Sinterklaas

Ek ik ha fannejun Sinterklaas fiert,
mei piepernuten, cadeautsjes, skumkes, taaimantsjes én in echte swartepiete hoed!

Hihi. Foarige wike mandei kaam ik tus, dweiltroch wiit fan de rein. Ja it reint ek yn Florida. Der hie ik net op rekkene, fander ek dat ik erg wiit wie. Toen ik de doar yn ron, seach ik in gigantische doas op tafel stean, mei myn namme der op! Der siet in super moai gedicht yn, skumkes, piepernuten, in chocolade letter en taaimantsjes! Hihi, dankjewol Sinterklaas! Wat wie ik der bliid mei.

Ik hie beloofd dat ik ek piepernuten soe meitsje. Natuurlijk gie dat helemaal goed. Ik hie alle ingrediënten kocht, en juster soe it dan wurde. Ik it beslag meitsje, lytse boltsjes draaie en hup, yn de oven. Toen ik se der 20 minuten letter uthelle, lieken se net echt mear op piepernuten... It binne plotte roene koekjes wurden. Derneist wienen se wol te ieten, mar in bytsje hurd. Haha, ojee.

Mar we ha in erg leuke jun han. Mem hie in leuk pakketsje opstjoert (dankjewol mem!). Jacob hie de stoomboot kriegen, die we natuurlijk metien knutselje moesten. Resultaat stiit op de foto. Ek hienen we beide in swartepietepet kriegen, die we de hele jun op han ha. Fjirder ha ik nog de Hitzone Best of 2011 kriegen, hihi, kinne we wer even wat oare musiek yn de auto lusterje. Yn it begjin wie it allegear wat raar hoe Sinterklaas wurke, mar uteindelijk foenen se it jir toch wol leuk. Mei Sinterklaas FM op de achtergrun mar piepernuten iete, wat natuurlijk it moaiste wie.

Ik sit even te betinken wat ik mear beleefd ha de oarinde wike.
It wiekein wie ontsettend drok, we wienen ‘all over the place'. It moaiste wie dat we nei it rose hotel west bin, wat Don Ce Sar hiet. De sus fan de friendin fan myn gastgesin (snappie?) hie in trouwerij han freedte jun, om healwei seisen op it stran foar it rose hotel, mei in perfecte sinsundergong. Dat is toch geweldig? Maar goed, we ha der yn it swembad west en wat roen sjoen, mooi! De junes binne we nog nei in boatparade west, wat ek heel moai wie. Dat ha ik jammer genoach net sa moai op de foto krije kint, de boaten wienen namelijk best fier fjourt sa dast allinich mar de ljochtsjes sjin koest.

It wie foarige wike mandei tot en mei tongersdei ek best kald trouwens! Ja, 12 graden! Ik tocht dat ik befriezen gie. Dat wurdt asen yn juni echt nog wat jer, dan rinne jim yn de koartebroek en dan mat ik de trui oan. Mar gelukkig, it is no wer 25 graden.

Fjirder ha ik ek eindelijk in oasnijpaadsje foen, sa dat myn 40 minuten rinnen mei 10 minuten ferkoarte wurd! Hehe, dat helpt in heel ein.

De minsken binne jir al helemaal yn de kryststemming. Echt geweldig, ik tink dat dat tot no ta ien fan de moaiste dingen is die ik oan Amearika sjoen ha. En dan is it nog net iens echt kryst! It is wat moeilijk ut te lesen, mar op de ien oft oare manier is kryst wol erg oas no it sa waarm is.Ergens mist in stikje 'waarmte', fan it binnensitten bij de ferwarmingmei deljochtsjes al oan om 5 oere.Maardat hindert niks, it bliuwt moai.Se fersiere hele husen, echt net normaal. We ha in hus sjoen die it hele dak fol mei knipperljochten hat, al de beammen sitte fol mei ljoch, en de complete tun stjit fol. En dan bedoel ik ek echt fol! Oeral stjit wol iets wat beweegt en ljocht jout. En ek nog in stik musiek derbij! Yn'e hus koedest 3 krystbeammen stean sjin. Ja, echt geweldig. Foar de boatparade wienen we yn downtown Dunedin, en dat is ek helemaal fersiert, krekt as downtown Safety Harbor. It is allegear sa gesellig! Oeral ha se musiek en kraampkes en ieten. Echt in leuke tiid. Mar sa at ik al sei, it is nog net iens echt kryst.

Foarige wieke ek wer in rapport han. Nou die seach der mar wer moai ut jer. Fiif A's en twa B's, op engels en psychologie. (Twa 8.6 ‘en jer! Hihi. ) Ek ha ik de FCAT helle! Jeeej!:) Ik ha in pear seniors heard die it nog steeds net helle ha:O Wol sneu, want dat matte se echt helje foar dat se jir hun diploma mei krije kinne.

Ik bin foarige wike trouwens ek nei in college campus west. Ik doar it hast net te sesen, mar witte jim wol hoe leuk dat lieket? Ast jir nei college gjist (dat is allegear hbo, hast net leger of heger. Bij de measte studies hast nei fjouwer jier dien bachelor en nei 7 jier dyn master) dan wennest op campus mei syn allen. Dus sees mar studentenflatsjes die bij de skoalle hearre. Disse campus hie allegear sportfjilden ensa, en selfs in stran mei boatferhuur! Student wese is jir folgens mij echt helemaal geweldig. Mar sa at it no stjit kom ik gewoan tus en bliuw ik der foarlopig ien iedergefal de earste twa jier ek, dus gjin soargen. Hihi.

Snein kaam ik in man fan Jamaica tsjin, die de gek hie mei us fuotbal. Wij hienen dan trije kear yn de finale stien, en noait de wereldcup won. Ten earste wist ik dat helemaal net, want ik ha nul punt nul ferstoan fan fuotbal. Derneist lake hij mie gewoan keihurd ut!:O Krekt as kin ik der wat oan feroarje mei myn fuotbal talent. Jeetje. Ik hie sein dat Jamaica oas ek nog noait won hie (ik sei mar wat, ik wie der net iens seker fan) Mar dat foen hij ek mar wer grappig want hun sitte net yn de FIFA ofsa? Wit ik wer hij it oer hie. Nouja ik bin oplest mar fuort gien want ik lieke nog al dom tsjinoer hem mei syn fuotbal. Puh!

We hienen op skoalle in lock-down. De bel gie midden yn de les, en dan hearst san man troch de intercom praten, heel sachtsjes, dat de leraren snel alle doarren op slot moesten dwan, de ruten bedekke moesten, en de leerlingen moesten heel stil wese. Ik skrok echt want ik wist net wat der oan de han wie! Gelukkig wie it dus mar in oefening, mar se seinen dat se it wol in kear beleefd hienen, dat der iets oan de han wie buten skoalle en dat se in lock-down hienen foar it gefal de criminelen op campus kamen! Eng.

Nou ik liuw dat dit it wol san bytsje wie.
Ik tink altiid; Ooh, dat mat ik folgende kear ek echt yn myn blog sette!
Mar ik ferjit it altiid wer. Ik mat mar in boekje meinimme om it op te skriuwen.

Oant de folgende kear!

Reacties

Reacties

fan beppe.

ol wer genoaten fan dien verhaal. Fijn dast ek een keer wiet wudden bist. De hagelstjinnen fljugge us hjir om de earen en een stik hudde wien ba niks oan. No die piepernuten fan dei der kist wol oktrooi foar oanfreegje kist ek nog riek wurre. Ha ha. Dus toch nog sinterklaas fiert dat is leuk. Bij us siet er nog een hazelnoat letter H ien die is ek vast foar dei komt vast nog wol. No Hilda bedankt foar dien verhaal prachtig en dan mar wer oant een volgjende keer he, groetje fan us ut Eastrum

Imca

Wat wer in hearlik ferhaal en knap dat de pipernûten aardig slagge binne (gjin oven ontploft en se wiene net swart). Bist gewoan krekt sa'n keukenprinses as dyn mem, ha,ha.
Wat hast geweldiche sifers Hilda, dyn muoike is sa grutsk op dy en komst echt thús nei dit jier hi ?????

Protte leafs fan ús allegearre.

Baukje

Jahahaaa de earste 2 ier wol ja (:

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!