at dy ezel efkes prûst.
Dy 8 banen binne net niks wust al raar ast der nei sjust. Hast der goed oan dyn om op de tassen te passen is ek hiel belangryk doch ik ek graag.
No dyn 1e twirlwedstriid geweldig.
It is in hiele goeie datum 18 februaris.
Mast wol efkes trochjaan hoe it giin is hjer?
Mar in protte succes en in protte wille.
groetsjes fan Dina

Marieke

Het klinkt echt allemaal super!! Hadden we in nederland ook maar een pretpark wat voor de heflt op dat pretpark lijkt :P
en echt super leuk voor je dat je nu meegedaan hebt met die parade!!!! =D

'xx Marieke

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!