ISU Fulda

Hoii,


Hjir bin ik ek wer ris.

Laughing

Op dit moment sit ik yn Dutslan, en we bin frege om in blok by te halden, dus dan doch ik dat fuort ek mar, foar dat ik alles ferjit ensa.

Ik bin yn Fulda, en folgens it kaartsje dat jirby sit leit dat ergens yn it midden fan Dutslan. Ik tocht eerlijk sein folle mear nei it suden, oepsie. Ik bin jir omdat ik fia Dockinga en it vriendschapscomite Dokkum - Fulda in beurs kriegen ha om fjouwer wieken op de Hochschule (sees mar HBO) te studeren. It is in internationaal programma, dat Hessen International Summer University Fulda naam wurd. It is in programma mei allegear studenten ut ferskillende lannen, iederien behalve Dutsers sees mar. We geane jir fjouwer wieken nei skoalle, elke dei fan 08.30 tot 16.00. Jir ha we moarns in seminar die we self utkiese mochten. Koest kiese ut dingen as Armoede, Migratie, Interculturele Communicatie, de Dutse cultuur en geskiedenis, en musyk therapie. Ik ha die leste koasen, gjin swiere onderwerpen yn de simmer.

Nei skoaltiid ha we allegear activiteiten. Ik gean ien kear yn de wieke salsa dansjen en kanooen. Ik bin beneid want folgens my kin ik beide net sa goed. Koest ek nog volleyballe, iten siere en fotografere. Dan ha we dernei juns nog dingen sa as film jun, barbecue, spultsjes, diner mei us allen, wandelingen, fiets tochten, etc.

Derneist geane we elk wiekein nei in oare sted. Kommend wiekein geane we nei Berlijn, die wieke dernei nei Keulen, en fjirder nog day trips nei Frankfurt en nog twa oaren mar die bin ik even ferjitten.

Ik sliep yn in studenten keamer dat underdeel is fan in grut appartement. It is fan in famke die foar de simmer fuort is, en alles oprume hat sa dat ik er der yn koe.

Foar wat ik tot safier fan Fulda sjoen ha is it in hele moaie sted. Se ha fannewieke kermis, wat jir krekt wat te ticht by is. Hopelijk ha se jir oare draaimune musyk as yn Dokkum. It appartement wer ik ferbliuw is boven op in berg, of heuvel, dus dat wurd in moaie klim elke dei!

We bin jir hjoed hinne riiden dus op dit moment ha ik werkelijk nog niks te fertellen fjirder!
Ik wit ek net echt wat ik fan skoalle ferwachte mat, mar dat komt fannewieke wol.
Jim lese it wol! Yn ieder gefal stiit op isu-fulda.de wol mear informatie oer dit alles, foar iemand die dat graag witte wol.

Tschüss! (It ienige Dutse wurd wat ik hjoed brukt ha, ik lear it wol!)

Reacties

Reacties

Dina

Hé Hilda,
Wat moai dast dyn afontoer deelst.
We sjuch ut nei dyn ferhalen.
We winskje dy in moaie leersamme gesellige tiid ta.

groetsjes fan us WyDiFa

Imca

Hey Leave Hilda,

Wat moai om dy wér op de fût te folgjen.
Wy binne wér tige nijsgjirrich nei dyn ûndernimmingen. En foaral net ferjitte te genietsjes fan sa'n grutte kâns.
Meitsje dér wat fan en wy hâlde fan dy.

Leafs fan Imca en de rest ;-)

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!