Woche 1 und Berlin

Hee!

De earste wieke is alwer foar by, it giet echt heel snel. We ha it dan ek ontsettend drok, dus der sitte nog lange ferhalen oan te kommen!  

Snein 20 juli wie de introductie dei. We ha earst mei de hele groep ontbeten, der binne 55 studenten fan heelfolle ferskillende nationaliteiten. Spanje, Tsjechie, Ruslan, Albanie, Hongarije, Italie,  Griekelan, India, Iran, Israël, Oezbekistan, Brazilië, Amerika, Senegal, Oekraïne, Letlan, en we binne mei trije Nederlanders. Ik ferjit ek nog in pear mar der kin ik sa net opkomme. It is heel interessant, al die culturen, we lere echt heel folle fan elkoar! Nei it ontbijt hienen we in Dutse test om te sjin wat foar level ast sist. De junes hienen we nog in Welkomst Ceremonie en een Duts diner mei iederien.

Mandei 21 juli wie de earste skoalle dei. Elke dei fan 08.30 tot 11.45 ha we Musiek Therapie. We lere jir allegear instrumenten bespieljen, sa as djembe en txalapatra. Fjirder doche we ek allegear oefeningen die us leraar brukt tiidens de therapie sessies die hij jout oan bern mei in beperking of psychische problemen. Echt heel interessant, we lere hele folle. Fan 12.45 – 16.00 ha we Duts, en ik mat sese dat it best snel giet mei it leren der fan. We ha elke dei itselfde skoalle roaster. Mandei te june ha we use earste Salsa les han, en it wie echt heeel leuk! It is net heel ingewikkeld, ast in bytsje ritme gefoel hast dan. Dernei ha we nei in tsjerke ceremonie west yn ien fan de aldste tsjerken fan Europa. De basis fan de tsjerke wie bouwt yn it jier 820. Echt heel moai! Dernei binne we nog nei in salsa party west yn in club/bar. Der moesten we hinne fan us musiek leraar en salsa leraar, die wienen der beide ek.

Tiisdei 22 juli hienen we earst wer gewoan skoalle. Tusken de middei kinne we op skoalle warm ite, ideaal. Fuort ut skoalle binne we earst nei it kasteel fan Fulda gien, wer we in taspraak fan de burgemeester kriegen ha. Hij freege oan alle deelnemers fan de partnersteden fan Fulda, dus ek Dokkum, om de groeten tus te dwaan, oan alle Dokkumers, dus bij disse. Dernei ha we in tour troch de sted kriegen. Fulda is echt heel moai, en ald. De stedsmuorren steane der foar in grut deel nog, en der sit gewoan ontsettend folle historie yn disse sted! Omdat it yn it midden fan Dutslan leit, is ek heel folle bewarre bleaun tiidens de oorlog. Natuurlijk ha we it standbeeld fan Bonifatius ek besjoen, nije wieke geane we syn graf nog besykjen yn in geweldig moaie tsjerke.

Wansdei 23 juli binne we wer nei skoalle west, en de middeis hienen we even frij. De junes ha we in Bar Tour troch Fulda dien, we ha uteindelijk mar twa bars besocht, maar it wie wol heel gesellig!

Tongersdei 24 juli hienen we in koarte skoalle dei, de lessen duorden mar 90 minuten. De middeis kaam er in man foto’s meitsjen ter promotie fan de Internationale Simmer Universiteiten yn heel Hessen. Disse fotoshoot hat san 4 oeren duorre, ja de perfecte foto fan 55 chillende studenten wie sa makkelijk nog net. Dernei ha we nog barbecued, mei Dutse woarst en bier. 0.0% naturlich.

It wiekein ha we nei Berlijn west! Freed binne we om 9.11 yn de trein stapt en 12 oere stienen we al yn de sted. Leuk, san trein fan 300 km/u! Nei dat we yncheckt hienen yn it hotel ha we nei it Sony Center west om wat te iten, turks natuurlijk, die binne jir oeral. Ferfolgens hienen we in guided tour langs de belangrijkste sightseeings yn Berlijn. Jammer genoch reinde en onwaarde it, maar desondanks ha we fanalles sjoen! Selfs it hus fan Angela Merkel, haha. We ha trije oeren ron, en dernei ha we mei de hele groep yn in restaurant wat iten. Ferfolgens soenen we mei in pear nei it Internationales Straβentheater Festival, “Berlin Lacht!”, allinich wie it foar die june oalost yn ferban mei de rein. We ha nog wol even wat run ron op Alexander Platz, wat froeger it centrale plein fan Oost Berlijn wie. Letter soenen we mei ien fan de tutoren nei in bar ta, en toen we der nei twa oeren rinnen oankamen bleek it 21+ te wesen. De tutor hat us utlein hoe we mei de bus werom koenen, en run 1 oere ofsa hienen we us hotel wer bereikt.

Yn Berlijn is it onmogelijk om alles te berinnen, en derom hienen de measten fan us in 48 oeren ticket kocht, fuort nei dat we oankamen. Koenen we gebruk meitsje fan de bus, tram, trein en metro sonder dat we heeltiid in kaartsje hoefden te keapjen, ideaal! Gelukkig wie der heeltiid wol in tutor mei at we de metro brukten, want wat in ingewikkeld systeem.

Sneon te moarne ha we mei in pear famkes oan it winkeljen west, we hienen earst wol genoch fan it runrinnen, en it wie ontsettend waarm. We gienen wer nei Alexander Platz, en dit kear wie it festival wol oan de gong, dus der ha we ek nog fanalles fan sjoen! Fjirder wie der ek in grutte markt, en we ha wat souvernirs kocht. Natuurlijk ha we de Primark net oerslein, want myn Hongaarse klasgenoatsje Alina hie der nog noait fan heart. De middeis ha we nei it Parlements gebouw west! Dit wie allegear heel officeel, we moesten troch security poortsjes sa as op in fleanfjilt, en se ha us paspoorten controleerd. Alina waar selfs oan de kant set omdat se iets ferdachts yn har tas fun hienen, namelijk in pen. Toen ha we in hele rondleiding troch it gebouw han, yn it Duts ditmaal, omdat de engelse groep fjiste grut wie natuurlijk. Ik kaam er achter dat myn duts nog net optimaal is, mar die man mompele ek mar wat dus miskien wie dat de oorsaak. Ik bliuw oefenjen! We ha ek nog boven op it gebouw west, wer we utsicht hienen oer heel Berlijn, echt heel moai. Ferfolgens binne we mei in pear nei in beach club west, in bar oan it wetter. We moesten ek nog ite, mar toen we wer by Sony Center kamen gie alles krekt ticht, 9 oere al, noujaa. Uteindelijk binne we by de 24/7 McDonalds terjocht kaam, altiid goed. Nei it iten ha we nog wer even nei de Brandenburger Tor west, want op heelfolle ansichtkaarten stie der op de foto mei allegear ferskillende kleuren ljochtjes, en dat woenen we graag even sjin. Natuurlijk foel dat in bytsje tsjin, it wie ferljochte jaa, mar net mei kleurkes. Allinich geel dus. Mar desondanks wie it heel moai, en ha we ek nog wat foto’s meitsje kinnen sonder de rein fan freed.

Hjoed, snein, ha we in boat tocht makke! It wie heel leuk om Berlijn fanof it wetter te sjin. It jammere wie dat myn audioguide net helemaal wurke. Hij spiele allinich mar wat musiek oa, en hij begon soms oer gebouwen te fertellen die we allang foar by wienen. Maar mei de moaie piano musiek wie de boattocht ek heel leuk. Om 15.39 binne we wer yn de trein stapt. Dit kear gienen we heel wat langsamer, en koenen we ek wat fan it lanskap besjin, oas dan in griene streep. Moai om te sjin hoe it fan heel plot nei steeds mear heuvelachtig gie, en toen we uteindelijk wer troch de bergen moesten riide omdat we der net mear omhinne koenen, wisten we dat we bijna wer by Fulda wienen! 19.50 wienen we uteindelijk wer by de Bahnhof.

Moarn matte we gewoan wer nei skoalle, dus ik sil nog mar even oan it huswurk, want ja, dat giet ek gewoan troch.

De foto´s komme oait nogris, ik sit namelijk nog mei itselfde probleem as yn Florida, 399 fan de 400 fotos op brukt. Wordt aan gewerkt

Laughing


Oant nije wieke!


Reacties

Reacties

Dina

No Hilda wat wer in moai ferhaal hast skrean.
Al heel wat belibbe.

noch mar in protte wille en oant de oare kear mar wer.

groetsjes ut la france fan us WyDiFaEe

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!