Thanksgiving

Hoihoi!

Ja, ik bin der ek nog.
It is alwer in tiidsje lyn, dus dit kear wer wat in langer ferhaaltsje.

Begjin november net safolle bijsonder beleefd.
Wol binne we te putputgolfen west, ik hie twa kear hole in one, jaja, in echt talent.
Ek binne we op in jun nei in restaurant west, wat Dutch Heritage wie! Jaja, eindelijk werris lekkere rjappels han, mei jus! :)
Skoalle wie gewoan skoalle, we ha hurd oan it wurk west foar it einde fan de twadde seis wieken, de twadde rapport periode dus. 17 november wie it Day of Education. Der kamen allegear gastspeakers praten oer hun baan. Toen ik fransklas hie kaam der in filmmakker binnen rinnen. We moesten self in script skriuwe, en hij hat us filme. We krije de DVD derfan selfs te sjin, ojee. Ik wie presentator, ik bin beneid hoe ik engels praat;p

18 november gienen we bij Spaans myn jierdei en die fan Jennifer fieren. Jeetje net normaal wat ik allegear kriegen ha! In subway, cola, in hele poede chips, in cheesecake, in toske mei in chocolade reep en allegear oar snoep, parfum en in pear sokken mei antislip dinkjes derunder;p
De junes natuurlijk nei Twilight west! Ten eerste wie die bioscoop echt ongelofelijk grut, en ten twadde wie in cola $5. Miranda en ik mar in medium dwaan, wat natuurlijk XXL is. Ik foen disse film echt super!:D De earste kear dat ik myn eachen net ticht hie, haha. En no matte we wer in jier lang wachtsje...

19 november wie it dan safier, myn Amearikaanse 17th Birthday!
Eindelijk al myn cadeautsjes ut The Netherlands utpakke, waaah, echt super leuk! Dankjewol iederien, en ek foar al de kaartsjes! Myn hele muorre hinget sa starig oan fol.
Dernei bin ik nei it tsjerke west, want it wie skjinmakdei, erg leuk om in jierdei te begjinnen. Wat al helemaal leuk wie, der kaam gjinien fan de youthgroup opdagen, dus wie ik der allinich mei twa alde bepkes, ha je dat wer. Gelukkig kaam Hanna letter toch nog, dus we ha de bankjes poetst en potleaden sliepe. Toen ontdekten we donuts en wie it skjinmeitsjen foar us foarbij.
Toen ik tus kaam hie ik oapraat om even mei heit en mem te skypen. Toen kaam de ferassing, ÁL myn frienden (hihi) wienen der. Dat wie écht it moaiste cadeautsje, SUPER!! Dernei nog nei in Christmasfair west, der wie in man die myn swarte kettinkje wer silver makke hat;p De junes ut ieten west, eindelijk wer ris lasagne han, heerlijk. Dernei wie it natuurlijk tiid foar myn birthdaycake, myn lievelings, in echte Dutch Apple Pie! En toen wie ik 17, joepie!

De sneines derop binne we nei Sanibel Island west. Dat wie echt heel mooi, it is in heel stik nei it suden dus de begroeing wie folle tropischer. We wienen nei in restaurant, de bubbleroom, wer it personeel nog foar my songen hat, hihi.

En toen, thanksgivingbreak! Ein-de-lijk. Ik wie echt sa ta oan de gedachte allinich al fan gjin skoalle. Een erg drokke wike, dat wol, mar heerlijk utrust. Ik lit alle details wol even fuort, tink bij elke dei nog mar in pear acties as nei in winkel of nei it park ofsa;p
Mandeis binne we te swemmen west. Heerlijk, swemme op 21 november! (Yn it butenswembad)
De tiisdeis ha ik nei it postkantoorwest, jeej. De middeis nei Safety Harbor, wer we ieten ha, en nei de bieb. Trije kear riide, selfs der ha se in drive through foar!
Wansdei te hjoen binne we nei de boekwinkel west, en der hienen se in puzzel fan Jan van Haasteren! Dat is leuk. Sinterklaas stie der ek op.
Tongersdei wie it Thanksgiving! Op disse dei fertelle de Amearikanen wer se dankbaar foar binne, en se tinke oan de pelgrims die nei Amearika kamen. We ha foar lunch bij de Lucky Dill ieten. ‘Safolle ast iete kinst'. Jawis, se joegen us fuortendalik in hele panne fol mei kalkoen en rjappels, wa kin dernei nog mear iete? Toen wie it tiid foar it dessert, we mochten ut de bakkerij helje wat we mar woenen! Mar ik hie al fjisten te folle han, ik ha ik mar bij drufkes halden. Dernei nei it park west, en de junes ha we Gnomeo en Julia sjoen, de film. Echt sa leuk.
De freedtes wie it Blackfriday. De measte winkels geane dan middernacht iepen, en ha se koartingen fan 50% of mear! Jammer genoach siet middernacht winkelje der net ien L We ha de moarnes nei wat winkels west, en wonder boven wonder ha ik neat kocht. De middeis binne we nei St. Pete west, wer we in foegel kocht ha! Hihi. Hij is echt leuk. Hij hiet Tweety, en it is in Parkiet.
Juster binne we nei Wiregrass Mall west, wer we ieten ha en in ljochtshow mei ‘snie' besjoen ha! Dat wie ek erg leuk, yn it himtsje yn de snie.
Nou fannemoarn bin ik nei it tsjerke west, en fannemiddei sil ik te iceskaten! Yn it winkelcentrum, jaja.

Moarn mar wer nei skoalle.. Ik sil net treure, mar trije wieken en dan alwer winterholidays!

Amearikanen die in nije dyk oanlese binne trouwens ek wol erg slim! At se it asfalt deroa helje sette se piontsjes del op it plak wer se besig binne, it ferkeer mei der gewoan oerhinne riide. Ferfolgens, at se it nije asfalt op de dyk lese, itselfde proces. Wer se besig binne komme piontsjes, en op de oare plakken mei it ferkear gewoan troch riide! Erg handig.

Drivethrough dus foar de bieb, en ek foar de bank. Se binne jir gewoan erg lui...
Krekt as bij de supermarkt. Minsken njimme jir net hun eigen kratsje mei, nee, alles wurdt foar hun ynpakt yn plastic toskes! Dus wolst net witte hoefolle plastictoskes der op in dei troch hinne geane yn san supermarkt. Oer milieuferfuiling sprutsen!

Nou dit wie it mar wer foar hjoed,

Oant de folgende kear!

Reacties

Reacties

Fan Beppe

wat weer een verhaal he geweldig wij zijn weer helemaal op de hoogte. Wel weer van alles beleefd , en wat een mooie foto s. Nou die taart zag er toch wel lekker uit of niet soms. Niet te geloven dat je daar met een topje aan loopt heerlijk die warmte. En dan die mooie foto in het zwembad, en de kaarten die je allemaal gekregen hebt, geweldig.Nou Hil tot de volgende keer en geniet van alles daar. Lieve groetjes van pake en beppe.Doeiiiiiiiiiiiiii.

Imca

Tjonge jonge, wat in moai ferhaal.
Hjir siet ik alwér mei smacht op te wachtsjen.
Wat belibbest do in soad moaie dingen en wat dogge jimme in protte. En mar ite en mar ite, restaurantsje hjir, restaurantsje dér (ha, ha). Dér mar lekker fan genietsje Hilda.

Hjirby de groeten fan Ășs allegearre en in dikke tĂșt.

Protte leafs Ășt Winsum.

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!